Bedrige identiteit, fan Folkertsma oant Finkielkraut

PIER BERGSMA – 

Minsken binne sosjale dieren, dy’t har rjochtsje op wat fertroud is. Frjemd wurdt net maklik eigen. Net allinne by ús, mar ek yn Frankryk binne der ûnder ynfloed fan ymmigraasje ferheftige diskusjes oer de eigen identiteit. Nij is it net.

Hjir hawwe wy de healneaken Marianne as symboal fan de Frânske identiteit. Se lit har net wjerhâlde troch wat dan ek. Delacroix skildere it doek nei oanlieding fan de revolúsje fan 1830, dy’t de ein betsjutte fan it diktatoriale regear fan kening Karel X. It mjit mear as twa by trije meter en hinget yn it Louvre. Eugène Delacroix lit ek de negative kant fan de revolúsje sjen: beblette liken, dy’t fan harren klean bestellen binne, lizze op ’e grûn.

Sûnt 1792 is Marianne in nasjonaal symboal fan Frankryk en yn de tweintichste ieu stie se ôfbylde op postsegels en jild. Yn maaie 1968 brûkten de opstannige studinten Marianne op harren posters. Neffens Daniël Cohn-Bendit, ien fan de lieders fan de opstân, wie dat bedoeld foar de emansipaasje fan de frou. In soad ‘nije Frânsen’ hawwe dêr neat mei, net mei de flagge en al hielendal net as identiteit ferbylde wurdt troch in frou mei bleate boarsten. Yn Nederlân hawwe wy gjin Marianne, mar de diskusjes oer wat wol en net by de eigen identiteit heart en passend is, binne foar in part deselde as yn Frankryk.

In foarbyld: by de lêste begruttingsbehanneling yn de Twadde Keamer op 6 novimber 2014 hat de PVV in moasje yntsjinne om ‘nationaal erfgoed als hagelslag en pindakaas’ te beskermjen by it ‘nationaal schoolontbijt’ en yn in oare moasje freegje se om yn it ûnderwiis omtinken te jaan oan de gefaren fan de islamityske ideology. Dan hienen wy de ferheftige diskusjes oer Swarte Pyt en yn Fryslân geharrewar oer De Friese Meren of De Fryske Marren.

Fan ferskillende kanten fiele minsken har bedrige yn harren identiteit, kultuer of taal. Dat tema is net nij, mar nea earder waard der safolle oer diskusjearre en skreaun as de lêste jierren: Erik Betten syn De Fries, Herman Pleij mei Moet Kunnen en Identiteit fan Paul Verhaeghe, om samar in pear foarbylden te neamen. Benammen de lêste fyftjin jier is der yn Europa in breed debat geande oer ymmigraasje en de problemen dy’t dêrmei gearhingje. De Ried fan Europa joech koartlyn in boekje út mei de ferslaggen fan debatten dy’t de ôfrûne jierren hâlden waarden oer de Europeeske identiteit. Identiteit is net allinne dat wat eigen is oan in persoan, mar blykber ek wat eigen is oan in (grutte) regio.

 

De ymmigraasje bewurket dat de Europeeske lannen nei begjinne te tinken oer harren identiteit.

 

As gjin oar lân wrakselt Frankryk mei syn identiteit
Sa kom ik wer telâne by Frankryk en by de grûnslach fan de Frânske steat, de Liberté, égalité en fraternité, dy’t opnommen waard yn de ‘Déclaration des droits de l’homme et du citoyen’ fan 26 augustus 1789. Dat hânfêst giet oer de rjochten fan minsken en boargers. Se wurde frij en mei gelikense rjochten berne en artikel 4 ûnderstreket dat jo alles dwaan kinne salang as it oaren gjin skea docht. Yn de praktyk komt fan dy ‘frijheid, gelikensens en bruorskip’ yn it hjoeddeiske Frankryk net al te folle telâne en as gjin oar lân yn Europa wrakselt Frankryk mei syn identiteit.

It is dêrom net tafallich dat it Ministearje fan ûnderwiis yn 2004 de ‘Guide républicain. L’idée républicaine aujourd’hui’ oan alle skoallen stjoerde. Dy hânlieding fan mear as 400 siden is bedoeld om it ûnderwiis te helpen om de wearden fan de republyk, lykas de solidariteit fan eltsenien mei de Frânske steat, út te dragen. By de liberté, de frijheid, moatte jo neffens jurist Guy Carcassonne, ien fan de meiwurkers oan it boek, in lykwicht fine tusken jo eigen belangen en dy fan in oar.

