Gnize

Publisearre op 5 januari 2015

Bêste Sjinkie,

Fan weromsjen wurdst net gelokkich. Ik tenminste net. Bin der net goed yn. ’t Is ommers altyd lijen en ellinde. Persoanlik fertriet en grutte drama’s yn de wrâld. It jieroersjoch fan it Journaal, dat is dochs in stik as 35 brokken yn de kiel weislokke. En jin mismoedich realisearje dat jo takom jier wer op krekt deselde wize sitte te sjen nei de ferskrikkingen dy’t jo no noch net kenne.

Fêsthâlde oan de moaie mominten dan mar? Wol, harkje mar nei de Top 2000. It is in fersiking. In wike lang drinke út de boarne fan waarme herinnerings en goeie anekdoates; mar achter dy ferhalen is de drank meastentiids bitter krûde mei langstme nei wat net mear is, mei teloarstelling oer it hjoeddeistige, mei littekens en pine. Yn elts gefal frist it my net op.

God, wat bin ik altyd wer bliid dat it nije jier oanbrutsen is. Dat we dy massale retrospeksje-sessies wer achter de rêch ha.

God, wat bin ik altyd wer bliid dat it nije jier oanbrutsen is. Dat we dy massale retrospeksje-sessies wer achter de rêch ha. Dat we wer gewoan yn it hjoed stean, it nije no. Fuort mei dy âlde rommel; it âlde jier is ôfstoarn en oprêden, heech tiid foar de nije skjintme.

Eins wie der mar ien weromblik dy’t my goed die. Op de bank fan Studio Sport. Tusken alle âlde, saaie koppen dy’t ús allang neat nijs mear te sizzen ha, de Kramers en de Robbens, dûkte ynienen dyn grutte grijns op. Dy hurde kop, dêr’t it izerfylsel noch tusken de wynbrauwen hinget, de motoroalje noch in spat op de wangen achterlitten hat, de walm fan karbid noch omhinne hinget – dy kop. En dy blik yn dyn eagen. Nonchalance en drystmoedigens yn ien gesicht.

Ik sjoch dy sitten en moat fuort gnize. En do gnyskest ek mar wat, as it komt op dy nuvere race yn Sotsji. Fierder seist net folle. Ja, it ôfrûne jier ha we dy op tv flokken heard en dyn middelfingers sjoen, mar no by dit lêbige weromsjen … ach, it sil dy fierder ek in rotsoarch wêze.

Mar dan komme de bylden fan it WK, de achterfolging. Dy lêste pear rûntsjes, ik ha se wol tsien kear weromsjoen. Besykje te fetsjen wat der gebeurt, wat hokker slach op hokker momint is. It is hast net út te finen. Earste lizze, tredde, twadde … yn de lêste bocht riidst op it fjierde plak, en yn in sucht witst dysels dertusken te wrotten en dyn foet nei foaren te stekken … en as earste oer de line. Dat dy pear sekonden net útroppen binne ta it sportmomint fan it jier, datsto net fuort in eigen glossy krigen hast, dat de filmrjochten fan dizze race noch net claimd binne, it is hast net te leauwen.

Dy race, dy foet nei foaren, dy grutte grijns. Dat is kleare hoop. Dat giet net op yn mismoedigens, dat ferliest noait it fertrouwen yn himsels, dat hat straal de gek mei fêste patroanen, dat rekkent ôf mei it ancien régime, dat seit gewoan ‘dikke lul, hjir bin ik’. En gnysket even om de teloarstelling en fernuvering dy’t er om him hinne sjocht.

Weromsjen Sjinkie, ik leau der neat fan datsto dat kinst. Ik doar te wedzjen datsto noch noait heard hast fan Hotel California, datst Youp van ’t Hek allinnich fan YouTube kenst, dat der gjin ‘uren, dagen, maanden, jaren’ yn dyn siel bestoarn leit. Nee, do sjochst allinnich foar dy, wêr’t it gatsje sit.

En grut gelyk hast. Dit wykein moast ommers alwer knalle op it NK, en oer in pear wiken wachtet it EK shorttrack yn Dordrecht. Niks gjin tiid om werom te sjen. In oaljebol, in kistke bier mei wat maten, it swartsel wat fan it gesicht feie, en los mar wer.

Ik fyn dat in moai foarnimmen foar dit jier. Gatsje sykje, dertusken wrotte, foet nei foaren. En mar moai wat gnizen bliuwe.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]