De fûgel, syn liet en syn kouwe

HARMEN WIND –

 

Noch ien kear dyn siken efkes fiele.

Dyn waarme fel noch ien kear tsjin myn hûd.

Noch ien kear de himel mei dy diele.

En fan dyn stim noch in leaf lyts bytsje lûd. (Bauke v.d.Woude)

1. De tiid ryp

Beart Oosterhaven begûn mei syn muzykresinsjes yn Frysk en Frij en sette dat wurk nei 1998 troch yn Hjir. Faaks noch wol mear as kritikus is Oosterhaven by útstek de Fryske folk- en popmuzykkronikeur. Hy hâldt de ûntjouwingen by en leit ferbannen mei de mondiale sitewaasjes. En dat docht er yn in meinimmende styl en mei grutte belutsenens.

It wie heech tiid dat in gearfetting fan syn stikken, en dêrmei de resinte muzykskiednis, ris yn ien bân byienbrocht waard, om dêrmei de pendant fan de Spiegel fan Oppewal/Boorsma en de moderne oanfolling fan Bruinja/Hilarides Dream yn in blauwe reinjas/Droom in blauwe regenjas te jaan. De muze hat op ’t lêst in sjonglûd. En sjonge docht se yn Fryslân al ieuwen en ieuwen, mar de lêste tritich jier, sa liket it, mei mear oerjefte en faasje as ea.

Ek útjouwerij Venus hold it wurk fan Beart Oosterhaven yn ’e rekken en fûn de tiid ryp. Dus leit it boek der no: De fûgel yn dy – 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004. De titel is ûntliend oan in nûmer fan Reboelje (tekst Marius de Boer), mei it langstme nei frijheid yn it klassyk-romantyske byld fan de fûgel.

2. It liet yn ’e knipe?

No ha ik it mier oan foaroardielen, mar men ûntkomt net oan in earste yndruk: yn ôfmjittings en foarkommen docht it boek my wat sunich oan. Utjûn mei stipe fan ’e Provinsje Fryslân, stiet foaryn. Dat is moai, mar mei wat mear stipe, ek út oare hoeken, hie it wat mear stal en antlit ha kind. En net te ferjitten… lûd, mei in cd of twa efteryn.

Fansels, it grutte ferskil mei de boeken fan Oppewal/Boorsma en Bruinja/Hilarides is dat dy (benammen) foar de Nederlânske merk bedoeld wiene en dus it Nederlands Literair Productie en Vertalingenfonds (NLPVF) foar de karre spanne koene, mar hie dat mei dit boek ek net kind? Sjoch mar hoefolle artysten en groepen har oer de provinsje- en sels lânsgrinzen hearre litten ha yn ’e lêste tsien jier. Wêrom soe it liet ûnderstek dien wurde moatte yn it útdragen fan Fryske literatuer?

3. Ynhâld

Mar ho, ik draaf no al te hurd. Dit binn’ net mear as earste krôken. Betochtsumens is in betingst foar in besprekker. Wat stiet deryn?

Yn it foaropwurd seit Oosterhaven, mei in sitaat fan John Lennon, dat in goeie (pop)songtekst ‘poëzy’ is. ‘Sûnder muzyk bliuwt it oerein.’ Dat is foar him it earste karkritearium wurden. Hy neamt noch twa: nûmers dy’t opnaam wurde, moatte mei-inoar in ridlik folslein byld jaan fan de perioade (2), en se dogge de gearstaller persoanlik wat (3).

De ynlieding falt yn twaen út elkoar: 23 siden ‘folk’ en 26 ‘pop’. Beide ha deselde opbou: nei in definysje fan it sjenre komme de earste fertsjintwurdigers, ‘folk’ begjint yn 1969 mei Roel Slofstra In spyltuech bin ik en ‘pop’ pas yn 1977 om’t Rockploech Spul neffens de gearstaller de earste groep fan betsjutting wie. Dan har opfolgers: ‘Yn it (syd)spoar fan…’ en in gronologyske ynventarisaasje fan lettere fertolkers en groepen: ‘Oare groepen’. Ta beslút is der ien side foar in ‘restkategory’ sûnder opnommen tekst: ‘Net yn De fûgel, wol folk (resp. pop) en Frysktalich’.

