• 16 januari 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Tongersdei 15 jannewaris gie it stik ‘Jopie, de teaterfoarstelling’ yn premjêre yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. De foarstelling oer de ferneamde keunstskilder wurdt spile troch Thijs Feenstra (1959), sels ek berne yn Warkum. Mei help fan lûdsfragminten en filmbylden yn in dekôr fan skilderijen nimt er ús mei nei de wrâld fan Jopie, mei as ien doel: it [...]

  • 15 januari 2015

    De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Abe de Vries is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht ‘Fisk yn ’e arke’.   Fisk yn ’e arke en doe siet ik yn myn eigen kop fan blik mei oan alle kanten ruten om my hinne it mantsje mei de yankeenamme doe wie ik it sels [...]

  • 14 januari 2015

    De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Elske Kampen is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Sy lies it gedicht ‘It is de wei’. Moarn is de beurt oan Abe de Vries, hy lêst it gedicht ‘Fisk yn 'e arke’. It is de wei foar hans It is de wei dy’t elkenien giet, mar hiene der gjin oare wegen west? Sydwegen, [...]

  • 14 januari 2015

    TJITSKE VAN DIJK -  Gerke is gek op auto’s. Yn syn plakboek sammelet er fan alle merken de moaiste plaatsjes fan ‘e nijste modellen. En hy plakt se net allinnich yn, hy wit der ek noch alles fan. Kinst sa’n drege fraach net betinke, of Gerke wit it antwurd. As syn mem him jûns op bêd bringt, hat Gerke neat leaver dan dat mem him [...]

  • 13 januari 2015

    EPPIE DAM -   Ik woe in lytse Marseillaise Ik woe in lytse Marseillaise, om mins en mienskip no oerein, mar koe de wurden amper lêze yn wazen ús temjitte slein. En noch sil ik yn tûzen bochten om kûgels en skerpsliperij te liif mei dy grize meldij: de frijheid fan geast hjir befochten. Dy’t fan de wierheid alles witte, se lizze dij koelbloedich plat, [...]

  • 12 januari 2015

    TAMARA SCHOPPERT -  Wannear’t ik dit skriuw, rinne de strjitten fol yn Parys. Ik bin taskôger fan dizze bylden, wylst ik wit dat elk fan ús, spiler is yn dit ferhaal. In histoarje dy’t we ek noch mei ús allen fierder skriuwe moatte. De rol fan Charlie wurdt troch in soad minsken claimt, nee, in Charlie bin ik net, ik spylje graach in oare rol. [...]

  • 6 januari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Elk jier, om krysttiid hinne, yn 2014 foar de fyfde kear, wurdt yn it Posthús op It Hearrenfean in famyljemusical brocht, meast jûns, mar ik kies foar in foarstelling op sneintemiddei yn de ferwachting tusken de gibeljende en gekjeiende bern te sitten. Der binne yndie bern, mar toch benammen fyftichplussers dy’t op it fenomeen Rients Gratama ôkomme. En in fenomeen is it. Gratama [...]

  • 5 januari 2015

    Bêste Sjinkie, Fan weromsjen wurdst net gelokkich. Ik tenminste net. Bin der net goed yn. 't Is ommers altyd lijen en ellinde. Persoanlik fertriet en grutte drama's yn de wrâld. It jieroersjoch fan it Journaal, dat is dochs in stik as 35 brokken yn de kiel weislokke. En jin mismoedich realisearje dat jo takom jier wer op krekt deselde wize sitte te sjen nei de [...]

  • 31 december 2014

    ERIK BETTEN -  De gatten falle yn de flier, it ljocht hat syn kueren en der lekt wolris wat. Dochs is Zalen Schaaf de húskeamer fan Ljouwert. It is ek in magysk plak dêr’t de tiid oars ferrint, in plak fan ûnthâld. En ‘Schaaf’ is noch hieltyd it grutste poadium fan de stêd. De fraach is wol hoelang noch. Formeel hyt it tsjintwurdich Muziekcentrum Schaaf, [...]

  • 30 december 2014

    THEUN DE VRIES -  (Ets: José Witteveen)   Bjusterbaarlike dingen binne der bard yn 'e goede stêd, doe't Doktor Faust, de Satansfreon, op syn wrâldreis ek Ljouwert oandie. It trekskip fan Dokkum lei oan by it Noardlik Stedsein en hy stapte út. Klaaid yn in fluwielen mantel, de skonken yn hege kapelearzens en mei in degen dy't rinkele fan it sulver gie er de stêd [...]