De tiid hâldt skoft yn Skaaf

Publisearre op 31 december 2014

ERIK BETTEN – 

De gatten falle yn de flier, it ljocht hat syn kueren en der lekt wolris wat. Dochs is Zalen Schaaf de húskeamer fan Ljouwert. It is ek in magysk plak dêr’t de tiid oars ferrint, in plak fan ûnthâld. En ‘Schaaf’ is noch hieltyd it grutste poadium fan de stêd. De fraach is wol hoelang noch.

Formeel hyt it tsjintwurdich Muziekcentrum Schaaf, mar dat hat in ûngemaklike klank. It is al jierren ‘Zalen Schaaf’, of foar de echte Ljouwerters noch koarter ‘Skaaf’. It hat in grutte seal mei plak foar tûzen minsken, twa bars, in foyer dêr’t ek in lyts poadium yn oanbrocht is, en in túnseal mei tagong ta in ûnferwachte binnentún, omwâle troch balkons fol kratten pils, it skaaimerk fan studintewenten. Der wurdt dûnse, der binne konserten, mar ek besletten feesten fine dêr plak. Yn it hert fan it Speelmanskertier – de âlde Joadske wyk – dat mei rjocht it histoarysk meast beladen plak fan Ljouwert neamd wurde kin.

Dy lading strekt him út ta it kompleks fan Schaaf. Elts hat syn eigen Schaaf-oantinken, en wa’t nei lange tiid weromkomt, fynt dy âlde herinneringen hast ûnferoare werom. Dat it dekor ûnoantaast is troch fernijingen helpt it ûnthâld, mar der spilet mear. It is as rinst in tiidkapsule binnen, wêryn’t it gronologyske ûnderskied ferfalt. De romte, de ljochtfal, in dekorstik bepaalt hokker part fan it ferline him oppenearret. Dat konsert fan de Kilima Hawaiians, dy earste dûns mei dy earste leafde, of in dronken sêne dy’tst leaver fergetten wiest.

Ek foarby it persoanlike hâldt Schaaf dy sfear fan gronologyske betizing. Carel Nout liedt my rûn troch it gebou, dat hy sûnt 2010 fan de gemeente pachtet. ‘Uitbater’ is net it goeie wurd, want fan baten kin Nout net sprekke. Mar dêroer letter mear.

 

‘Wy hawwe hjir Motörhead hân. Bûten hearden je neat.’

 

Steapele ieuwen
Al by de yngong wurdt dúdlik dat it Muziekcentrum net in teater is dat alle trends folge hat. De foyer is yn de jierren njoggentich wol fernijd, mar it âlde loket hat in nije funksje krigen as útjeftepunt fan konsumpsjemunten. De bar is boud troch mister Skaaf, Hein Boelens – de lang pensjonearre toanielmaster. ‘Ik neam him altyd de direkteur’, seit Nout. ‘Dit hat er allegear sels makke, en it sjocht der as nij út. Oerdeeglik.’

De âlde tegelflier is noch te sjen yn de lobby, en dat is mar ien fan de withoefolle histoaryske spoaren dy’t Schaaf ryk is. Hjir leit de skiednis soms letterlik foar it opkrijen. Yn de romte efter de bar lit Nout dat sjen. ‘In gevelstien mei it jier 1697 derop. Dat sil fan ien fan de gebouwen hjir west ha.’ Dat is no in romte foar grutte biertanks, mar yn de flier lizze de bloedputten fan de eardere joadske slachterij oan de Breedstraat. Grutte rûne stroffelstiennen, swijende tsjûgen fan de swartste side út de Ljouwerter skiednis, dy’t krekt yn dit kertier de djipste wûnen slein hat.

