De Underlinge 

BOUKE VAN DER HEM –  It berjochtsje wie woansdeitemoarns op it yntranet delkwattele, der stie gjin namme ûnder, allinnich dat it fan de OR ôfkomstich wie. Meastentiids gienen berjochtsjes út dy hoeke oer gearkomsten, kursussen, enkêtes, in fytsplan of in regeling foar it frijwillich dielnimmen oan it personielsreiske. Se waarden ornaris mar in bytsje lêzen, […]

Myn ekstremisme

BOUKE VAN DER HEM –  Yn de hjitte fan it boerkaferbod en de diskusje dêroer stean ik eins noch it meast fersteld fan mysels. De Volkskrant-kollum De gemiste kans van het boerkaverbod (d.d. 05-08-19) fan myn sweager wêryn’t hy feitliks pleit foar in folslein ferbod, lis ik nei it lêzen boazich fansiden. En dan syn ôfslutende, […]

Al dy hesjes

BOUKE VAN DER HEM –  De jierfergadering fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elfsteden hat tagelyks altyd wat wei fan in toochdei. Inkelen dy’t it foar ‘t sizzen ha achter de lange tafel en de seal grôtfol believers. Dat is benammen sa sûnt nei de lêstholden tocht (1997) it lidmaatskip en de tagong fan riders […]

Wosken ear fan Nelson Mandela

BOUKE VAN DER HEM –  Yn de boppestêd fan Pretoria stiet in kolossaal stânbyld fan Mandela, net mei de fûst omheech mar earder yn in segenjende hâlding. Hy sjocht by wize fan sprekken it hear ûnder him oer, hâldt tafersjoch op it bedriuwige sintrum fan de stêd. En yn syn rêch regearingskantoaren. Sa sil ‘t bedoeld wêze en ek útlein wurde op de populêre hop on/hop off-busstour. Lykwols, doe’t wy der wienen, foel der mar in bytsje te beleven of te besjen: Apeldoorn op in hjerstdei. It moast folslein neutraal bliuwe, gjin beafeartsplak of hotspot wurde foar beskate persoanen of groepearringen. It ferhaal wol dat it bewâld der wisberet op tasjoen hat – nei Mandela’s emoasjonele frijlitting (18 fan syn […]

Tripke

BOUKE VAN DER HEM –  Op dizze dei fan de rûnreis troch Súd-Afrika steane inkele útstapkes op it programma. Dat betsjut betiid út ‘e fearren, der is spesjaal in lokale gids mei sadat ús fêste begelieder him beheine kin ta it sjauffeuren. Earst nei de fûgelopfang yn ‘e buert fan de oseaan, dan nei in […]

Bosnië leit tusken Oslo en Genève

BOUKE VAN DER HEM – De Spaanske skriuwster Clara Usón beskriuwt yn har bejubele roman Ana Mladić hoe’t de 22-jierrige dochter der ta kaam harsels in kûgel troch de kop te sjitten, mei it wapen fan de heit: de wreedferneamde Servyske generaal Ratko Mladić.   Soe it ek sa wêze kinne dat in frou of yn […]

Guernica

BOUKE VAN DER HEM –  Myn reisselskip moat dizze dagen in mânske badge drage mei dêrop wat útwrydske benammingen dy’t funksje en kwalifikaasjes oantsjutte, blykber foar insiders te begripen. By alle kongresgongers sit it krektsa, sadwaande is elkenien goed ynfierd en rint niks en nimmen út de pas. Mar o heden: eins is it by […]

Feriene steaten

BOUKE VAN DER HEM –  Yn de shuttlebus dy’t ús fan it ûnmjitlik ynleverterrein foar hierauto’s brocht nei de terminal op it fleanfjild, song Frank Sinatra ús by wize fan ôfsluting nochris ta. Inkele wiken earder wie it al mei old blue eyes begûn, yn de kabines fan de frijwat steatige breakfastroom – búnlearen meubilêr, […]

Us Jeen

BOUKE VAN DER HEM –  Grins, 8 oktober 2014   Us Jeen is hjoed ferstoarn, by libben al in leginde en dat sil er mei rjocht bliuwe, mar no dan de deade leginde Jeen van den Berg. Hy brocht it ta twa Olympic Games en ferskate lange baan-kampioenskippen. Mar mei syn kondysje – keppele oan […]

Kykoperaasje

BOUKE VAN DER HEM –  De earste tarieding bestie út it tekenjen fan in lange pylk nei ûnderen ta, mei in fineliner waard der sadwaande fan ’e seame fan myn slip ôf op wiisd dat it de línkerknibbel wie dy’t ûnder hannen moast. Ommers, jonges dy’t ik mei sporten ornaris royaal achter my liet, koe […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.