Yn 2013 ferskynde L’identité malheureuse, skreaun troch de filosoof Alain Finkielkraut, yn it Nederlânsk oerset as Ongelukkige identiteit, de ontsporing van de multicultuur. It jout in skerp ynsjoch yn wat der oan de hân is en net allinne yn Frankryk. ‘Ik bin berne op 30 juny 1949 yn Parys. Dat betsjut dat ik myn jonge jierren en in part fan myn folwoeksenheid trochbrocht haw yn in Frankryk dat tige oars wie as it Frankryk dêr’t wy no yn libje’, sa begjint Finkielkraut syn boek, wêryn’t er de problemen oangeande ymmigraasje en de bedriging fan de Frânske identiteit oan de oarder stelt.

De skriuwer fertelt dat er yn 2009 nei lange jierren op besite wie yn syn âlde legere skoalle. Oan de muorre hong in grutte wrâldkaart mei foto’s fan bern út Afrika. Under de kaart stie: Ik kom út … en dêr bin ik grutsk op. De skriuwer: ‘Doe realisearre ik my hoefolle der feroare wie. Myn âlden binne beiden yn Poalen berne. Nea hawwe se my frege om myn ôfstamming te ferleagenjen, mar ek net om grutsk te wêzen op wêr’t ik weikaam. Ofkomst kaam net te praat. Der waard allinne fan my frege dat ik myn bêst die’. L’identité malheureuse rôp in soad reaksjes op, sawol ynstimmend as ôfwizend. Neffens Le Monde au Livres fan 23 oktober 2013: ‘Alain Finkielkraut joue avec le feu’, hy boartet mei fjoer.

Frankryk wrakselt al in skoft mei de grutte oantallen ymmigranten en de spanningen dy’t dêrmei anneks binne. Yn septimber 1989 komt de saak foar it earst op skerp wannear’t Fatima en Leïla, 13 en 14 jier âld, harren holdoek net ôfdwaan wolle yn it Collège Gabriel Havez, in iepenbiere skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Creil, in foarstêd fan Parys. Dat is foar de skoalle net akseptabel. It gefolch is in soad reboelje. De aartsbiskop fan Parys bemuoit him dermei: ‘Wy moatte de Arabyske famkes it libben net soer meitsje. Hâld op mei dizze striid’. Der ûntstiet in ferheftich debat yn Frankryk oer wat de grinzen fan de laïcité binne, de skieding tusken tsjerke en steat. Dy bestiet yn Frankryk sûnt 1905. ‘Hoe is it mooglik dat it heitelân fan de rjochten fan de minsken dizze foarm fan diskriminaasje tapast’, freget in fertsjintwurdiger fan de Poalske katolike tsjerke him ôf.

Ut in rapport fan tsien ynspekteurs fan it nasjonaal ûnderwiis oer religieuze hâldingen wurdt dúdlik dat it om folle mear as holdoeken giet. ‘Rousseau is yn striid mei myn godstsjinst’, seit in learling fan in skoalle foar fuortset ûnderwiis, en hy rint de klasse út. De roman Madame Bovary fan Gustave Flaubert wurdt beskôge as in gefaarlik pleit foar de frijheid fan de frou. Skiednisleararen krije it ferwyt dat se in leageneftige ideology útdrage. Resinte befiningen fan de ‘Haut Conseil à l’intégration’ stelle net gerêst. Dy rie foar yntegraasje publisearre op 28 jannewaris 2011 in ferslach oer de stân fan saken op de skoallen. Se konkludearje dat religieuze druk fielber wurdt yn de lessen wannear’t in bepaalde lesynhâld mijd wurdt of wannear’t bern net nei de kantine gean fanwege it iten dat net allegearre halal wêze soe. Der binne sels âlden dy’t it mei in medysk attest safier krije dat harren famkes net mei hoege te dwaan oan gymnastyk of swimles. De grutste problemen dogge har foar yn de efterstânswiken, ‘les zones d’éducation prioritaires’.