De oarsprong fan it sealekompleks en poadium leit yn in eardere perioade fan maatskiplike omkearing. Yn 1797 kocht timmerman Gerrit van der Wielen de ôftanke katolike skûltsjerke efter de Sacramentsstraat en makke dêr in sintrum foar de opkommende boargerij fan de stêd fan. Op de ferdjipping boude er de gearkomsteseal fan it Phijsisch Collegie, want foar natuerwittenskiplike eksperiminten wie in grutte belangstelling by de begoedige boargers. Foar dyselde doelgroep kaam der ûnder in algemiene gearkomsteseal en in kolfbaan. Frânske soldaten en amtners stapten ek om yn Ljouwert, en it ferlet fan fertier ûntgie Van der Wielen net. Yn 1810 boude hy yn de tún in konsertseal, yn 1817 útwreide mei in aparte yngong oan de Breedstraat en nije lokalen. De nôthannel, it Friesch Genootschap en de Maatschappij tot Nut van het Algemeen fûnen yn de 19e ieu allegear har plak by ‘Van der Wielen’.

By HCL binne de programma’s noch bewarre fan de oansprekkende konserten op it poadium fan it teater. Opera’s waarden opfierd, ynternasjonaal ferneamde fioelisten spilen dêr. Ut dy tiid, de twadde helte fan de 19e ieu, stamt ek de grutte seal. Doe noch mei rigen pylders fan getten izer deryn, dy’t it sicht op it toaniel fanôf de sydkanten fan de seal behinderen.

 

‘Hjir spoeket it’, seit Nout mei in glimke. ‘It is de geast fan Nel Schaaf.’ Sels hat hy it noait fernaam, mar de froulju dy’t hjir himmelje, doare dêr net te wêzen.

 

Famylje Schaaf
Yn 1920 komt it kompleks dan yn hannen fan de famylje Schaaf. De ferbouwingen binne der net minder om. Arsjitekt Doeke Meintema ûntwerpt ein jierren tweintich in nije gevel oan de Breedstraat en feroaret ek it ynterieur, yn de styl fan de Amsterdamse School. De bysûndere ‘Sociëteitskamer’ lit er yntakt. Dy leit no yn in net tagonklik part fan it kompleks. In steech jout troch in finster sicht op it âlde meubilêr en de betimmering fan de seal. Efter yn in oare gong is noch in wandskildering te sjen fan de oanpassing út de jierren tweintich.

Hoe hurd at smaken feroarje, blykt wol út de grutte oanpassing dy’t J.M. Vegter docht oan it wurk fan syn kollega Meintema. De tsien jier âlde gevel giet tsjin de flakte en wurdt ferfongen troch in folle ienfâldiger fasade mei gieltsjes. In grut part dêrfan is no noch te sjen. Ek yn de sealen moat in grut diel fan de wielderiger foarmen fan Meintema en eardere arsjitekten fuort. Soberheid is de nije noarm.

De lêste grutte ferbouwing wie yn 1952. Arsjitekt G.A. Heldoorn helle de izeren pylders út de grutte seal fuort en it plafond krige it dakljocht fan no. Yn tsien wiken wie it wurk klear en koe mei in fariëteeprogramma en bal de weriepening fierd wurde.

 

Spoeken
De skiednis liket him net oan de regels te hâlden wêr’t it Schaaf oanbelanget. It moaist blykt dat yn de kûlizen. Nout lit it grutte doek opgean. Net mei in druk op de knop, mar mei in tou en katrollen. ‘Dat sjochst hast nergens mear.’ Fierder it toaniel op komt dy ambachtlike ynrjochting noch better foar it ljocht. De apparatuer yn it hok fan de toanielmaster is folslein analooch. It meast yn it each springt in rek mei tsientallen stekkers. ‘Elts fan dy stekkers korrespondearret mei in ljocht boppe it poadium. It ljocht ynstelle moatst mei syn twaen dwaan: ien ropt it nûmer by de lampen, de oare docht hjir de stekker deryn.’

