Jopie, de teaterfoarstelling

NYNKE VAN DER ZEE – 

Tongersdei 15 jannewaris gie it stik ‘Jopie, de teaterfoarstelling’ yn premjêre yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. De foarstelling oer de ferneamde keunstskilder wurdt spile troch Thijs Feenstra (1959), sels ek berne yn Warkum. Mei help fan lûdsfragminten en filmbylden yn in dekôr fan skilderijen nimt er ús mei nei de wrâld fan Jopie, mei as ien doel: it gewoane boppe it gewoane úttille.

De museummuorren yn Warkum binne keal. Alle skilderijen hingje tydlik oan de oare kant fan de dyk yn ôfwachting fan de grutte ferbouwing fan it Jopie Huisman Museum. Yn it stille museum bringt Thijs Feenstra de ferneamde keunstner lykwols foar efkes wer ta libben. Under lieding fan regisseur Pieter Stellingwerf en teaterfoarmjouwer Kees Botman fan BUOG nimt Thijs ús mei op in reis troch it libben fan Jopie. In reis dy’t wûnderlik genôch begjint yn Thijs syn eigen berteplak.

It begjinpunt fan de reis
Noch gjin 150 meter fan it hûs fan Jopie Huisman wurdt Thijs yn 1959 berne. It is it jier dat de keunstskilder beslút te ferhúzjen. “Ien en oar hie lykwols neat mei-inoar te krijen, hear”, seit Thijs. Hy hat noch altyd moai herinnerings oan syn jeugd, wêrby’t it stikje polderlân mei de namme de Holle Mar in haadrol spilet. En lit dat ek presiis it plak wêze dêr’t Jopie in soad fan syn tiid yn Warkum trochbrocht. “Hjir op dit prachtige plakje reitsje ús beide libbens inoar”, knikt Thijs. “Fandêr dat dit it begjinpunt is op ús reis op syk nei de man efter de keunstner mei it sjekje en it ribflewielen jaske.”

 

“Wy besykje mei dizze foarstelling in nij selsportret fan Jopie te meitsjen.”

 

Dat de manlju fan BUOG witte hoe’t se de kwaliteiten fan harren omjouwing brûke moatte, ha se yn de rin fan de jierren mei ferskate ferrassende en boppe-al ymponearjende stikken wol sjen litten. Ek yn dizze foarstelling spylje bylden fanselssprekkend in rol, mar net de haadrol. “Wy litte it byld dit kear net it wurd dwaan”, leit Pieter Stellingwerf út. “De skilderijen fan Jopie binne puur funksjoneel of foar de sfear.” Doel is om de besikers oan te setten om te sjen sa’t Jopie sjocht. It gewoane op te tillen en der sa wat bûtengewoans yn te sjen. “Dat is in keunst dy’t Jopie as gjin oar ferstie”, fynt Pieter. “Hy koe ús troch materiaal hinne minsken sjen litte. Us útdaging is om troch syn materiaal de echte Jopie sjen te litten.”

Op bleate fuotten troch de madeliefjes
Dat bylden net allinnich it ferhaal fan Jopie fertelle kinne, blykt út de prachtige teksten dy’t toanielskriuwer Bouke Oldenhof op papier set hat. Yn opdracht fan BUOG gong er mei in stik oer Jopie oan de slach. Dat begûn alderearst mei in kuier troch it stedsje, wêrby’t sawol Thijs as Pieter harren jeugdherinnerings oan Warkum ophellen. Want ek Pieter syn widze stie flakby it hûs fan Jopie. “Al kuierjend kamen de moaiste ferhalen wer nei boppe”, fertelt Thijs. Ynspiraasje dy’t Oldenhof op ûnsichtbere wize ferflechte mei it ferhaal fan Jopie. Sa rinne beide libbens, dy fan Thijs en Jopie, njonken inoar en trochinoar hinne yn de foarstelling. “Jopie lit my as it ware nei myn eigen libben sjen.”

Om yn de hûd fan de keunstskilder te krûpen, lies Thijs alles wat der oer Jopie skreaun is. Boppedat mocht er him yn de hannen knipe mei de prachtige opnames dy’t fan Jopie bewarre bleaun binne. “Nim bygelyks it ynterview wêryn’t er fertelt oer syn skilderij fan de madeliefjes”, jout Thijs as foarbyld. Mei donkere stim draach er in part út it ynterview foar. “Het land hier om mijn huis is van mij. Wat de notaris betreft is er geen grassprietje van mij bij, maar ik mag hier rondstruinen door brandnetels en distels. Ik kijk steeds vlak voor mijn poten, zodat ik niets beschadig van wat ik kostbaar vind. Want ik houd meer van madeliefjes dan van een etalage van de juwelier. Dat jout sa byldzjend oan hoe’t Jopie yn it libben stie.”

In nij selsportret
Bewust is der keazen om yn de foarstelling in kleurryk, mar tagelyk ek sa objektyf mooglik byld fan de skilder del te setten. “It giet ús net om it priveelibben fan Jopie”, seit Pieter mei klam. “Wy woenen gjin Soapy Jopie meitsje en ek gjin Popy Jopie. We wolle gewoan sjen litte wa’t dizze opfallende en tagelyk dochs ek ûnsichtbere man wie. Troch nei syn ferhalen te lústerjen en nei syn wurk te sjen, besykje wy in nij selsportret fan him te meitsjen. In toanielfoarstelling is eins ek in portret, mar dan mei oare middelen. En hooplik sjogge minsken oan de ein dizze foarstelling oars nei Jopie as minske en as skilder.”


Ek benijd nei Jopie, de teaterfoarstelling? Om’t alle kaarten rap útferkocht wienen, is besletten om twa ekstra foarstellingen yn te plannen. De ekstra foarstellings binne op 28 en 31 jannewaris. Kaarten bestelle kin op de webside.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.