De ymmigraasje bewurket dat de Europeeske lannen nei begjinne te tinken oer harren identiteit. Neffens Finkielkraut komt it der no op oan om dy ‘clash of civilizations’ ta in goed ein te bringen en dat moat troch kritysk te wêzen oangeande progressyf idealisme lykas: ‘Net ien hat yn dit lân it rjocht om út te meitsjen wat de Frânske identiteit is’. Finkielkraut sketst yn syn boek in tige somber byld fan wat der op it stuit yn Frankryk plakfynt en dat is neffens him foar in grut part werom te bringen ta de grutte ymmigraasjestreamen. Jonge manlju fan allochtoane ôfkomst hawwe muoite om harren plak te finen yn de moderne Frânske maatskippij. Se hawwe gjin wurk en in minimale of gjin oplieding. Der meie dan saakkundigen wêze dy’t bliid binne mei de komst fan ymmigranten, ‘want sa kin de bertedaling kompensearre wurde’, mar se ferjitte neffens Finkielkraut dat yndividuën net ynwikselber binne.

 

De Fries hat Fries te wêzen
Lûden oer de bedriging fan de eigen kultuer binne fan alle tiden. Mar yn in perioade fan ekonomyske delgong wurdt de rop om it eigen hiem te beskermjen lûder. Dêrom is it nijsgjirrich om ris te sjen nei Fryslân yn de jierren tritich fan de foarige ieu, de krisistiid, de tiid dat myn pake mei syn húshâlding út Gaasterlân wei nei Rotterdam teach, fanwege wurkleazens. Fryske allochtoanen, want sa sille se harrensels grif field hawwe. It heugde myn muoike Gryt noch doe’t se al tsjin de njoggentich rûn, dat har lytse bruorke fan fiif der mar net genôch fan krije koe om it toilet troch te lûken. Dat hie harren húske yn Balk net.

(Ik brûk by de folgjende sitaten de letterlike teksten.) ‘Ferskate húsfrouwen dogge nou yn diz’ tiid fen’t jier hjar kar hokfor Margarine hja for de kommende tiid brûke sille ynpleats fen djure boerebuter. Der kin men yn bakke en briede like goed as yn boerebuter wylst smaak en rook der deun by komme’. De advertinsje yn De stim fan Fryslân fan maart 1929 riedt Het Zeeuwsche meisje oan ‘for 75 sinten it poun’.

Jo hoege net lang te sykjen om foarbylden te finen fan de bedriging fan de Fryske identiteit. Op 3 febrewaris 1928 kaam it earste nûmer út fan de hjirboppe neamde De Stim fan Fryslân, ‘in wykblêd, skreaun yn ús moaie memmetaal’. It earste nûmer hie in meditaasje, it wie in kristlik blêd, it joech omtinken oan it Fryske ûnderwiis en Fedde Schurer begûn in feuilleton. Haadredakteur Eeltsje Boates Folkertsma hie fan it begjin ôf noed oer de maatskiplike ûntjouwings: ‘Frjemde geast kringt op ús yn, mar whet fulder ’t hy ús bestriidt, hwet sterker it wollen yn ús befêstige wurdt ús sels te wêzen’, skriuwt er op 27 april yn it haadartikel. En yn in searje artikels oer kristlike en ûnkristlike keunst: ‘Hwerom wol er (in heit) net habbe det syn jonge kinde kriget oan allerhanne naturalistyske, psychologyske, seksuële, homo-seksuële en perverse romans’, en dêrmei keart er him tsjin de dekadinsje fan Louis Couperus en de spot fan Voltaire. Folkertsma hat it dúdlik net stean op Frankryk, ommers dêr begûn de revolúsje mei de soevereiniteit oan it folk, yn stee dat God de baas is. Dêr komt noch by dat men dêr ‘fan de sûnde literatuer makket’, skriuwt er op 5 july 1929 yn ‘Kristlik of Heidensk’.

 

It is net foar neat dat it wurd religy gearhinget mei it Latynske religare, dat ‘bine’ betsjut. Skiedslinen sille benammen rinne lâns taal en religy, sa is dat no ienris yn de biology en sosjale struktuer fan it minskdom ferankere.