Oan de oare kant fan it poadium fiert in doar nei it âldste part fan Schaaf, dêr’t ea de skûltsjerke stie. ‘Hjir spoeket it’, seit Nout mei in glimke. ‘It is de geast fan Nel Schaaf.’ Sels hat hy it noait fernaam, mar de froulju dy’t hjir himmelje, doare dêr net te wêzen. En ek de o sa nochtere Hein Boelens is derfan oertsjûge. ‘Dan komt er moarns binnen, rûkt in swiete geur. “Nel is der ek”, seit er dan.’ Oft it wier is of net, it makket Schaaf ta it magyske plak dat it is.

 

‘Ik doch dit omdat ik myn eigen eveneminten hjir ûnderbring. Sa hâld ik der noch wat oan oer, mar op himsels is in rendabele eksploitaasje net mear mooglik.’

 

Foto’s en posters op hast elk frij oerflak meitsje ek dúdlik dat hjir al desennia lang artysten optrede. En dat is mar ien fan de funksjes dy’t Schaaf hân hat. Evakuees hawwe hjir yn de oarloch in plak krigen. Ljouwerters hawwe hjir har gimmestykútfieringen hân, eksamens ôflein, skoalfeesten hâlden. En dûnse fansels.

‘Saco Velt swart ek no noch by dizze flier’, seit Nout, dy’t wiist op de touwen dy’t oer de seal spand binne. ‘Dat is foar de akoestyk. As der in band op it poadium spilet, dan keatst it lûd fia it glêzen dak werom. Dan hingje wy sekken op om dat effekt tsjin te gean.’ Hy docht in pear stappen nei de sydkant fan de seal, dêr’t it plafond leger is. Dan klapt er yn syn hannen. Boppe ús trillet it. ‘Sa is it ûntwurpen. Dat makket it lûd hjir sa moai. Mar sa gau as it ûnder de 18 graden komt, is dat effekt fuort.’

 

Stjerhûs Schaaf
Dat bringt Nout op de penibele situaasje fan Schaaf op dit momint. Want ferwaarming is djoer. En de âlderwetske ljochten kostje him ek in bulte jild. Mar mei in pachtkontrakt dat fan hjoed op moarn ôfrûn wêze kin, doart hy gjin led-lampen te keapjen. Itselde jildt foar de gatten yn de tegelflier, foar de lekkaazje, foar oar ûnderhâld.

Dat de gemeente Ljouwert Schaaf net mear as muzykpoadium sjocht, is al jierren dúdlik. Der wie sels sprake fan sloop en de bou fan apparteminten, en dat kin noch hieltyd. ‘Wat dat oanbelanget hawwe wy de tiid mei’, seit Nout. It boargerinisjatyf ‘Skaaf mut blieve’ hat de gemeente wol hoeden makke foar al te grutte yngrepen. Schaaf mei yn elts gefal oant 2018 bliuwe, mar nei it jier fan Kulturele Haadstêd is de takomst ûnwis. En earder eins ek al. ‘Sa gau’t it nije poppoadium by de Harmonie klear is, meie wy gjin muzyk mear ha, want dat soe konkurrinsje wêze.’ Nije aktiviteiten moatte foar âlve oere jûns klear wêze. ‘Fertel my mar hokker aktiviteiten ik dan noch organisearje kin dy’t dit rendabel meitsje.’ Nout neamt it in stjerhûskonstruksje. De polityk hat oare plannen mei it Speelmanskertier, en húseigeners yn de omjouwing wolle dúdlik ek fan de drokte fan Schaaf ôf. Wylst der yn de jierren 90 noch in hiele ‘skyl’ om Schaaf hinne boud is dy’t it lûd folslein isolearret. ‘Wy hawwe hjir Motörhead hân. Bûten hearden je neat.’

Nout hâldt moed, mar warskôget wol. ‘Ik doch dit omdat ik myn eigen eveneminten hjir ûnderbring. Sa hâld ik der noch wat oan oer, mar op himsels is in rendabele eksploitaasje net mear mooglik.’ Twa ieuwen fertier en oantinkens driigje dêrmei te sneuveljen. Zalen Schaaf is in kompleks dat neffens de regels fan dizze tiid net bestean kin. En dochs libbet it. Foar no.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels