Fan God los
PIER BERGSMA – Goed in jier lyn, op freedtejûn 13 novimber 2015, waarden yn teater Bataclan 130 minsken deasketten troch striders foar de wiere islam. In dei letter waard yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing hâlden mei as konklúzje dat de tsjerkegong yn Fryslân al jierren weromrint. God hat it blykber net oeral foar it sizzen. […]
Sinjalemint
Alle dingen om ús hinne hawwe in skiednis. Meastentiids binne wy der net mei dwaande. De waan fan ‘e dei is sterker as dat wat achter ús leit. Yn syn essee by syn twadde oersetting fan Tolkien komt Liuwe Westra telâne by de tuorren fan Fryslân. Se binne sichtber yn it lânskip as symboalen fan […]
Nûmer 4
Sûnt inkele jierren besteget Tresoar omtinken oan ûnbekinde Fryske muzyk ûnder it motto ‘yn de argiven sjongt de tiid’. Yn de skatkeamers fan Tresoar lizze noch peareltsjes fan bledmuzyk of fine wy spoaren nei komponisten en komposysjes dy’t it fertsjinje om útfierd te wurden. It giet dan bygelyks om lieten fan Humalda van Eysinga of […]
It debút fan Jan Mankes en Anne Zernike yn ’e Fryske literatuer?
LIUWE WESTRA – Op âlde maaie 1909 kaam de keunstner Jan Mankes oan ’e eastlike útein fan it hjoeddeiske Feen te wenjen, doe in offisjeel doarp: ’t Meer, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Foarby ’t Meer begûn Benedenknijpe, en noch wer eastliker Bovenknijpe. Dy beide lêste doarpen binne yn 1970 gearfoege ta De Knipe, dat dêrmei […]
Fioelen as sirenen
LIUWE H. WESTRA – It is al wer in hiel hoart lyn, Knielen op een bed violen fan Jan Siebelink. It súkses, de priis, de toernee, wy witte it allegear. Wat ik yn dit essay dwaan wol, is omtinken freegje foar in blyn plak yn ’e krityk. Ik sis fuort, dat it gjin dwaan allyk […]