fotografy: Linus Harms

De earste stappen fan it Meartalich Fuortset Underwiis

JELLE BANGMA –

It Meartalich Fuortset Underwiis (MFU) stiet yn Fryslân noch yn ’e berneskuon. De pilot, dy’t trije jier ferlyn opset is, wurdt útfierd op it Liudger yn Burgum en op twa lokaasjes fan it Bogerman, yn Wommels en yn Koudum. Mar de skoallen binne entûsjast en de learlingen net minder. ‘En de prestaasjes fan de learlingen binne prima’, sa oardielet dosinte en koördinatrise Lieukje Leistra fan it Liudger. Alle reden foar in petear mei dy pionier fan it MFU.

Yn neifolging op de suksessen fan de trijetalige basisskoallen (3TS) en yn it belang fan de trochgeande learlinen, wie in ferfolch yn it fuortset ûnderwiis in logyske stap. De provinsje woe dêr wol oan en joech yn 2010 finansjele romte foar in pilot fan trije jier foar in trijetal skoallen, mei in begeliedende en koördinearjende taak foar Taalsintrum Frysk fan Cedin.

Der waard foar keazen om op hafû-nivo tenei it fak skiednis yn it Frysk oan te bieden, plus in ekstra fak yn it Ingelsk. Skiednis yn it Frysk lei foar de hân, om’t der materiaal foarhannen komme moast by de 41 finsters fan de Fryske skiedniskanon. Lieukje Leistra is skiednisdosinte en tegearre mei skriuwer Jan Schotanus stoarte hja har op it meitsjen fan lessen by de 41 finsters.  Tagelyk waard der foar keazen om de Afûk te freegjen in Fryske oersetting te meitsjen fan de skiednismetoade Memo, de meast brûkte metoade yn it FU.

‘It wie in grutte útdaging om 41 moaie lessen te meitsjen’, glimket frou Leistra, dy’t mei nocht weromsjocht op dat skriuwproses. ‘De lessen oer “wetter” en “bûter”, dy typysk Fryske saken, dat wienen de aardichste lessen om te meitsjen. Mei de politike ûnderwerpen hie ’k mear muoite.’

Wylst hja romte krige om de lessen thús te skriuwen, moast hja de koördinaasje fan de pilot op it Liudger fansels ek yn ’e gaten hâlde. ‘It wie wol logysk dat ús skoalle yn ’e pilot stapte mei ien fan syn trije hafûklassen. Wy hawwe in namme heech te hâlden wat it Frysk oanbelanget, mar tagelyk sleat it oan by de natuerlike situaasje by ús op skoalle. En der wie fansels al earder oantoand dat ekstra Frysk de resultaten fan it Nederlânsk net behinderje soe.’

De dosinte wiskunde, Gryt Strikwerda, doarst it wol oan om tenei har fak yn it Ingelsk te jaan en sa sette de pilot útein. Boppedat waard foar it fak Ingelsk in nije metoade oanskaft, mei de ôfspraak dat der tenei gjin wurd Nederlânsk mear klinke mocht yn it Ingelske lokaal.

‘Wy moasten dat earste jier ekstra omtinken jaan oan de âlders en ha trije âlderjûnen hâlden. Benammen op de twadde jûn wie der in soad soarch oer de ekstra stúdzjebelesting fan dy nije kombinaasjes. Dêrnei foel it kwartsje en wie it klear. Nei it earste jier haw ik in wiidweidich ûndersyk dien en dat yn in rapport beskreaun. De resultaten wienen prima en de learlingen wienen hiel posityf. Alle reden dus om it troch te setten.’ Nei dat earste jier wie ek it Bogerman safier dat hja mei twa lokaasjes oanheakken yn de pilot.

Yn it twadde jier op it Liudger kamen der nije fakken by mei de fiertalen Frysk en Ingelsk. Tenei waard ek gymnastyk yn it Frysk jûn en ierdrykskunde yn it Ingelsk. Trije kear fiertaal Frysk en trije kear fiertaal Ingelsk, en sa soe dêr in jier letter, yn it tredde jier, op ’e nij in fak bykomme. Underwilens waarden de dosinten ekstra kursussen oanbean: Ingelsk of Frysk, ôfhinklik fan it ferlet. Lieukje Leistra liet har ferliede ta in twaddegraads oplieding Frysk en sy docht foar de simmer noch eksamen.

‘Yn dy trije jier binne wy geandewei allinne mar entûsjaster wurden. Dat komt foaral troch de learlingen. Dat binne echte ambassadeurs wurden. Se fertelle graach oer har aparte “status” op skoalle oan besikers of gasten dy’t by ús komme te sjen. Se fiele har grutsk en kompetint.’

Allegear lof en blommen, dus? Och, de realiteit is dat it Frysk moai meilift op de wjukken fan it Ingelsk. ‘Alders binne geweldich entûsjast, mar der binne ek dy’t kritysk bliuwe oer “safolle Frysk” en “wêr’t dat foar nedich is”. Soks hoege jo foar it Ingelsk noait út te lizzen.’

Fierder bliuwt it foarearst by ien ‘hurd’ fak – skiednis – om’t materiaalûntwikkeling foar in nij fak in kostbere saak wurde soe. ‘Mar lit ús wiis wêze mei dat iene fak dêr’t no materiaal foar is’, sa seit frou Leistra, ‘en wat soe it moai wêze as op mear skoallen yn Fryslân skiednis yn it Frysk jûn wurde soe. It materiaal leit klear en eins moast it de gewoanste saak wêze dat de skoallen skiednis yn it Frysk jouwe. Krekt troch it Frysk komt de skiednis folle tichterby. Dus, ek al wol de skoalle it trijetalige konsept no noch net ynfiere, start mei skiednis yn it Frysk!’

De ferwachting is trouwens dat it yn ’e takomst hiel gewoan wurdt dat meardere fakken yn it Ingelsk jûn wurde, yn neifolging op it feit dat it Ingelsk yn it basisûnderwiis aanst ek in steviger plak krijt.

Underwilens hat de provinsje besletten de pilot mei twa jier te ferlingjen, om mear skoallen de kâns te jaan om it meartalich ûnderwiis op te starten. Op it Liudger slute de earste learlingen yn it tredde jier de syklus ôf mei modules Fryske Taal en Kultuer. Utstapkes en oare aardichheden meitsje de modules ekstra oantreklik. ‘Sa hat de Fryske topkok Reitse Spanninga by ús op skoalle west en mei de learlingen oan ’t itensieden west.’ In kantine fol mei gasten koe dêrnei priuwe fan de hearlikheden, wylst de learlingen fansels soarge hienen foar Frysktalige útnoegings en menukaartsjes. ‘De learlingen binne Frysker wurden, dat sizze se sels. Se sizze ek dat se it Frysk faker skriuwe en bewuster it Frysk mûnling brûke. No, dat binne dochs moaie resultaten, of net?’

 

Jelle Bangma (1955) is ûnderwiisadviseur en koördinator fan Taalsintrum Frysk, ekspertisesintrum foar meartalich ûnderwiis.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.