Tsead Bruinja Dichter des Vaderlands
Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Yn dit dossier in seleksje fan de bydragen dy’t earder mei en oer de nije Dichter des Vaderlands publiseard binne yn ‘de Moanne’.
Friezen gongen Dutch op syn Skotsk
ARJAN HUT – As ik tink oan Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar op StAnza, it poëzijfestival yn Skotlân, dan sjoch ik Sigrid mei in grutte, blauwe, selsmakke iiskristalshurikenboomerang op it poadium stean te swaaien. Dan sjoch ik Geart dy’t op in wetterfyts oer de weagen fan de Noardsee in selfy makket mei in pear boartuorren op de […]
Prate yn de leechte fan in nije wrâld
ARJAN HUT – De bondel ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’ ferskynt rûchwei in jier neidat Tsead Bruinja beneamd is ta Dongeradichter. Ien fan de gedichten, it lange ‘foarlopich lân’, wurdt in pear kear yn de wike fan it OBE-paviljoen ôf op de Aldehou projektearre. De twatalige útjefte (Fry/NL) is opmakke as in hantlieding, […]
Presintaasje ‘It Faderpaard’
ARJAN HUT – “Eins hie it Tsjêbbe hjitte moatten, ynstee fan Obe.” Gasthear Geart de Vries spriek ôfrûne freedtemiddei yn Tresoar by de presintaasje fan Het Vaderpaard / It Faderpaard, it sammele wurk fanTsjêbbe Hettinga, foar in seal fol skriuwers, dichters en pommeranten dy’t it grif mei him iens wiene. Sterker noch, in pear dagen […]
It plak fan Tsead Bruinja
FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN – It is heal febrewaris en der wurdt hjoed in rekôr brutsen. Wie it trije dagen lyn noch in pear graden ûnder nul en moasten de redens út it fet, no is it suver maitiid en hellet it kwik de 15 graden. It is de waarmste febrewarisdei sûnt […]
Poetic Potatoes 2016
Begjin oktober binne foar it tredde jier gedichten foar it projekt ‘Poetic Potatoes’ ferstjoerd nei Malta. Tegearre mei de earste Fryske poaters binne de gedichten fan Janneke Spoelstra, Tsead Bruinja, Geart Tigchelaar, Yva Hokwerda en Simon Oosting op transport set nei Valetta. ‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge […]
Wa en wat lit ik sjen?
TSEAD BRUINJA – Atst Renger yn in pear rigels útlizze moatst, wat seist dan? It hinget derfan ôf wa’t it freget. At in Fries it witte wol, sis ik dat it giet oer ús heit, dy’t boufakker wie yn ’e Wâlden, in man dy’t oanlutsen waard troch minsken dy’t frij yn it libben stiene en […]
De Fryske Kaspar Hauser
Op sneon 3 oktober is der in feestlike ôfsluting fan de eksposysje HAUSER fan Annemarie Estor en Lies van Gasse. ‘de Moanne’ en Tresoar hawwe fiif dichters frege om mei harren eigen ynterpretaasje te kommen fan it Kaspar Hauser ferhaal. Elske Kampen, Anne Feddema, Arjan Hut, Eeltsje Hettinga en Tsead Bruinja bringe jo in oere […]