• 17 juli 2017

    Doch ek mei oan Pennel! Stjoer dyn ferhaal of gedicht yn. En wa wit wurde dyn wurden publisearre! Lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije gedichten en ferhalen fia de Pennel-app. Of skriuw sels! De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets.   De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en [...]

  • 28 januari 2015

    HARM DAMSMA -  Doe’t we lang om let de aula yn mochten – de neiste famylje wie nochal oan ’e lette kant west – kaam ús Wiener schrammelmusyk temjitte. It wie it ferneamde tema fan ’e film The Third Man, dat ik seach daliks it reuzerêd fan it Prater foar my, en dy glûpske kop fan Orson Welles. En de neioarlochske rioelen fan Wenen fansels. [...]

  • 4 juni 2014

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearret de Moanne it projekt 'De Marboei'. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Yn dizze fideo fan Remco de Vries skriuwer Jaap Krol op de Sleattemer Mar. "Ik fyn de natuer wol [...]

  • 29 november 2013

    Okkerdeis stie it folgjende berjocht yn’e krante:   Ferneamde aap Cheetah ( 1932 – 2012 ) út ’e Tarzan-films ferstoarn.   Cheetah, de ferneamde sjimpansee út ’e Tarzan-films, is op 80 jierrige leeftyd ferstoarn oan in niersykte. Sa berjochte it opheintehûs yn Florida dêr’t de aap ferbleau juster. Hy is ôfrûne sneon ferstoarn. Cheetah spile yn’e tritiger en fjirtiger jierren fan’e foarige ieu yn ’e [...]

  • 19 februari 2009

    HARMEN WIND -   It wie in drokte fan komsa yn Fûgelwrâld. In keppel guozzen wie yn de skrep om in toaniel op te bouwen, in swarm swellen sylde troch de loft om oeral it nijs te bringen fan de wedstryd dy’t kommendewei wie. Hinnen stoden hinne en wer om romte foar it publyk te meitsjen en oeral klonk getsjotter en geskatter, en saaiden trillers [...]