Meartalich ûnderwiis, in deiboek

GELLIE WINKEL –

OBS De Pôlle út Marsum is in Trijetalige Skoalle. Dat betsjut dat de learlingen les krije yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Yn Fryslân hawwe goed fyftich skoallen dat trijetalige sinjatuer. Gellie Winkel is taal- en kultuerkoördinator oan OBS De Pôlle en jout les oan groep 3 en 4, middeis slút ek groep 5 oan. Spesjaal foar de Moanne hold ‘juf Gellie’ in deiboek by oer de meartalige aspekten fan it ûnderwiis yn Marsum.

Tiisdei 16 april 2013

Fan ’e middei hawwe wy ús Fryske middei. De bern fine it al lang net mear bysûnder dat se in hiele middei les krije yn it Frysk. Yn tsjinstelling ta de lessen yn it Ingelsk: de Ingelske moarn is populêr by myn learlingen. Ingelsk prate fine se wakker ynteressant. Mar goed, hjoed Frysk. Ik meitsje mei groep 5 in les út it staveringsboekje. It giet oer wurden mei –aai (kaai, draai, ensfh.). Troch de wurden sjen en klinke te litten ûntwikkelje de learlingen it wurdbyld.

Dêrnei geane wy fierder mei wurden mei de begjinletter s: suster, saak, seis, stream, sipel. Ik fertel yn dizze groepen noch net dat in wurd yn it Frysk altyd mei in s begjint en noait mei in z. Dat is te dreech: it ferstean, praten en lêzen stiet sintraal. De bern sprekke de wurden goed út, útsein stream, dat sprekt in famke op syn Ingelsk út. Gjinien ferbetteret har, dêrút konkludearje ik dat se dy Ingelske klank hiel gewoan fine.

Under it nifeljen prate de bern Frysk tsjin elkoar. Al helje se Nederlânsk en Frysk ek wolris trochelkoar. ‘Iemand hat de bledsjes der ôf lutsen’, hear ik in famke sizzen. It bart faker dat de learlingen de talen trochelkoar helje. Dat is logysk, it heart by it learproses.

Nei skoaltiid hear ik fan de beukerliedster dat guon learlingen út groep 7 by har yn ’e klasse foarlêzen hawwe. It ferhaaltsje gong oer in hazze mei de namme Hero. Nei it ferhaaltsje fregen de âldere bern oan de beukers hoe’t it haske hjitte. No, Hero fansels, wie it antwurd. Wêrop’t in jonge út groep 7 fertelde dat dat ‘held’ yn it Ingelsk is. Trijetaligens yn in nutedop.

Woansdei 17 april 2013

Juster wie der in mem dy’t ús beukerliedster net sa aardich behannele. De mem fynt dat de beukers tefolle Frysk oanbean krije. Hjoed beprate wy it foarfal yn it skoft. It team is it iens: de mem mei har miening hawwe en dy ek by ús dellizze, mar it jout gjin pas om dat midden yn ’e klasse te dwaan, wylst alle beukers der by sitte. Wy rinne oars noait tsjin sokke foarfallen oan. Doe’t wy twa jier lyn op it punt stienen om ús oan te sluten by it netwurk fan Trijetalige Skoallen, hawwe wy in âlderjûn belein. Dêr hawwe de âlders massaal krityske fragen steld, mar oan ’e ein fan ’e jûn stie elk achter it konsept. Ik fyn it hiel apart dat dy âlder dêr no noch mei komt, it is al sûnt it begjin fan it skoaljier belied dat de beukers trije Fryske middeis hawwe.

Groep 4 hat de moarns Nederlânske taal. In dreech ûnderdiel dêrfan: sykje yn de sin ‘wa’t it docht’. Bygelyks yn: ‘Se hawwe nei de winkel west.’ Wa hawwe nei de winkel west? Se. It is wichtich dat de bern dat ûnderdiel goed yn de fingers krije, want it komt yn alle klassen werom. It giet goed. Ik bin grutsk op myn learlingen!