It moat allegear koart om ’e hoeke as yn fyftich siden hast fjirtich jier muzykskiednis fan in ynternasjonaal ramt foarsjoen wurde moat, kompleet mei it typearjen fan fiifenfjirtich Fryske fertsjintwurdigers. Al gau wurdt dan te folle by elkoar fage. Sa foarmje bgl. ‘Rients Gratama, Hessel van der Wal, Leny Dykstra-de Vries en Bennie Huisman’ it haadstikje ‘sjenrekeunstners’ yn noch gjin twa siden en wurde popgroepen oardere nei debútplaat, yn blokjes fan fiif jier.

Saaklike ynformaasje. Woekerje mei de romte. Wat ik yn it boek sadwaande in bytsje mis, is it eigene yn oandacht en útlis dêr’t Oosterhaven yn syn Hjir-resinsjes wól de romte foar nimt (of krijt).

Dochs leit er yn opset en útwurking in dúdlik persoanlike klam. Hy hat himsels de ôfrûne tsien jier bewiisd, sawol wat ynsjoch as oersjoch oanbelanget en mei dit boek hat er in hûdfol wurk út ’e wei set. De yndieling is op himsels adekwaat en de betsjutting fan mannen as Roel Slofstra, Nanne Kalma (Irolt), Marius de Boer (Reboelje), en de Tsjoch- en Lietfestivals wurdt yn ’e kontekst kearneftich dúdlik makke.

Wat my opfalt is, dat yn ‘folk’ froulju folút meidogge (bgl. Leny Dykstra-de Vries, Frederike Kleefstra, Nynke Laverman, Geppy Haarsma, Ankie van der Meer), mar yn ‘pop’ mei in lantearntsje socht wurde moatte (Mirjam Timmer, Femke Hoeksma).

4. Oanmerking

Myn ynhâldlike oanmerking heart yn ’e kantline. Op s. 11 (ûnder ‘folk’) seit Oosterhaven: ‘Wat har teksten oanbelanget rjochtsje singer/songwriters har benammen op ‘e eigen binnewrâld’ (…) en ‘hâlde de measten har net wakker mei maatskippijkrityk dwaande.’ Hy ferklearret dat mei: ‘dat is ek gjin niget, om’t lykas sein de singer/songwriters pas tsjin ’e ein fan ’e sechstiger jierren opkomme. Dat is in perioade, dêr’t yn dúdlik wurdt, dat de subkultuer fan ’e hippys net ta in stifting fan in alternative maatskippij liede meien hat.’

Hy neamt dan as ‘aartsfader’ Bob Dylan en skriuwt dat it bestean fan de singer/songwriters ôfrint ‘oan ’e ein fan de santiger jierren (…) om’t it ferlet fan ynbannige folksmuzyk dan net sa grut mear is.’

Dy foarstelling fan saken giet my krekt in pear kear te koart troch de bocht. Bob Dylan wie al mei syn earste nûmers, begjin jierren sechtich, lykas ‘Masters of war’, ‘The times they are changin’ ensfh. no krekt net in man fan ’e ‘eigen binnewrâld’. En de hippys mei har flower-power fertsjintwurdigen amper de maatskippijkrityk yn de jierren sechtich. It krêftenspul fan de ‘cold war’ en it Vietnamdebakel rôpen in folle striidberder polityk-maatskiplik engaazjemint op, dêr’t de (folk)muzykkultuer op ynspile (sjoch ek de protestsjongers).

Yn dat ‘binnewrâld’ ljocht past ek dat Roel Slofstra neist Bob Dylan te stean komt as ‘Fryske oertrûbadoer (trûbadoer is in oar wurd foar singer/songwriter)’ Sa kin beheining ta simplifikaasje liede.

