fotografy: Linus Harms

Wrâldboarger Boris Bunnik bepaalt syn eigen rûte

NIELS LAHUIS –  

As Conforce of Versalife stiet hy achter de draaitafel yn de grutte stêden fan de wrâld: Boris Bunnik. De Fryske live-performer en producer is yn Nederlân miskien wat minder bekend, yn it bûtenlân is hy in wolkome namme op elke affysje. Hoe hâldt Bunnik, 29 jier âld, opgroeid op Skylge mar tsjintwurdich wenjend yn Rotterdam, himsels skerp yn syn hektyske bestean? In petear oer in soad fleanoeren meitsje, iensumheid en fotografy.

Op Skylge brocht Boris Bunnik it grutste part fan syn jeugd troch, yn Ljouwert ûntwikkele hy syn muzikale karriêre. Him ferskûljend achter pseudonymen lykas Conforce of Versalife (elk pseudonym hat syn eigen sjênre lykas house of techno) reizget hy anno 2015 lâns tal fan ynternasjonale poadia. Yn Nederlân slacht syn muzyk minder oan en dêrom is Bunnik faker yn it bûtenlân te finen dan yn eigen lân. De reputaasje fan Nederlân op elektroanysk mêd mei dan heech wêze, Bunnik giet dochs leaver syn eigen gong. ‘Ik speel hooguit twee keer per jaar in Nederland’, leit Bunnik út. ‘Mijn sound slaat gewoon beter aan in andere landen. Ik zou dolgraag meer in eigen land willen spelen, maar ik ga waar de mensen me graag horen.’

 

‘Ik krijg nu al hoofdpijn van het idee om in een band te moeten spelen.’

 

‘Frustrerend is het zeker niet’, leit Bunnik út. ‘Ik kan gewoon niet klagen gezien de shows die ik wél krijg. Eerlijk gezegd vind ik het allemaal wel prima. Ik heb ook nooit een droom gehad om een specifieke richting op te gaan. Het is gewoon zo gelopen maar ik heb tegenwoordig wel duidelijk voor ogen dat ik in het buitenland beter in de markt lig.’

 

Rotterdam
Goed in jier lyn ferruile Bunnik de Fryske haadstêd foar Rotterdam. Achterôf sjoen in goeie kar. Bunnik: ‘Rotterdam is een stad met alle metropolistische kenmerken, maar dat wordt gewoon niet vaak herkend in Nederland. Het heeft veel ruimte voor ontwikkeling, architectuur en multiculturalisme. En ook het rauwe, cynische randje. Dat heb je in Leeuwarden of bijvoorbeeld ook Amsterdam niet.’ Fanút de havenstêd is hy better by steat om syn fak út te oefenjen, sawol op produksjoneel as organisatoarysk nivo. De Rânestêd is in útkomst foar Bunnik om flugger de ynternasjonale poadia te berikken. Bunnik bringt in soad tiid troch yn it fleantúch. ‘Het klinkt misschien erg avontuurlijk, maar het is een illusie om te denken dat je op vakantie bent’, relativearret Bunnik syn ynternasjonale libben mei in licht sinyske blik. ‘Maar bij nieuwe steden waar ik moet optreden neem ik toch vaak wat extra dagen de tijd. Ik doe het echt niet alleen voor het geld en wil mezelf juist persoonlijk verrijken. Dat trekt mij het meeste aan in de buitenlandse optredens.’

Ien plak is him al dy eizen it measte bybleaun en dat is Mexico-Stad. ‘Voor mij is Mexico-Stad echt het Berlijn van Zuid-Amerika’, sa leit Bunnik út. ‘Het is een stad van uitersten. Van extreem rijk gaat het naar echte armoede en van de meest bizarre moderne architectuur naar krottenwijken. En het ene moment rij je in een met kogels doorzeefde Kever, terwijl je een dag later in een soort limousine zit. Het contrast is echt bizar. Maar de muziek blijft voor iedereen hetzelfde. Daar hoef je geen andere taal voor te spreken.’

 

Iensumhied
Bunnik syn muzyk allinnich en stapt ek sûnder reisgenoaten it fleantúch yn. In iensum bestean, miskien? ‘Ik heb een eenzaam beroep, maar ik ben niet eenzaam. Je zit natuurlijk in een enorme omloop qua sociale settings. Daar kom ik geregeld mensen tegen waar ik niks mee heb. Als ik op reis ben, voel ik me veel meer op mijn gemak.’ Miskien is it de eilanner yn him dy’t in foarkar hat foar rêst om him hinne, mar neffens Bunnik hat it mear te meitsjen mei syn syktocht nei frijheid en balâns.

Yn it produsearjen fan syn eigen muzyk kiest Bunnik bewust foar it solobestean. Hoewol’t hy posityf tsjinoer gearwurking mei kollega’s stiet, wurket hy leaver allinnich yn syn studio oan hûs. ‘Ik krijg nu al hoofdpijn van het idee om in een band te moeten spelen. Er komt zoveel meer bij kijken, zoveel geregel. Daar heb ik helemaal geen behoefte aan. Ik wil me volledig kunnen richten op mijn muziek.’ Om de ôfwikseling en ferskaat yn syn libben yn stân te hâlden, wurket Bunnik mei meardere pseudonymen. ‘Het laatste wat ik juist wil is gevangen zitten in mijn eigen muzikale kaders. Ik kan maken wat ik wil, of het nou techno, house of electro is.’ Bunnik kiest krekt foar de pseudonymen om himsels te ferbreedzjen. ‘Mensen zullen het nooit begrijpen als je onder één naam verschillende stijlen uitbrengt. Voor mij is er geen onderscheid. Het is allemaal elektronische muziek gemaakt door mensen op machines. Maar zo werkt de markt nu eenmaal wel.’

 

Fotografy
Oft hy no yn Tokyo, Mexico-Stad of Rotterdam is, ien ding moat altyd mei as Bunnik syn hotelkeamer achter him lit: de fotokamera. Ek geande dit ynterview leit it semi-digitale apparaat fan Leica pontifikaal op tafel. Yn syn wurk hâldt hy him allinne dwaande mei street- en travelphotography. ‘Het is vooral het verrassingselement wat mij aantrekt’, leit Bunnik út. ‘Ik weet intuïtief wel wat mij inspireert of wat mij fascineert, maar het mooie aan deze vorm van fotografie is dat je de regie niet in handen hebt. Dit is juist een manier om toch contact met de wereld om me heen te hebben. Het werkt als een soort therapeutische uitlaatklep.’ Dochs wol Bunnik himsels gjin fotograaf neame. It bliuwt mear in hobby. ‘Fotografie is meer een bevrijding van mijn dagelijkse werk. Daarom bewerk ik mijn foto’s ook nooit. En waarom zou ik ook? Dat maakt het veel te abstract en esthethisch.’ Hy omskriuwt syn wurk as fotograaf as in wize om te aardzjen. Mei help fan syn fotografy kin hy de perfeksjonistyske kant fan himsels, dy’t hy mei it meitsjen fan muzyk erfaart, folslein loslitte.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.