 

Jierrenlang ferset er him tsjin alles wat net oerienkomt mei syn grifformearde wrâldbyld. Op 28 july 1939 skriuwt Folkertsma ûnder de kop ‘Noedlike forskynsels IV’ it folgjende: ‘Ien fen ’e grutte oarsaken fen ’e wankende ûntseedliking fen it Fryske libben, sawol yn ’e húsgesinnen as op it iepenbiere terrein, is de Fryskfrjemde moderne biskaving. In Frysk folk dat ûntfrysket, ûntseedlikt teffens…. Derfor moat it Wird des Heare der oer spritsen wirde: troch de tsjerke, dy’t it folk yn alle libben wer geastlike tucht, de tucht fan it leauwe bybringt. Scil it foartfrettend gefaer op ’en earnstichsten bistriden wirde, den heart de oerheit de publike kanalen fen ’e besmetting sa goed mooglik ticht te setten. Oer hiele Nederlân moat hja skerper tasjen op café’s, de dounshuzen en al sok soarte gelegenheden; stranger seedlike kar hâlde oer de radio en de film; gjin skriftuer, print en byldwirk fen ûnseedlike ynhâld of strekking oer de post gean litte’.

Yn it haadartikel ‘Frjemd of eigen?’ fan 13 desimber 1940: ‘Karakter, natuerlikens, oarspronklikens, dat komt der foar in diel net op oan; men moat meidwaan kinne, al scil it himd ek boppe de broek. It frjemde hoege wy net to foarachtsjen; it kin goed wêze for de ljue dêr’t it weikomt, mar is it dat ek for ús, dêr’t it net weikomt? Eigen en oaneigene cultuer kin yn dizze kweade wrâld ek forbasterje. Dat scoe cultuer wêze, as immen syn memmetael forbrekt of foleart of forjit, om to sjongen sa’t fûgels ut in frjemd nêst piipje? De Fries hat Fries te wezen, en him foar fryslân mei syn tael, syn seden, syn aerd net te skamjen, mar it to bikennen. Wy binne in Germaensk folk, en ús cultuer scil for it neist nea dat strielende krije fen ’e Grykske of de Frânske’.

Folkertsma wie gjin útsûndering. Syn ideeën waarden breed droegen. Sa skriuwt Jacob van der Tol yn in besprek fan it toanielstik In fijân fen minsken: ‘en den de ynhâld, dy’t alhiel net oanslút by it Friske aerd … Soks mei allegearre stroke mei de Frânske seden en manearen (wer dat Frankryk, PB), it stiet to fier fen it Friezen aerd of om fet op ús te krijen’. (Sljucht en Rjucht, 1931, side 175-176)

 

Reshada-Crouse-passyf-ferset

 

Sosjaal libjende sûchdieren mei bining troch de taal
Minsken binne sosjaal libjende dieren en hawwe om te oerlibjen ferlet fan in oar. De bining mei de groep kriget stal troch it plak dêr’t minsken wenje, mar noch mear troch de taal. Taal is yn it foarste plak foar kommunikaasje, mar it sûchdier minske is ek by steat om saken dy’t net ferwize nei in taastbere werklikheid te betinken en te ferwurdzjen. Sa meitsje minsken harren goaden. Dy sels betochte goaden sjogge ta op it minsklik bedriuw en soargje foar dissiplinearring en bining. It is net foar neat dat it wurd religy gearhinget mei it Latynske religare, dat ‘bine’ betsjut. Skiedslinen sille benammen rinne lâns taal en religy, sa is dat no ienris yn de biology en sosjale struktuer fan it minskdom ferankere. Yn ús West-Europeeske maatskippijen binne wy nei twa ferwoestende wrâldoarloggen ta it ynsjoch kaam dat wy der better oan dogge om op it nivo fan de naasjesteaten geweldleaze oplossingen te betinken om ferskillen op te lossen. Mar op oare nivo’s wurket it sa net. Ien fan de dilemma’s is hoe fier’t jo gean moatte om solidêr te wêzen mei de eigen groep.

Yn 1989 kaam de earste printinge út fan The UnDutchables, an observation of the Netherlands: its culture and its inhabitants. It is ek yn oersetting beskikber. Colin White en Laurie Boucke besteegje in haadstik oan de ‘Identity crisis’. De Nederlanners beskôgen harsels oant yn de jierren sechtich as frij fan diskriminaasje, mar dat feroare doe’t der wat langer wat mear ‘allochtonen, buitenlanders, gastarbeiders, immigranten, medelanders, minderheden, nieuwe Nederlanders of rijksgenoten’ kamen. Dy ferskillende oantsjuttings jouwe neffens de skriuwers al oan dat der wat oan de hân is yn de omgong mei ‘colored people’.

