• 26 december 2014

    ELSKE SCHOTANUS -    A physical actuality may be missing, but an idea cannot be erased. Catherine Roche, katalogus Tjibbe Hooghiemstra   Sandy Island, it is in eilân dat, yn 1876 ûntdutsen troch in walfiskfarder, fan ’e ein fan de njoggentjinde ieu ôf op tal fan kaarten opdûkte yn de Koraalsee, tusken Queensland en New Caledonia. Sandy Island, in eilân omtrint like grut as Manhattan, [...]

  • 25 december 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Harke Bremer en Jarich Hoekstra ha mei in rige Fryske Bommeloersettingen harren namme foar ivich byskreaun yn ’e earegalerij fan ’e Fryske literatuer. “Knorrig ontsteeg hij aan het voertuig en monsterde het uithangbord”; yn de oersetting fan Bremer en Hoekstra klinkt it hast noch moaier as yn it orizjineel: “Noartlich joech er him oerein út it reau en skôge it hingelboerd”. Hichtepunt [...]

  • 24 december 2014

    INEKE RIENKS -  Sittend efter it rút fan Café Thús, ûnderdiel fan it nije gebou fan it Fries Museum, sjogge we út op it winkeljend publyk fan de freedsmerk op it Saailân yn Ljouwert. ‘Voor deze mensen doen we het’, seit skout aktuele keunst Kie Ellens, wizend nei de minsken op de merk. Tegearre mei meiwurker moderne keunst Judith Spijksma is Ellens sûnt begjin dit [...]

  • 23 december 2014

    TAMARA SCHOPPERT -   Ik betrape my derop dat ik hieltyd wer tocht oan in sin út in ‘Ikje’, in ynstjoerde kollum út de NRC. Krekt sa’t in tuskensin út in gesprek, in hast sydlings makke opmerking my soms lang dwaande hâlde kin en fan mear betsjutting blykt te wêzen as it eigenlike ûnderwerp fan it gesprek. De skriuwer fan dat ‘Ikje’ nimt diel, mei syn [...]

  • 22 december 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -   In skerpe miening dy’t fuortkomt út in passy foar kultuer. It typearret teatermakker en ûndernimmer Jan-Dirk van Ravesteijn (Zuidlaren, 1976). Ferline jier iepene er De Vier Pelikanen, in minyteaterke oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Dêrneist hie er in protte súkses mei de teaterkuier ‘Anna en Us Heit’ en mei ‘Mooi Mislukt’, in one-man-musical oer de bouwer fan de Aldehou. Van [...]

  • 18 december 2014

    KAREN BIES -   ‘Wilt u de jaarwisseling in alle rust doorbrengen? Boek dan een verblijf in een van onze vuurwerkvrije parken. Ideaal om samen met de kids en de hond veilig oudejaarsavond door te komen!’ Net foar de hûn, want dy ha wy út foarsoarch al noait nommen, mar ik soe der wol 269 euro foar oer hawwe. It liket my hearlik om in pear [...]

  • 17 december 2014

    GERBEN DE VRIES -  It hat my altiten yntrigrearre wêrom't minsken faak al nei inkelde desennia útsjoen binne op neiooarlochske nijbouwwiken. Moatte der huzeblokken fan somtiden mar tritich jier âld wike foar oare projekten, dan is it foar de gemeente gjin probleem om dy gebouwen mei de grûn lyk te meitsjen. It liket der op as binne wethâlders en beliedsmakkers bliid dat se wer sa'n grouwélich [...]

  • 16 december 2014

    INGE NICOLAIJ -  Ik herken dizze foto. Ik herken de kontoeren, de foarm en ek it tafreel. Ha ik yn it leger sitten? Nee. Wol hawwe ik ferskate kearen yn grutte groepen libbe. Grutte groepen minsken dy't allegearre yn sels opsette tenten sliepten. Wy moasten allegearre nei deselde wc. De omstannichheden wiene oars as thús. 'Earmhertich' soene guon minsken sels sizze. Unbekenden waarden bekenden, guon sels freonen. Mei [...]

  • 11 december 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Ofrûne jier maart, yn it doarpshûs fan syn wenplak Húns, spile, twa jûnen achter elkoar, Elmar Kuiper syn tragikomeedzje De lytse kannibaal. En letter noch in kear yn LOFT yn Boksum. Lytse lokaasjes en dêrmei is it tal minsken dat de foarstelling besocht hat beheind. (Foar in ympresje fan de útfiering yn Húns, sjoch hjir.) Lykas earder De fûgels fan Fantasia (2010) is ek [...]

  • 10 december 2014

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA -   It Fries Film Archief (FFA) is yn besit fan in opfallende kolleksje ‘Alden-fan-dagen films’. It giet om âldereinreiskes dy’t bynammen yn de jierren ’50 troch ferskate doarpen yn Fryslân organisearre waarden. Guon fan dy reiskes binne op film fêstlein en waarden op winterjûnen ûnder grutte belangstelling fertoand. De films folgje hast altyd itselde stramyn. De âldsjes stappe yn [...]