Nûmer 4
Publisearre op 12 september 2016
Sûnt inkele jierren besteget Tresoar omtinken oan ûnbekinde Fryske muzyk ûnder it motto ‘yn de argiven sjongt de tiid’. Yn de skatkeamers fan Tresoar lizze noch peareltsjes fan bledmuzyk of fine wy spoaren nei komponisten en komposysjes dy’t it fertsjinje om útfierd te wurden. It giet dan bygelyks om lieten fan Humalda van Eysinga of in opera fan Martinus Schuil. Ek stimulearret Tresoar de stúdzje nei de Fryske muzykkultuer.
Yn dat ramt is dizze publikaasje oer Fryske Opera fan Liuwe Westra as taheakke by de Moanne ta stân kaam dy’t as ekstra nûmer (4) tegearrre mei nûmer 5 fan de Moanne ferskine sil. ‘de Ballade fan de tolve opera’s’, in Moanne-special oer de Fryske opera’s. Rûn 24 septimber tegearre mei nûmer 5 by al ús abonnees op ‘e matte.
In abonnemint op de Moanne kostet €40,00 jiers (bûtenlân €50,00). Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato. In proefabonnemint foar twa nûmers kostet €10,00.
Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,00 stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.
Binne jo stiper fan de Afûk, Tresoar of de Fryske Akademy? Nim dan in abonnemint tjsin in redusearre taryf. Om fan dizze regeling gebrûk te meitsjen, nimme jo kontakt op mei ien fan krektneamde ynstellings. Hawwe jo oars noch fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
KARIN DE MIK - De enige Academie voor Popcultuur in ons land staat in Leeuwarden. De vierjarige hbo-opleiding stoomt studenten klaar tot zelfstandig ‘pop artiest’. [...]
HARMEN WIND - Noch ien kear dyn siken efkes fiele. Dyn waarme fel noch ien kear tsjin myn hûd. Noch ien kear de himel [...]