De bannen mei godstsjinst en de dêrmei gearhingjende moraal waarden nearne sa fluch en yngeand ôfbrutsen as yn Nederlân. It giet om yndividualisten dy’t harren net samar oertsjûgje litte. Yn in ynboargeringsfilmke foar ymmigranten waarden topless froulju oan it strân sjen litten, mar doe’t dêr beswieren tsjin kamen fan ‘nije Nederlanners’ is it filmke feroare. It binne deselde beswieren dy’t yn Fryslân libben, tachtich jier lyn. Der binne oerienkomsten tusken Finkielkraut en Folkertsma. Beiden sjogge frjemde ynfloeden as bedriigjend foar it eigen bestean. De libbenshâlding fan Folkertsma komt yn tal fan opsichten mear oerien mei in part fan de Frânske moslims fan 2014 as mei de opfettingen fan liberale Nederlanners fan no.

Alles liket te draaien om jild en ekonomyske groei. Dingen dy’t fan grutter wearde binne, driigje yn dat geweld ûnder te gean. Just yn dizze tiid fan globalisearring, fan ûnsekere ekonomyske omstannichheden, hawwe minsken ferlet fan saken dy’t hearre by it eigen libben, de eigen taal, eigen oertsjûging en eigen regio. Dat lêste jildt benammen foar regio’s mei in dúdlike identiteit, lykas Skotlân en Fryslân.

Fan Grutte Pier fan Kimswert wurdt ferhelle dat er op in ienfâldige wize fêststelde wa’t wol of net Frysk wie. Dat koe mei ‘Bûter, brea en griene tsiis’. Wa’t dat net sizze koe, wie it libben net seker. Soks is gjin skiednis. It kostet gjin muoite om foarbylden te neamen fan minsken of groepen dy’t elkoar de harsens ynslagge as it giet om in oar leauwen, in oar seksueel aard, of omdat se by in oar folk hearre, in oare taal prate of neat hawwe mei boeken as de Koran of de Bibel, dy’t yn harren opfetting ta de literêre fiksje hearre.

Wie it eartiids foar emigranten hast ûnmooglik om kontakten mei it thúslân te ûnderhâlden, tsjintwurdich kin eltsenien troch de moderne kommunikaasje foar in part yn it eigen lân wenjen bliuwe. Dêr wurdt it net ienfâldiger fan. Wa’t beslút om in nij bestean op te bouwen yn in oar lân, sil der lykwols net oan ûntkomme om djip nei te tinken oer wat minister Asscher in skoftke ferlyn as opdracht joech: ‘De grootste verplichting ligt bij de migrant om zich te verdiepen in het land waar zijn toekomst ligt. Die moet de Nederlandse waarden en verworvenheden verinnerlijken en ernaar leven’. Dat ynsjoch: ‘When in Rome do as the Romans do’, mei âld wêze, út de tiid is it perfoarst net.

Dôchs leit de oplossing fan de problemen oangeande ymmigraasje en dêrmei gearhingjende identiteitskonflikten net yn de ienheid fan in Marianne yn La liberté guidant le peuple, dy’t oer liken giet. Dy leit earder yn it boadskip, útdroegen troch in skilderij dat basearre is op dat fan Delacroix. Yn Johannesburg hinget sûnt 1994 yn de foyer fan it Nelson Mandela theatre ‘Passyf ferset’ oan de muorre.

It waard skildere troch Reshada Crouse. In swarte frou dânset mei de Súd-Afrikaanske flagge midden tusken in bûnt ferskaat fan freedsume minsken. Der sil net allinne yn dat lân noch in lange wei te gean wêze om de skerpste kanten fan de eigen identiteit ôf te slypjen en in nij lykwicht te finen. Dat nimt net wei dat wy ús wearden lykas frijheid fan sprekken, skieding tusken tsjerke en steat, demokrasy en lykberjochtiging fan minderheden net ferkwânselje meie ûnder druk fan hokker fûnemintalisme dan ek.