5. Fryslân sjongt troch

Mar hawar, ik hie it oer de kantline. Wêr’t it om giet, binn’ de teksten. En yndied: dy smite in soad geniet op. Wol ha ik faak ferlet fan de muzyk (it nûmer is no ienris mear as de tekst) mar dan kin ik oanklopje by de ‘Stichting Friesland Pop’ yn Ljouwert. Dy hat alle lûddragers.

Hûndert lietteksten. Krekt as by de poëzyblomlêzing fan Gerrit Komrij is it ûnderlinge belang fan de ‘bringers’ ek ôf te lêzen út it oantal. Sa krijt Reboelje bgl. 8 teksten en Xigatze 1, Roel Slofstra 6 en French Connection 1. In dúdlike hiërargy dus.

De skieding tusken ‘folk’ en ‘pop’ is net werkenber yn it liettekstdiel fan it boek: dat is alfabetysk (ûnder de artyst of groep) oardere. Is dat handich? Ik soe it leaver oars sjoen ha. Ik wol graach de ûntjouwing en ynhâldlike skaaimerken, tematyk ensfh. fan ‘folk’ en ‘pop’ ôfsûnderlik sjen. Dat is yn dizze opset slim benei te kommen.

Ik nim it boekje ‘Fryslân sjongt’ (6e pr.1978) út ’e kast, 131 lieten dêr’t de melodyen wól fan ôfprinte binne, en freegje my ôf, wat de ferhâlding tusken dizze beide útjeften is. It iene fertsjintwurdiget – ek al spylje maitiid, leafde en ferealing net min by – de âlderein, yn in rispinge fan ieuwen. It oare – ek al komme hjerst, krebintigens en dea noch alris om ’e hoeke – de jeugd, yn in wjerslach fan desennia.

Ut Fryslân sjongt mei my dan de waarme azem fan kritekoarkes temjitte slaan, der steane nammen yn as Fedde Schurer, Klaas Bruinsma en Sybe Krol, dy’t weromkomme yn De fûgel. Ek yn tematyk (lân, leafde, frijheid) is der oerienkomst. De samlingen soene wolris tichter byinoar stean kinne as je ynearsten tinke.

Rom hat foar de hjoeddeiske artyst in koart libben. Mar yn De fûgel stiet in grut tal nûmers dat it perfoarst wurdich is en kom yn de lietekanon telâne. Want der mei frijwat feroarje, 

Mar wy binn’ bleaun, al dy Fryske sjongers,

dy dichters fan it folksaardich fers,

sa’t Doede Vreeman it yn it parodistyske Hurde Friezen útdrukt. Teksten fan Jacques Brel, John Denver en Bob Dylan dogge it goed yn it Frysk, en ferneamde dichters as Schurer, Wytsma en Berga blaze har poëtysk partijke mei, mar Altena, Sikkema, Van der Werf, Veeman en Huisman meie der mei har útbyldzjen fan it konkrete libben ek wêze. De lêste jout syn ‘poëtika’ treflik oan yn Akky fan ’e Gaastmar:

 

De taal is linich en wol tûk,

en komt de wrâld in ein benei.

Mar as ik sjoch en fiel en rûk

dan komt de dichter yn my frij.

6. In rom hert

De titel De fûgel yn dy tsjut, neist de muzikalens dy’t in mins yn him hat, de beheindens fan syn frijheid oan. Dizze kouwe hie mei wat mear stipe in foliêre wurde kind. Dy moat der dan mar mei de werprinting komme. De útjefte is wichtich genôch om gau útferkocht te reitsjen. Earst yn Fryslân. En op syn minst de helte ropt om in Hollânske oersetting. Trouwens, de kearsang út Skûtsje neamd Fryslân fan Piter Wilkens oerstimt myn krityk op syn eigen wize: 

Wiid, wiid binn’ de loften, wiid, wiid is de wrâld.

Hoe fol ek it roefke, in rom hert is genôch.

 

Beart Oosterhaven, De fûgel yn dy. Venus, Frjentsjer 2005.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006),  1 (jannewaris), s. 42-44.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.