fotografy: út Lang en Gelukkig

Nije programmeur De Harmonie: Rommy Bijlsma

MARRIT DE SCHIFFART –

‘Programmearing is hiel wichtich, it jout in teater in gesicht.’ It binne de wurden fan Rommy Bijlsma (46). Per 1 augustus folget sy Pietie van Veen op as programmeur fan stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De Moanne frege nei har plannen.

Wêrom luts de baan by De Harmonie?

Nei’t ik 25 jier by teater De Tamboer yn Hoogeveen wurke hie, ha ik de ôfrûne jierren in stúdzje Commerciële Economie – mei as spesjalisaasje kultuermanagement – folge. Dêrneist wurke ik as freelancer by allerhande teaters. Ik ha in protte leard yn dy tiid en gjin dei sûnder wurk sitten. Dochs kaam ik der achter dat ik my nofliker fiel as ik ferbûn bin oan ien teater. Gefoelsmjittich fyn ik it dreech om my écht te binen as ik wit dat in baan tydlik is. By De Harmonie kin ik mysels foar de folle hûndert prosint jaan. Fierder mei ik my yn Ljouwert wer dwaande hâlde mei dat wat ik it leafste doch: programmearje. De programmearing is hiel wichtich foar in teater, it jout in teater in gesicht. Dat ik dêr in belangryk oandiel yn ha, fyn ik prachtich.

Wat binne de plannen foar De Harmonie?

Ik sil my earst foaral ferdjipje yn wat de besikers wolle. Ik ha programmeurs oan it wurk sjoen dy’t yn it earste jier gelyk fiif fan har eigen foarkarsproduksjes brochten. In sjenre dêr’t it publyk noch oan wenne moast en dat soarge foar grutte ferliezen. Fansels is it goed om in stimpel op de programmearing te drukken, mar dat moat stadichoan. De ôfweaging tusken fraach en oanbod bliuwt altyd spannend. Om’t jo as teaterprogrammeur altyd in jier yn it foarút wurkje, is it dreech om yn te spyljen op aktualiteiten. It is in keunst om no al te witten wat yn 2014 populêr is.

De Harmonie sit yn finansjele noed en programmearret anno 2013 folle minder foarstellings as bygelyks fiif jier lyn. Dêrtroch is der minder djipgong. Wat fine jo dêrfan?

Dêr wol ik – sadree’t ik begjin – seker nei sjen. De weromgong yn it tal foarstellings hat needsaaklik west. Dat sjochst werom by hast alle teaters. It is hiel spitich dat fanwegen dy fermindere djipgong de mearjierrige subsydzje reguliere programmearing fan it Fonds Podiumkunsten net takend is. Dy subsydzje wolle wy oer twa jier werom sjen te winnen.

Foar no moatte wy it dus mei minder jild dwaan. Kultureel ûndernimmerskip is yn sa’n situaasje hiel wichtich. Ik tink dat ik troch myn resinte oplieding en it feit dat ik de ôfrûne jierren yn in soad ‘keukens’ sjoen ha, in protte leard ha oer effisjinsje en it belang fan gearwurkjen.

De brosjuere foar it folgjende teaterseizoen is al klear, fine jo it ek spitich dat jo dêr gjin ynfloed op hân hawwe?

Nee, dat fyn ik net spitich. Eins is dit it perfekte momint om te begjinnen. It seizoen rint, ik kin goed werom sjen nei de histoarje en fan 1 septimber ôf begjinne de petearen foar seizoen 14-15. Ik fyn de brosjuere moai en de fernijde website is goed en dúdlik. It winskelistje op de website is ek hiel handich. As de besiker twivelet, kin er in foarstelling op syn winskelistje sette. Dan krijt er letter nochris in herinnering. It online boeken rint troch it nije kaartferkeapsysteem ek soepel. Der binne dus moaie stappen makke.

Hawwe jo in bepaald sjenre as spesjaliteit?

Ik ha myn hert ferlern oan jeugdteater. Hoe folwoeksen ast ek bist, by in jeugdfoarstelling is it altyd genietsjen. Yn de nije brosjuere steane gelokkich in pear skitterende produksjes. Lykas ‘Lang en Gelukkig’ fan it RO Theater. Dy foarstelling hat yn it ferline in protte prizen wûn. Dêr kinst nea te âld foar wêze!

Jo komme by teater De Tamboer wei. Is der in ferskil tusken it publyk dêr en yn Ljouwert?

Ik sjoch ferskillen, mar ek parallellen. Ljouwert is in stêd, der wenje in protte studinten en der is in protte drokte. It fielt dus oars. Boppedat hat De Harmonie in brede regiofunksje. Oan de oare kant: it publyk bestiet beide kearen út Noarderlingen. Yn prinsipe noftere minsken, earst sjen en dan leauwe, mar as in Noarderling ienris fertrouwen hat, dan bliuwt hy/sy dy lang trou.

Jo wenje yn Hoogeveen, hawwe jo ek wat mei Fryslân?

No… Ik bin eins in Fries. Mem komt fan Hallum, heit fan Berltsum en myn sus en broer binne yn Drachten berne. Myn âlders wennen krekt yn Hoogeveen doe’t ik berne waard. Dat makket my in Drint, mar it fielt oars. Ik praat floeiend Frysk en kin it ek lêze. Ik ha twa kear de Alvestêdetocht en de Slachte rûn. Dan genietsje ik fan it lânskip, it wetter en al dy tuorren yn ‘e fierte. Ik sjoch dan ek út nei it besykjen en programmearjen fan Frysktalige foarstellingen!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.