fotografy: Linus Harms

‘Kieze tusken de twa grutte passys yn myn libben? Ik doch beide!’

FROUKJE SIJTSMA – 

‘In bus is in bysûnder objekt’, raast Folkert Wesseling yn syn rol as bussjauffeur troch de oldtimerbus hinne. Sa’n tweintich minsken hawwe harren sammele foar de teaterbustoer, dy’t by it Nasjonaal Iepenbier Ferfier Museum yn Ousterhaule begjint. ‘In bus rydt krekt wat oars as in auto, fyts of trein’, giet de jonge teatermakker fierder. ‘En om rare situaasjes foar te kommen by dizze busreis dogge wy dêrom earst efkes in bustraining.’ Folkert eaget komysk yn syn blauwe sjauffeursjaske dat krekt wat te rom om syn slanke liif falt.

De sfear sit der goed yn: ‘We hobbelje, hophop, en in bochtsje nei links… en in bochtsje nei rjochts.’ Sawat alle passazjiers bewege fanatyk mei Folkert mei fan lofts nei rjochts. ‘En jaaa, in drompel. Hóóó! En noch ien. Hóóó! En noch in drompel. Hóóó!’ De reizgers binne no klear foar de teaterbustoer om de Tsjûkemar hinne. Wylst in echte bussjauffeur efter it stjoer krûpt en de bus út 1958 ridende hâldt, fermakket Folkert it publyk en daget de minsken út om mei te dwaan oan syn sketskes. Mar dan falt de motor út… eltsenien moat de bus út en meihelpe te triuwen.

Folkert Wesseling (1994) út De Tike is op it stuit dwaande mei ferskate teaterprojekten dêr’t ‘de bus’ de haadrol yn spilet. Neist de teaterbustoer, dy’t er yn ’e mande mei it busmuseum yn Ousterhaule opset hat, wie er de ôfrûne moannen yn ferskate teaters te sjen mei syn kabaretfoarstelling ‘Lijn 20’. Dy giet oer bussen en it iepenbier ferfier. ‘Minsken hawwe allegear wol ûnderfining mei de bus. Yn de foarstelling fertel ik allegear grappige anekdoates. Oer wier barde situaasjes dy’t ik sels meimakke ha of dy’t kollega’s fan de weinwaskerij my ferteld hawwe.’ Bygelyks oer de bussjauffeur dy’t sljocht is op frikadellen. ‘Dy man naam alle dagen seis beferzen frikadellen mei nei it wurk en lei se dan op it dashboard fan syn bus del. Dêr koe de boel dan lekker opwaarmje, sadat er middeis bôle mei waarme frikadellen ite koe. En elts kin him tink ik de jongeren wol foarstelle dy’t nei in jûntsje flink stappen dronken yn ’e bagaazjerekken fan de diskobus hingje.’

‘Dy grutte leafde foar de bus. Ik wit net krekt wêr’t dat wei komt, mar ik fyn it gewoan fantastysk om in bus te sjen of deryn te sitten!’

Mei de foarstelling ‘Lijn 20’ hat Folkert it ôfrûne teaterseizoen optreden yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Sels ferskate Dútske teaterlokaasjes hawwe koartlyn ynteresse toand foar syn foarstelling. ‘Ik fiel my op en top Fries en fyn it hearlik om it Frysk te brûken. At ik Nederlânsk praat, hearst myn Fryske aksint, en myn Dútsk sil ek wol oan Rudi Carrell tinken dwaan, mar ik fyn dat net slim.’ De lêste kabaretfoarstelling fan ‘Lijn 20’ fan dit seizoen sit der al op, mar Folkert is dwaande mei in reprize. ‘Ik wol “Lijn 20” as kabaretspektakel op lokaasje opfiere. Hooplik kin dat plakfine yn de busloadsen fan Drachten, Easterwâlde en Dokkum, mar ik bin dêr noch oer yn petear.’

Fierder stiet Folkert mei syn bus op strjitfestivals, lykas Op ’e Sjouwer (De Jouwer) en Peije Dei (Drachten) en fersoarge er in foarstelling yn it ramt fan Serious Request yn Ljouwert. ‘Dy grutte leafde foar de bus. Ik wit net krekt wêr’t dat wei komt, mar ik fyn it gewoan fantastysk om in bus te sjen of deryn te sitten! Wat in oar mei postsegels of treinen hat, dat haw ik mei bussen.’ As lyts jonkje reizge Folkert al faak mei beppe mei de bus tusken Wommels en Ljouwert en letter gie er mei lijn 20 nei skoalle. ‘Ik hie as bern eins net echt hobbys, mar ik fûn it prachtich om wykeins de bus te pakken en lekker mei te riden. Soms mocht ik sels in hiele dei mei in bussjauffeur meiride!’

