fotografy: Nanne Nicolai

Einte, keapman út de Wâlden

NIENKE JET DE VRIES – 

Op it omslach fan it boek Bûtenman en Bûtenfrou fan Willem Verf (1949) falt te lêzen dat it in tendinsroman is. Dêrmei wurdt bedoeld dat it ferhaal in dúdlike strekking hat. Dat is kenmerkjend foar it skriuwen fan Willem Verf, âld fraksjefoarsitter foar GrienLinks yn de Steaten fan Fryslân, dy’t graach wat maatskippijkrityk yn syn wurk nei foaren komme lit. Yn it gefal fan Bûtenman en Bûtenfrou giet dat yn de haadsaak om de posysje fan bûtensteander yn de maatskippij.

Einte Jongsma groeit op mei syn mem en pake yn Feankleaster. Syn Surinaamske heit, in fakânsjeleafde fan syn mem, hat hy nea kennen. Yn it doarp heart hy der gewoan by, mar doch fernimt er dat er as donkere jonge yn in lyts Frysk doarp oare, positive, oandacht krijt.

Oan syn rêstige jeugd komt in ein at er op in dei út skoalle komt en syn mem dea op bêd fynt. Sa komt Einte der fan de iene op de oare dei allinnich foar te stean, want nei de al eardere dea fan pake is der gjin fierdere famylje mear.

Einte set him nei wenjen yn in studinteflatsje yn Ljouwert, dêr’t er belutsen rekket by de hannel yn marihuana. It begjint ûnskuldich, mar foardat er der erch yn hat makket hy ûnderdiel út fan in drugsnetwurk. Twa mannen, dosint Koaisma en de skimige projektûntwikkelder De Jong, sette him ûnder swiere druk, mei fiergeande gefolgen. Yn de finzenis sint er op in wraak, in wraak dy’t gjin spoaren efterlitte mei.

Op in oare wize docht er dat wol: hy skriuwt syn libbensferhaal op. De balâns wurdt opmakke yn in goedkeap hotel yn Istanbûl dêr’t Einte in frommeske treft, Emine. Sy hat in Turkske eftergrûn, mar is yn Dútslân grutwurden. Einte, bûtenman, fielt him ta Emine, bûtenfrou, oanlutsen en fynt in soad fan syn eigen en syn mem har libbensrin yn Emine werom.

 

Konstruksje
It boek bestiet út 18 net al te lange haadstikken, dy’t besteane út koarte alinea’s. It docht bliken dat Willem Verf der no en dan wat muoite mei hie om de werklike gronologyske libbensrin fan Einte te rymjen mei itjinge dat Einte opskreau en tocht. Dat soarget foar in betiden yngewikkelde fertelkonstruksje.

‘Alderearst mar even de boekhâlding, want dy wurdt hyltiid yngewikkelder: dit is de njoggentjinde dei nei de tiisdeis dat ik frijkaam út de bajes, de fyftjinde dei dat ik yn Istanbûl bin, de tolfde dei dat ik skriuw.

Ik skriuw aant alderearst oer wat der juster barde, hjir yn Istanbûl, dêr is alle reden ta. Mar ik notearje ek wat ik de woansdeis en de tongersdeis nei myn frijlitting die. Tuskentroch komme der no en dan wat oantinkens boppe oan petearen mei De Jong en wederwarichheden mei Koaisma en De Jong.’ (s. 118)

Skaaimerk is de werhelling. Sa wurdt yn haadstik 8 beskreaun hoe’t De Jong, troch Koaisma syn slûchslimmens, Einte ûnder druk set. Dat foarfal komt dan yn haadstik 13 nochris foarby:

‘Yn alle gefallen hied er my oan De Jong oerlevere om dy status net te ferliezen, sa wie ʼt al. No ja, ik haw dat earder beskreaun.’ (s. 116)

Passaazjes mei ‘sa’t ik earder al skreau’ en farianten dêrop komme in soad foar. Oan de iene kant jout dy werhelling de lêzer mei krekt oare details wat mear ynformaasje om de puzel te kompletearjen, mar oan de oare kant steurt dizze werhelling op it lêst ek.

Spitich is it dat der wat sloarderige flaterkes yn sitte. Sa wurdt it bedrach dat Einte mei de drugshannel fertsjinne de iene kear yn euro’s útdrukt en de oare kear yn gûnen. Ek mist der hjir en dêr wolris in letter (t-hirt). It foarlêste haadstik is it sterkste haadstik út it boek. Einte krijt dêr it ynsjoch dêr’t syn skriuwerij om te dwaan is. Hy reflektearret de moard op De Jong en akseptearret it ferstjerren fan syn mem:

‘Mem lei net op bêd mei in tie-rib om ʼe hals. Mem lei yn frede, in moaie frou dy’t net âlder wurde woe as 48. Ik wol net iens mear witte wêrom at dat sa wie.’ (s.152-3)

Hy beslút it bêste te kiezen foar Emine en himsels:

‘At ik mei Emine fierder gean, stel ik mysels ek op it earste plak. Emine giet sûnder it te witten in relaasje oan mei in moardner. Immen dy’t yn koele berekkening en nei soarchfâldige tarieding in oar deadien hat. It is te let no; om twa oere by dy boat wêze sil net mear slagje. Hja is better ôf sûnder my. Ik doch de leptop ticht.’ (s. 153)

Dat hie in prachtich slot west, it is rûnút spitich dat Verf der noch in haadstik efteroan plakt hat. Boppedat hat it lêste haadstik in totaal oare ferhaalstruktuer. It is skreaun fan Emine – dy’t net begrypt dat Einte fan harren ôfspraak fuortbliuwt – har perspektyf út. Oare haadstikken fan Emine har perspektyf út, binne skreaun yn brieffoarm. Dit lêste haadstik is dat net en makket de ôfwikende ferhaalstruktuer namste opfallender.

 

Identiteit
Identiteit is yn Bûtenman & Bûtenfrou it trochrinnende tema, lykas seks, drugs en rock and roll. It makket ommers net allinnich ûnderdiel út fan Eintes ferhaal, mar ek fan Emine harres. Troch guon stikken fan Emine har perspektyf út te skriuwen, lit Verf ek fan in oare kant ljocht skine, wat it ferhaal in ekstra djipte jout.

Nettsjinsteande de yngewikkelde fertelkonstruksje is it Willem Verf slagge om op in fûnemint fan in maatskippijkritysk, realistysk en aktueel tema in mearsidige en meinimmende roman te skriuwen. Kwa tematyk sil dit boek ek in jeugdiger publyk oansprekke. Yn dy sin wurdt der yn in ferlet foarsjoen. In hiel passend wurd yn dit ferbân.

 

Bûtenman & Bûtenfrou, Willem Verf. Friese Pers Boekerij, 2013. 160 siden, EUR. 13,95

Comments
Ien reaksje oan “Einte, keapman út de Wâlden”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.