Ien mei twataligens

Publisearre op 19 juli 2013

MARIEKE VINCKERS –

Bern dy’t yn Heech nei pjutteboartersplak ‘it Pikepôltsje’ geane, krije begelieding yn it Frysk. Liedster Geeske Andringa is bliid dat it pjutteboartersplak him sa’n fiif jier ferlyn oansletten hat by it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang). It SFBO stimulearret de twatalige ûntwikkeling fan bern. Geeske: ‘Frysk is myn memmetaal. Ik fyn it in prachtige taal, dy’t ik ek graach dageliks brûke wol.’

It pjutteboartersplak yn Heech is ien fan de hûnderttritich pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân dy’t it SFBO-sertifikaat drage. It SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang) befoarderet de talige, sosjale en yntellektuele ûntwikkeling fan bern. De oansletten pjutteboartersplakken wurde troch it sintrum holpen by it foarmjaan fan belied en se krije begelieding yn it sertifisearringstrajekt twataligens. Dêrby wurdt foaral ek oandacht bestege oan hoe’t pjuttelied(st)ers de meartaligens fan bern befoarderje kinne. En dat is net in kwestje fan de hiele dei ‘stoef’ trochgean mei Frysk te praten, fertelt Geeske Andringa. Sûnt sân jier is sy pjutteliedster op ‘it Pikepôltsje’ yn Heech.

‘As in taal net brûkt wurdt, dan libbet dy net en stjert er stadichoan út. Ivich skande as dat mei ús rike Fryske taal bart.’

‘It wolwêzen fan in bern stiet altyd foarop. Wy hawwe ek Nederlânsktalige bern dy’t by ús de moarn trochbringe. As ik sjoch dat sa’n bern him op de earste dei net hielendal op syn gemak fielt, dan praat ik even yn it Nederlânsk tsjin him.’ Twataligens befoarderje is wat Geeske oanbelanget dus gjin wet fan Meden en Perzen, mar in doelfêst taalbelied wêrby’t de bern har altyd noflik fiele moatte. Wol is sy ien dy’t de Fryske taal azemet en dy’t der in grut foarstanner fan is dat de taal bestean bliuwt. ‘As de taal net brûkt wurdt, dan libbet dy net en stjert er stadichoan út. Ik soe it ivich skande fine as dat mei ús rike Fryske taal bart.’

Twataligens

Dat it twatalich opfieden fan bern goed is foar de ûntwikkeling, docht bliken út in protte ûndersiken dy’t oer de hiele wrâld holden binne. Ien fan de konklúzjes dy’t hieltyd weromkomme, is dat bern dy’t meartalich grutbrocht wurde, letter folle makliker in tredde of fjirde taal derby leare. Geeske: ‘Bern yn in twatalige situaasje hawwe in foarsprong yn abstrakt tinken. As je fan jongs ôf oan al leare dat der mear wurden besteane foar bgl. gers – gers, gras, grass of herbe -, dan leare je dêrtroch fleksibel mei taal om te gean. Dêr wurdt ek de yntellektuele ûntwikkeling fan in bern mei stimulearre.’ De sosjale ûntwikkeling is ek in belangrike faktor: ien dy’t fan jongs ôf oan yn mear talen leart te praten, sil him yn de takomst maklik(er) rêde kinne yn de wrâld. ‘Je ferbreedzje de hoarizon fan it bern.’

Yn de praktyk

Yn Heech sitte sa’n 35 bern op it pjutteboartersplak, mei dêrûnder ek in soad Nederlânsktalige bern. Op de fraach oft it just foar dy bern net lestich is om Frysk te hearren en te praten, antwurdet Geeske dat dat o sa meifalt: ‘Tink mar oan de fakânsje: ast mei pjutten nei Frankryk giest, dan duorret it net lang foar’t se mei allegear oare bern yn it swimbadsje sitte te boartsjen. In bern fan dy leeftiid kommunisearret mar foar tweintich prosint mei wurden, de rest wurdt dien mei lichemstaal en mimyk. Je hoege dêrom net bang te wêzen dat in bern je net begripe sil. En as ik tink dat dat echt nedich is, dan fertaal ik dingen wol yn it Nederlânsk. Wy hawwe twataligens op in hiel natuerlike manier yn ús deibesteging ferfrissele. Ik praat Frysk mei de bern en elke helpjuf praat har eigen taal. De bern pikke alles samar op.’

Myn taal

Yn de tiid dat Geeske yn it koar fan Hindrik van der Meer song, krige sy in tekst fan de Nederlânske dichter Ed Hoornik (1910-1970) ûnder eagen. ‘Dat gedicht jout presys myn gefoel foar de Fryske taal wer. Mei it koar songen we dy tekst faak. Dat is goed tritich jier lyn, mar it is altyd hingjen bleaun. Miskien sels in part fan my wurden.’

Niet in mijn Elf steden, 

niet in mijn heerlijkheden
ben ik het meest mijzelf,

maar in mijn taal,
het instrument

waardoor ik ademhaal.

(Ed Hoornik)

 

Om de foardielen goed te benutten is it fan belang om derfoar te soargjen dat de talen elkoar net bekonkurrearje, mar elkoar oanfolje. Dat jildt benammen yn situaasjes wêryn’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fêste regel is dan: konsekwint taalgebrûk en in soad omtinken foar de minderheidstaal. (Boarne: site SFBO)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels