De mankelikens fan in bûtensteander?

Publisearre op 14 november 2014

GERBEN DE VRIES –

It is al even lyn, mar yn it West-Flaamske Heuvelland bin ik in kear as wat konfrontearre mei de identiteit fan Fryslân en/of de Friezen. Ien foarfal is te flau, mar ik sil wol twa oare anekdoates fertelle. Wy giene mei in ploech minsken nei it Folksfestival fan Dranouter. Mei syn trijen krigen wy in lift, ik leau fan Ieper nei Dranouter. De Flaamske sjaufeur hearde ús wat yn it Frysk tsjin mekoar sizzen en hy seach blier achterom. ‘Dat is nou toevallig, want ik ben ook een Fries! Ik woon in Grau.’ Hy spruts syn wenplak út mei in grouwélich sachte ‘g’.

It twadde ferhaal spile op it festival sels. Wy kamen yn de kunde mei jongelju út de Wâlden en praten Frysk. Op in gegeven momint krige ien fan har yn de rekken dat wy yn de stêd Grins wennen. ‘Dat binne hielendal gjin Friezen, mar Grinzers!’ Ik tink net dat it as in komplimint bedoeld wie.

Analooch oan it begryp ‘ehemalige DDR’ fyn ik ‘ehemalige Fries’ ek in goede opsje, mei tank oan Alfons Dölle.

Dit kaam my yn ’t sin doe’t ik de bondel kollums fa de hommels ferstoarne Alfons Dölle (1947-2012) ûnder eagen krige, ‘Land van geluk en razende onvrede’. De kollums ferskynden oarpsronklik fan 2004 oant en mei 2010 yn de Ljouwerter Krante. Fan dy 163 stikken binne der 100 opnaam, dat fan in al te strange seleksje is gjin sprake.

Dölle wurke hast 36 jier foar de Ryksuniversiteit Grins en siet foar it CDA sechtjin jier yn de ried fan de gemeente Grins en tolve yn de Earste Keamer. De rooms-katolike steatsrjochtwittenskipper wie oars gjin typyske CDA’er en waard ek troch minsken mei in oare politieke oertsjûging wurdearre. Dat komt net iens sa faak foar.

Yn syn stikken yn de Ljouwerter oerhearsket in licht mankelike toan, seker yn de kollums dy’t oer Fryslân geane. Dat is net sa raar foar in man dy’t al yn 1965 út de provinsje emigrearre en as âldere man dúdlik faker werom kaam yn syn bertestreek. Fryslân wie net om ‘e nocht, sa skreau er yn 2010, troch de Nederlandse Vereniging Cultuurlandschappen as de moaiste provinsje fan it lân oanwiisd.

Mar foar Dölle gie it benammen om Gaasterlân of noch krekter sein Bakhuzen. Allinne in emigrant kin sa oer syn alde doarp skriuwe as de auteur yn 2006 die: ‘De verbondenheid met de natuur en het stempel dat de seizoenen op het dorp en de bossen en de velden eromheen zetten. Het was vooral de band met elkaar over de generaties heen. Daar hoeft niet te klef romantisch over te worden gedaan, want die wederzijdse betrokkenheid was deels noodzaak.’

Ek yn syn beskriuwing út 2010 oer de fiifjierlikse reüny’s yn Bakhuzen klinket dy mankelikens troch. De folkslieten, de taal en de Fryske selsspot, de opfierde stikjes, de ienheid fan it doarp. Hjir heare wy ek de stim fan in echte CDA-jonge fan it plattelân.

Dat der sûnt dy tiid wol wat feroare is lit er blike yn in stik út 2005, oer it ljipaaisykjen. Ek dan begjint er earst oer it fjild fan syn jeugd en oer de wille fan it finen fan in nêst. Dêrnei fytst er wat al te maklik troch nei de kleau tusken ‘de woede van een fors deel van de autochtone plattelandsbevolking over de door stedelingen beheerste politiek’ en de ‘verstedelijkte westerse wereld’. Dat is in wol hiel aparte ferdigening fan it aaisykjen, Dölle.

De skriuwer sil it boek ‘Roofvogels’ fan Rob Bijlsma út 2012 wol net mear lêzen hawwe. Bijlsma – gjin Fries mar sûnder mis mei Fryske woartels – jout in moai oordeel oer de Fryske aaisikers en fûgelbeskermers. Harkje marris nei syn definysje fan ‘weidevogelbeschermer’: ‘Persoon die ervan overtuigd is dat God een vergissing beging toen Hij tijdens de schepping andere diersoorten dan kieviten en grutto’s ontwierp, en eigenhandig die vergissing wil rechtzetten. En dat dan in het Fries’, (Bijlsma, side 192).

Werom nei Dölle. Yn twa stiken ut 2004 besprekt er de fraach wa’t in Fries is. Yn it ‘kaderverdrag nationale minderheden’ fan de Ried fan Europa kinne de najonale regeringen oanjaan wa’t binnen de lânsgrinzen minderheden binne. It ferdrach jout de oansletten leden oanspraken en rjochten. Doe kaam de teoretyske fraach nei boppe wa’t no eins Friezen binne? Moatte hja perfoarst yn Fryslân wenje of mei Nederlân ek, moat hy of sy Frysk prate (kinne)? Is it foldwaande at immen sels oanjout as Fries sjoen te wurden?

Foar in jurist as Dölle fansels net-relefante fragen. It giet om de fraach oft in nasjonale minderheid in eigen territoarium hat en dat is mei de provinsje Fryslân it gefal. Alle oare kriteria binne net wêzenlik fan belang. Minsken kinne wol gefoelsmjittige en romantyske ideeën hawwe oer de Fryske identiteit – sjoch mar nei Simmer 2000 – úteinliks giet it om it wenplak, net de ôfkomst. Yn dat opsicht bin ik as ‘stadjer’ in eardere Fries. Analooch oan it begryp ‘ehemalige DDR’ fyn ik ‘ehemalige Fries’ ek in goede opsje, mei tank oan Alfons Dölle. Al liket de auteur it taalelemint ek wichtich te finen by syn definysje fan in Fries. Mar as CDA-er seit er dat fansels net hurdop.

 

Land van geluk en razende onvrede, Alfons Dölle. Utjouwerij Bornmeer, 319 siden, €15,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels