Gert Jan Slagter: de boekverzorger als choreograaf

DIRK VAN GINKEL –  ‘Het plezier dat je aan een boek beleeft, wordt versterkt als de fysieke verschijningsvorm ook bijzonder is.’ Zo verwoordt Gert Jan Slagter de toegevoegde waarde van zijn vak. Slagter werkt voor bekende opdrachtgevers als het Haags Gemeentemuseum, Museum Belvédère en Steven Sterk Utjouwerij. Stuk voor stuk klanten die een goede en […]

Fan in ambachtsman

 GRYTSJE SCHAAF –  ‘Dit fertsjinnet elk dochs?’ Op de grutte houtene bank yn it lân efter it ynterieurkompleks yn Twizel sjocht Gjalt Pilat út oer it fjild. In iepene man, dúdlik grutsk op wat er opboud hat, mar der wilens somtiden wat mei oan. It liket wolris as at it him allegearre oerkaam is. Sûnder […]

Serious gaming is yntrinsyk motivearje

De Ljouwerter game-ûntwikkelders fan Grendel Games binne tiisdei (19-11-’13) yn de prizen fallen by de Dutch Game Awards. Se wûnen de prizen Best Serious Game Award en Best Applied Game Design Award, dy krije se foar de ‘Serious Game’ Underground. Grendel Games is it bedriuw fan Tim Laning en syn saaklik partner Jan-Jaap Severs dy’t wurkje […]

Ungewoane gebeurtenissen by Kees Botman

MARRIT DE SCHIFFART – (foto: Linus Harms) Frjemde dingen binne him net frjemd. Sterker noch, Kees Botman bliuwt it leafst fier fan it bewende paad. Tegearre mei Pieter Stellingwerf is er eigener fan BUOG, Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen. In teaterorganisaasje dy’t – sa’t se sels sizze – barst fan de ideeën. Ideeën dy’t […]

Ids Willemsma

MARITA DE JONG  – (foto: Linus Harms) Ids Willemsma (1949) wennet en wurket yn Easterwierrum. De keunstner sit bûten foar syn grutte loads oan de Doarpsstrjitte. Syn twa hûnen, Aaltsje en Lokke, komme my temjitte. Hy lit my fuortendaliks it Fryske jacht sjen dat er hielendal renovearre hat. En de tomate- en koerzjetteplantsjes, dy’t straks […]

Reina Rodina: ‘Ik wol minsken oerspiele mei prikels’

De sjogger sjocht greiden, gebouwen, diken en marren mei faasje oan him foarby razen. Yn dizige ierdetinten, dan wer izige wetterkleuren. Bylden skimerje troch oare bylden hinne dy’t stiloan ferdwine. Klanken boazje oan en nimme ôf. Fan fierren sjonge frouljusstimmen Fryske wurden mei langhalige dûbelklanken. De stimmen draaie om inoar hinne yn wringende dissonanten om […]

‘It is wat it is’ – In evolúsje fan lânskipslûd

Sytze Pruiksma en de bruorren Elmar en Remco Kuiper steane foar in hikke op it Marsumer Aldlân, dat diel útmakket fan in stikmannich greidefjilden tusken Marsum en Dronryp. “Fan hjir oant de benzinepomp oant en mei it kanaal dêre.” Remco wiist yn ’e fierte. “Sa’n 120 hektare mei rûchwei sa’n fivenfjirtich broedsjes. Tweintich ljip en […]

It aai as it byld en teken fan de ûnútspreklike tiid

EELTSJE HETTINGA –  As der ien ding is dat net yn it tinken fan byldzjend keunstner Koos van der Sloot (57) past, dan is dat it sizzen: in aai is in aai is in aai. Yn syn assemblaazjes, romtlike konstruksjes, opboud út alderhande soarten fan leechsûge aaien – fan hinne- en kwartelaaien oant en mei […]

Gita Hacham skriuwt pikefeltoaniel mei ’n Meeuw

Maaiefakânsje 2010, Gita Hacham jout in kursus toanielskriuwen oan de Jeugdteaterskoalle. De opdracht: skriuw in monolooch oer dysels. De einpresintaasje leveret ferbjustere reaksjes op. Foaral by de âlden fan de dielnimmers. Dat is wol hiel persoanlik. Reden genôch foar artistyk lieder Hilde Mulder om Hacham in goed jier letter nochris út te noegjen. De opdracht: […]

Oer rûchte en rauwens en it sjongen fan de wurden

AN DE WREDE – Ira Judkovskaja yn petear mei Nynke Laverman oer Macbeth. Wat maakt voor jou dit stuk zo mooi? Nynke Laverman: De goede en de kweade kant fan de minske lizze ticht bymekoar. Dat is it sintrale tema fan Macbeth. Swart en wyt, dei en nacht. Shakespeare hat dy tematyk oeral yn ferweve […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.