Nou rint men as eksperiminteel yn Fryslân net gau de kâns net orizjineel te wêzen

Publisearre op 18 november 2011

Durk van der Ploeg kaam yn jannewaris 1960 yn ’e redaksje fan De Tsjerne yn it plak fan Marten Sikkema. Hy wie doe 29 jier. It ûnderwerp dat him dwaande hâlde, wie de ‘eksperimintele’ Frysktalige poëzij. Syn earste grutte essayistyske stik dêroer – nei in koarte, negative resinsje fan de bondel reade runen fan Ella Wassenaer – wie ‘Fakirs fan de wurge slangen’, it stie yn it oktobernûmer fan 1960.

It wie in frontale oanfal op de ‘eksperimintele’ poëzij yn Quatrebras. Yn syn stikje oer reade runen hie er al sarkastysk opmurken dat “men as eksperiminteel yn Fryslân net gau de kâns [rint] net orizjineel te wêzen” en ek de hoop útsprutsen dat de Fryske poëzij it eksperimintele stadium gau ûntgroeie soe. In “selsstannige ûntwikkeling” stie er op oan, in ûntjouwing út it avant-gardisme wei “dêr’t wy hjoed noch mei tangele sitte”.

Grif om sokke gjalpen mear fleis op ’e bonken te jaan sette er him dat jier ta in wiidweidiger en teoretysker skôging, dy’t gâns ynfloed hân hat op diskusjes oer Fryske poëzij. Steven de Jong, Quatrebras-skriuwer, tsjinne Van der Ploeg fan replyk en duplyk, wylst ek Tjitte Piebenga oanheakke  mei in wiidweidich stik.

Kearn fan de saak wie foar Van der Ploeg dat neifolging fan de Fyftigers, sa’t Quatrebras dy sûnder dúdlike krityske lieding en teoryfoarming praktisearre, de Fryske poëzij net op fruchtbere boaiem bringe koe. Dat hie twa redenen. Oan de iene kant bleau dy poëzij neffens him stekken yn in ferwettere neifolging fan wat yn Hollân skreaun waard. It risseltaat wie in foarmtechnyske fernijing, dy’t net fierder kaam as it ôfskaffen fan typografyske konvinsjes. Op it twadde plak lieten de fernijers “literêre agressy” sjen tsjin it Frysk-literêre ferline mei syn tradisjoneel omtinken foar it kollektyf. Ek foar Van der Ploeg wie poëzij “taalkeunst dy’t (…) in relaasje siket mei it folk, mei de mienskip, mei de wrâld”, ergo, Fryske poëzij koe net sûnder it Fryske folk en de Fryske mienskip. Hy stie oan op in eigen oplossing, de feroardieling foarby, “om myn part yn de rjochting fan in nij eksperimint nei it mystike, it eksorsisme, of hokker rjochting dizze tiid ek freegje mei”.

‘Fakirs fan de wurge slangen’ sloech yn as in bom. Yn it desimbernûmer fan 1960 reagearren Steven de Jong en Tjitte Piebenga. De Jong foel de religieuze ympuls by Van der Ploeg oan en seach ‘folk’ en ‘mienskip’ as fiksjes, dêr’t in dichter gjin boadskip oan ha moast, mar it neifolgingsargumint liet er lizze. Piebenga lykwols folge fierhinne de riddenaasjes fan Van der Ploeg en brocht boppedat noch yn dat it eksperimint yn Fryslân fierstente min út de taal sels helle waard: “de ynhâld [wie] faak noch oanhelle (…) mei in tefolle oan tradysje, en [dreau] te min (…) op de assosjaasje fan klank en byld”.

Wa’t  anno 2011 de meast resinte blomlêzingen besjocht, wit dat fan de Quatrebras-auteurs út it tiidrek 1950-1960 eins allinnich Jelle de Jong as ‘Fryske Fyftiger’ oerein bleaun is. It liket der dus op dat de moderne literatuerskiednis Van der Ploeg gjin ûngelyk jûn hat.

Abe de Vries

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels