It is de wei
Publisearre op 14 januari 2015
De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Elske Kampen is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Sy lies it gedicht ‘It is de wei’. Moarn is de beurt oan Abe de Vries, hy lêst it gedicht ‘Fisk yn ‘e arke’.
It is de wei
foar hans
It is de wei dy’t elkenien giet,
mar hiene der gjin oare wegen west?
Sydwegen, omwegen, flechtwegen,
paadsjes om hurd út te naaien,
hagen om trochhinne te krûpen,
in hoale dêr’t net ien dij fine kin.
It is de dei dy’t elkenien wachtet,
mar koe er net ferskood wurde?
Noch in maitiid, noch in simmer,
dan in hjerst, en op ’e nij in winter
mei it iis al hast wer út ’e sleatten –
noait in seizoen dat dij ferfeelt.
It is de wierheid dy’t elkenien ken,
mar hie it in slimme leagen west
as we sein hiene: it is net sa,
as we leaud hiene: it kin noch oars,
de werklikheid geweld oandiene
mei in leugentsje om libbenswil?
It is de oere dy’t elkenien wit,
mar no noch net, do noch net.
Do bist noch túnman, ferver,
fûgelfolger, master, sinnebaaier,
boekelêzer, skilder – al wat net.
It is te rymjen foar in dichter,
net foar in freon. Mar ik lit dy gean.
Eppie Dam, Fallend ljocht. Friese Pers Boekerij, 2014. 80 siden, as Boek fan de moanne mar €10,00.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]