Dochs krijt Folkert der stadichoan wol in twadde hobby by: toanielspyljen. ‘De leafde foar teater ûntstie op de Boargemaster Harmsma Skoalle op De Gordyk. Talintûntwikkeling stiet op dy skoalle hiel heech yn it findel. Neist de gewoane fakken krige ik bygelyks ek aktearles en sa ûntduts ik dat ik hiel graach toanielspylje mei.’ Folkert waard troch regisseur Marius Del Grosso oanmoedige om mei te dwaan oan Kunstbende. ‘Ik hie in kabaretstik skreaun oer in mearke, oer Sneeuwwitje leau ’k. Ik makke dat mearke folslein belachelik en wist it publyk dêr flink mei oan it laitsjen te krijen.’ Nei Kunstbende stiet Folkert op it Befrijingsfestival yn Ljouwert en treedt er hyltiid faker op mei kabaret, op doarpsfeesten en strjitfestivals. ‘As broekje fan 14 jier stie ik al op feestjes of famyljewykeinen op de planken. Alle kearen skreau ik wer in nij stik. Dan prate ik fan tefoaren mei de minsken en sa sammele ik anekdoates oer de famyljeleden, dy’t ik yn myn kabaretstik ferwurke.’

Yn 2010 krige de sjuery fan de Gouden Gurbe him yn ’e smizen yn it stik ‘Hoe no, Robin Hood’ fan it Iepenloftspul Opsterlân. Folkert fertolke dêryn de rol fan Remco van der Wielen en wist de Gouden Gurbe foar de bêste byrol te bemachtigjen. ‘It wie in oanmoedigingspriis, sei akteur Joop Wittermans doe tsjin my, en sa haw ik it sels ek opfette. It hat my oanset om mear mei toaniel te dwaan.’

‘Ik haw each foar detail, foar de lytse dingen fan it libben. Rin mar gewoan ris op strjitte en observearje wat der allegear om dy hinne bart. Dêr kinst sa in nij teaterstik oer skriuwe.’

Om it toanielfak fan profesjonele akteurs te learen, skreau Folkert him yn by it Friesland College foar de oplieding Artyst Drama. Mar hy fielde him dêr deaûngelokkich. ‘Toaniel wie wol myn ding, mar ik botste tefolle mei it ûnderwiissysteem. Ik woe graach op de planken stean en toanielspylje, mar dêr kaam ik troch skoalle hast net mear oan ta.’ Folkert besleat dêrom mei de oplieding op te hâlden en wurk te sykjen. ‘Ik koe doe oan de slach as weinwasker by Qbuzz yn Drachten. Dat hat efternei in goeie kar west. Dêr ûntstie nammentlik it idee om myn twa grutte passys te kombinearjen, want ik koe net kieze tusken bussen en teater.’ Underwilens hat er dochs syn oplieding wer oppakt, no’t er foar himsels in goeie balâns fûn hat tusken skoalle en toanielspyljen.

Folkert omskriuwt himsels as in teatermakker dy’t ferdivedearje wol, hy is net ien dy’t felle krityk op de mienskip jaan wol. ‘Fansels haw ik wol in eigen miening en binne der saken dêr’t ik my oer ferwûnderje of dêr’t ik my oer opwyn, mar ik wol myn publyk dêr net mei ferfele. Ik wol minsken fermeitsje. Eltsenien is altyd mar drok en ik wol dat, as minsken by my yn it teater komme, se laitsje en har lekker ûntspanne kinne. Dat is foar my goud wurdich.’

Artistyk alleskinner Herman van Veen is syn grutte foarbyld. ‘Dat fyn ik echt in rasartyst. Foar my is hy de heit fan it Nederlânske kabaret. Hy skriuwt prachtige ferhalen en gedichten en makket moaie muzyk. Hy spilet echt mei hert en siel.’ Folkert sels hat al nei in soad optredens fan Herman van Veen west en hy hat út en troch ek wolris kontakt mei him. ‘Hy seit dat ik him op ’e hichte hâlde moat fan myn aktiviteiten. Sa no en dan maile wy mei-inoar.’

Hy stiet oan it begjin fan syn karriêre en brûst fan de plannen en ambysjes. ‘Ik kin net stilsitte, ik moat gewoan altyd wat ûndernimme en dingen regelje. Op it stuit bin ik dwaande mei de tarieding fan in iepenloftspul. Ik bin frege om it stik te skriuwen en te regissearjen. It is foar sawat santich prosint wis dat it takom jier al heve sil, mar earst moatte wy de fergunning foar de lokaasje noch rûn krije. It plak dat wy foar eagen hawwe is in prachtich natuergebiet yn Fryslân, mar de gemeente moat earst noch wol grien ljocht jaan.’ Oer hokker natuergebiet at hy it hat, wol de jonge teatermakker net sizze, mar in lytse yndruk jaan fan it iepenloftspul moat al kinne. ‘It giet oer de bedriging fan in moai stikje natuer. Minsken wolle dêr in grut winkelsintrum bouwe en dan ûntstiet der fansels in stevich konflikt tusken natuer en minske.’

Minsken kenne Folkert no foaral as de Fryske teatermakker dy’t fan bussen hâldt. Dochs wol er him de kommende jierren fierder ûntwikkelje, hy wol nije produksjes meitsje en dreamt fan optredens yn grutte Nederlânske teaters. ‘Ik kin fansels net in hiel libben lang tarre op busferhalen, dat wurdt ek saai foar it publyk. Yn de takomst sil ik my fansels ek mei oare tematyk dwaande hâlde en dat fyn ik ek net slim. Ik haw each foar detail, foar de lytse dingen fan it libben. Rin mar gewoan ris op strjitte en observearje wat der allegear om dy hinne bart. Dêr kinst sa in nij teaterstik oer skriuwe.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 22-25.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.