Mooglik wurdt it in hiel oar stik

Publisearre op 31 mei 2013

ELSKE SCHOTANUS – 

By Sneak Previews, in begryp út de filmwrâld, giet it om foarstellingen dy’t noch net yn premjêre gien binne. Tryater doart it oan. Trije jûnen achter elkoar wurde trije stikken brocht, stikken dy’t noch yn ûntwikkeling binne. Foar in ‘leuk pryske’ kin it publyk dêr twa fan útkieze.

Dat it om ‘útprobearsels’ giet, blykt by de baly al. Ien fan de stikken falt wat koarter út sadat dy jûn net allinne de ‘bylzjende ynstallaasje foarstelling’ Sy fan Ira Judkovskaja en Tamara Schoppert en Heimwee nei Hurdegaryp fan Tatiana Pratley te sjen wêze sil, mar ek de teatrale lêzing Thúsfront, skreaun troch Romke Toering. Trije hiel ferskillende stikken, ek as it om de ûntwikkelingsfase dêr’t it stik yn sit giet, trije kear ferrassend.

Mei it op de planken bringen fan eat dat noch net ôf is, kinne spilers en makkers sjen hoe’t it publyk reagearret: wat wurket, wat net. Dêrby giet it net allinne om de reaksjes fanút de seal wei, tidens de foarstelling – rûzemuozjen, al as net laitsje, it applaus – nee, yntegraal ûnderdiel fan it it preview-konsept is it neipetear nei ôfrin, ûnder lieding fan Annet Huisman, wêryn’t it publyk op de foarstellingen reagearret en spilers en makkers fertelle oer hoe’t in in idee, hoe’t bepaalde sênes ta stân kommen binne.

Sa ûnstie Sy fanút it earder brochte Fan de stêd en it libben, oer it deistich libben fan de massa. Sy dêrfoaroer zoomt júst yn op dat fan it yndividu. It is in yntime foarstelling, de yntimiteit fan soms mar in meter ôfstan tusken de spylster, Tamara Schoppert, en it publyk dat in frou yn har eigen omjouwing folget, letterlik, troch, mei de koptillefoan op, yn it healtsjuster fan de iene nei de oare sêne te rinnen. Sy wurdt wekker, klaait har oan, tinkt, dreamt… yn in dekôr dat troch ien fan de besikers in ‘spoekhûs foar folwoeksenen’ neamd wurdt.

Sy is dúdlik in stik yn ûntwikkeling: in tekst dy’t de dei derfoar, by de trochrin, noch útsprutsen waard, wie diskear fia de koptillefoan te hearren. In dei letter pakt de foarstelling miskien wér oars út en as it ta in premjêre komt, is it mooglik in hiel oar stik wurden.

Yn it neipetear litte spilers en makkers har entúsjasme sjen, mar ek wat fan de emoasje dêr’t in stik of in sêne út fuortkomt, ûnderdielen dêr’t noch oer neitocht wurdt, wêr’t harren twifels sitte. It teaterselskip stelt har dêrmei kwetsber op, mar miskien jildt dat ek wol foar it publyk: wêr docht, watst sjoen hast, dy oan tinken. Wat docht it mei dy.

Yn Heimwee nei Hurdegaryp, de ‘nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel’. tûmelje Lourens (van den Akker) en Eelco (Venema) har oantinkens wyld oer elkoar hinne: dy oan tillevyzjeprogramma’s, yn sliep falle, de tomme yn ’e mûle by it foarlêzen fan Pinkeltje, ‘ús pake sei altyd’, de rook fan kuil, it mei eroatyske dûnsbewegingen brochte ‘Du’ fan Peter Maffay, de mannen fan it doarp op de brêge – of is it in kafee? – en folle mear noch. It binne de beide mannen har eigen, smijd ta in assosjatyf en byldzjend gehiel wêrby’t, sa fertelt Lourens, Eelco folle mear op de feiten rjochte is as hy. It ûnthâld wurket ommers net perfekt, dan kinst der likegoed in moai ferhaal fan meitsje.

De langstmen nei de bernetiid, de jeuchd fan de beide tritigers roppe by it publyk har eigen assosjaasjes op. Sa seit in tillefyzjequiz as Waku Waku net elkenien wat, mar de wize wêrop’t minsken, by it opheljen fan oantinkens, tsjin elkoar opbiede is sa werkenber dat as immen yn it skoft oer Peyton Place begjint onmiddelik Swiebertje op it aljemint komt. En in jonge frou dy’t de rook fan kuil net ken, rûkt der wat oars yn, eat dat fan hár is. In nostalgysk, soms pynlik, weromsjen ommers, is fan alle generaasjes.

‘Miskien noch wat byslypje’, jouwe de spilers oan, mar dizze foarstelling is, fan de trije, it meast ‘ôf’ en al yn juny te sjen: op Oerol.

It minst ‘klear’ is it dokumintêre Thúsfront oer hoe’t âlden fan militêren, op missy nei Uruzgan, foar de kar fan har soannen om it leger yn oerstean.

Mei it skriuwblok yn ’e hân, foar in grut part sittend, bringe de spilers de tekst as ‘teatrale lêzing’. Dan wer spylje, dan wer lêze sit der wolris in stroffeltsje yn en wat op it spylflak brocht wurdt, rint net altyd syngroan mei de fideobylden fan de soannen, yn legerpak, projektearre achter de trije memmen en dy iene heit, mar de yntonaasje is der al en it is in libben, emosjoneel en emosjonearjend gehiel dat tichtby bringt wat in pear jier ferlyn in werklikheid út de media wei wie. Dat wie it nét foar de húshâldings dy’t der streekrjocht by belutsen wienen en dêr’t Toering petearen mei hie om ta it ynkringende skript te kommen dêr’t regisseusse Silvia Andringa ‘de potinsje en mooglikheden’ no fan ûndersiket. Dêrby steurt it blêdzjen nei de folgjende side absolút net, it foeget miskien sels wat ta, komt yn it plak fan it spul dat der no noch net is, miskien sels oerstallich wêze sil.

Thúsfront mei dan basearre wêze op de ferhalen fan de âlden fan jonges dy’t in pear jier ferlyn as soldaat nei Afghanistan gienen, de âlden fan de jihadstriders yn Syrië sille yn in soartgelikense sitewaasje sitte en dy is net oars as dy fan myn pake en beppe dy’t, doe’t ús heit, ein fan de Twadde Wrâldoarloch, út Dútslân wei gerêststellende brieven stjoerde alle dagen dea-ûngerêst op de postboade wachten. Dokumintêr én universeel.

Yn prinsipe is it mooglik dat in idee dat as foarstelling yn ûntwikkeling de Sneak Preview hellet – dy fan ôfrûne maart, dy fan no, dy fan yn de takomst – toch in ‘deaberne berntsje’ blykt. It publyk krijt net allinne in priuwke fan wat der, mooglik, oan stiet te kommen, mar ek in unike blik yn de keuken fan Tryater.

 

Oer de Tryater Sneak Previews fan 29 maaie, Tryatergebou yn Ljouwert

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]