Tongersdei 18 april 2013

Tongersdeitemoarn is ús Ingelske moarn en dus is native speaker miss Irma op skoalle. Se bepraat earst mei alle learkrêften wat se mei de bern oefenje sil. De bern witte net dat miss Irma ek Nederlânsk prate kin. Sy praat binnen de skoalle konsekwint Ingelsk. Ek mei de learkrêften, ek yn it skoft. Myn Ingelsk ferbetteret dêrtroch alle wiken. Twa jier lyn hawwe wy allegearre in Refresher Course English fan Anglia hân. It wie earst wol efkes dreech om Ingelsk te praten mei de folwoeksenen, mar nei de bern ta gie it eins hiel maklik. Dochs bin ik bliid dat ik net krekt lykas myn kollega fan groep 8 rekkenjen yn it Ingelsk jaan moat.

Groep 3 en 4 krije earst mûnling Ingelsk fan miss Irma. Se lit wurdplaten sjen dy’t by de maitiid hearre. Tulip, bulb, picnic table, ensfh. By it tema ‘maitiid’ hearre in grut tal wurden dy’t de bern leare moatte, neffens ús Ingelske metoade. Alle wiken krije se tsien wurden oanbean. De measte wurden ha se no ûnder de knibbel. Ik hear se praten oer in rake (harke/túnklauwer), in vegetable garden with tomatoes, lettuce and spinach en ien jonge wol graach on a picnic with a basket and a blanket. De bern fine Ingelsk fan de native speaker geweldich. Miss Irma lokket se ek hiel goed út ’e tinte en hellet se sa allegearre oer de praatdrompel.

As miss Irma nei in healoere wer fuortgiet gean ik troch mei de Ingelske les. De bern krije twa bledsjes. De iene mei Ingelske wurdsjes, de oare mei plaatsjes. De bern moatte de plaatsjes en de wurdsjes útknippe en de goede kombinaasjes byelkoar plakke. Guon wurden – lykas mill – ha de bern noch nea earder hân. Mar de bern fan groep 4 fine it net dreech. Groep 3 hat der mear muoite mei. Wy slute ôf mei in Ingelsk ferske.

Freed 19 april 2013

Krekt lykas alle moarnsskoften – útsein tongersdeis – jou ik Nederlânsk. Wy brûke de metoade Veilig Leren Lezen foar groep 3 en de metoade Taal en Spelling in Beeld foar groep 4. Mei groep 4 behannelje ik behalve it lêzen ek taal en stavering. It ûnderdiel wêrby’t de bern it ûnderwerp út de sin helje moatte, komt hjoed wer werom. De middeis hawwe de groepen 1 oant en mei 4 frij.

Moandei 22 april 2013

De moarns begjinne wy mei it bepraten fan it wykein. De bern fertelle wat se belibbe hawwe. Dat dogge se yn it Nederlânsk. Mannichien tinkt miskien dat sa’n kringgesprek in moaie gelegenheid is om elk yn de eigen memmetaal prate te litten, mar dat dogge wy net. Wy skiede de talen en dêr hâlde wy ús streng oan. Dat hat as gefolch dat de bern de talen ek better skiede en werkenne.

Fan ’e middei is it wer in Fryske middei. Groep 3 en 4 krije Fryske les mei help fan de metoade De Lêsbrêge. De lêste wiken hawwe wy ûnder oaren oefene mei de lûden û, â en ú. De wurkblêden hawwe de bern samar klear. De bern fan groep 4 lêze de koarte sintsjes al hiel goed. Groep 3 lûkt him oan groep 4 op en sy lêze dus ek al hiel reedlik mei.

Foardat wy nei gym geane, sjogge de groepen noch in ôflevering fan It Boskwyfke, fan de Fryske skoaltelevyzje. It wurdsje ‘tobbe’ komt der yn foar en dat kenne de bern net. Dus dat beprate wy noch even.

Under gymnastyk fûn ik it yn it begjin noch wolris dreech om konsekwint Frysk te praten. Dat is no oer, it ritme fan de ferskillende Fryske en Ingelske mominten sit der goed yn!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.