 

Dit essay waard skreaun nei oanlieding fan: Alain Finkielkraut, Ongelukkige identiteit, de ontsporing van de multicultuur, Antwerpen 2013.

 

Doe’t dit artikel al hast by de printer lei, kaam dy ferskriklike oanslach op Charlie Hebdo. Ik ken dat tydskrift en ik keapje it as ik yn Frankryk bin. De oanklacht fan Alain Finkielkraut oer multykultureel Frankryk krijt hjirmei in ûnferwachte en bittere aktualiteit.

‘Noch altyd gjin oanslach yn Frankryk ‘Wachtsje mar, wy hawwe noch oant ein jannewaris om ús nijjierswinsken oer te bringen’. Dat is de tekst by de lêste cartoon fan haadredakteur Stéphane Charbonnier ( Charb). Charbonnier hie nea tinken kennen, dat er dyselde moarn fermoarde wurde soe en mei him âlve oaren.

Wy moatte ús yn ús frije westen net de mûle snuorje litte troch godstsjinst fanatikelingen. Sjoernalisten moatte alle stipe krije om ús frijheid heech te hâlden. Yn Parys binne op de Place de la République papierkes oanplakt. ” Ik kin net tekenje” is ien fan de oangripende teksten yn in hartsje foar Charlie. Hooplik binne der sjoernalisten te finen dy’t moedich genôch bine om troch te gean mei just dit symboal fan demokratyske frijheden. ‘Vive Charlie Hebdo!’. (Tongersdei 8 jannewaris, Pier Bergsma)

 

Earder publiseard yn de Moanne, 1 (2015), 9 (jannewaris) s. 46-51.

Comments
3 reaksjes oan “Bedrige identiteit, fan Folkertsma oant Finkielkraut”
  1. Josse de Haan schreef:

    OERIENKOMSTEN FINKIELKRAUT – FOLKERTSMA?

    Eeltsje Boates Folkertsma wie in antysemyt en in rassist yn syn tiid. Finkielkraut hat skreaun oer antysemitisme en rassisme. Dat is de iennige ferbining – de tinkwrâld fan Folkertsma stiet heaks op dy fan de Frânske filosoof.

    De identiteit dy’t Folkertsma bepleite foar Fryslân hat mei de identiteit fan de measte Friezen yn dy tiid neat te krijen. Folkertsma wie grifformeard en datsoarte fan lju hiene soms deselde brike tinzen en ideeën. De stelling fan Pier Bergsma is op syn sêftst sein wat wrâldfrjemd, wat faker foarkomt by ‘Friezen’ bûten Fryslân.

    Ik wenje no in 15,5 jier yn Frankryk, en ik moat sizze dat ik yn it artikel fan Bergsma oer de identiteit fan de Frânsen (en de Friezen) in bytsje werken. Finkielkraut praat net oer ‘bedrigings’ yn syn boek, syn fizy is breder.

    As jo lykas Bergsma hagelslag, pindakaas, swarte Pyt en De Fryske Marren/De Friese Meren op ien bult smite – c.q. fragen oer identiteit(?) – dan prate jo oer futiliteiten, tradysje en twatalichheid.

    Frankryk wrakselet net mei syn identiteit (sjoch de 4 miljoen protestearders in pear wiken lyn), mar wurdt konfrontearre mei in oanslach op de wearden fan de Frânske Republyk – liberté, égalité, fraternité en laïcité – it folslein neutrale, wereldlike karakter fan it ûnderwiis en de iepenbiere organen. De frijheid fan ekspresje, ek it spotten oangeande saneamde hillige saken as religys, is in fundamentele frijheid yn Frankryk.

    Bergsma beweart dat de skiedslinen yn de maatskippij benammen lâns taal en religy rinne – want ferankere yn de biology en de sosjale struktuer fan de mins. As hearre jo Folkertsma. Yn Frankryk rint neat lâns de line fan de religy – dat is folslein in privésaak.

    Nei de moardpartij op sjoernalisten en tekeners fan Charlie Hebdo hat Le livre de poche in boekje – Nous sommes Charlie – útjûn mei bydragen fan 60 skriuwers oer de frijheid fan ekspresje. Sij miene yn tsjinstelling ta Bergsma, dat dy frijheid leit yn de metafoar fan Marianne – liberté guidant le peuple.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.