David Lelieveld: ‘Sa kinst se net betinke’

Publisearre op 26 augustus 2021

RAYMOND MULLER –

‘It giet my om de oaren’, seit David oer syn wurk as teätermakker. Syn kantoar yn De Groene Weide yn Ljouwert sjocht út oer in ûnstopber gean fan fytsers, dravers, rinners en fan alles wat beweecht. Soest sizze kinne dat dat by útstek in plak is foar ien dy’t altyd op syk is nei ferhalen fan minsken. Wiere ferhalen. Want, sa seit er: ‘Sa kinst se net betinke.’

David Lelieveld (1981) is kreatyf produsint fan Pier21, de teätergroep dy’t er yn 2012 sels oprjochte hat. De tema’s dy’t weromkomme yn de foarstellingen fan Pier21 binne op it earste each net mis: wrakselingen fan it boerelibben, emigraasje, it foltôge libben en de soarch dêromhinne, de Holocaust, en de nijste foarstelling Skaad, oer in prekêre dea (of wie it dochs in moard) yn de Twadde Wrâldoarloch.

Emigrearje

Hoe grut de tema’s ek binne, se komme hast altyd fanút David syn persoanlike libben of dingen dêr’t syn omjouwing mei te krijen hat. ‘De Emigrant, dat wie de earste foarstelling. Ik woe emigrearje. Ik ha in protte kij molken yn Denemarken, Dútslân, Ingelân. Ik ha ek twa kear de kâns krigen om in pleats te keapjen, yn Denemarken en yn Kanada. Uteinlik ha we dat net dien.’ Mar it idee om te emigrearjen en syn erfaring oer de grins wienen de basis fan wat úteinlik de foarstelling wurden is.

Foar’t hy Pier21 oprjochte, wurke David as technikus by Tryater. Dêr gong er op toer mei Freark Smink en seach er hoe’t de seal alle jûnen opnij meigong yn it ferhaal fan Freark. ‘As sieten se by him oan de keukentafel.’ Dat hat yndruk op him makke. Hy hâldt fan it teäter as foarm om ferhalen te fertellen en neamt de krêft fan it teäter: ‘It ferhaal dat dy meinimt en de fantasij dy’t it yn dyn holle losmakket.’ Dat is wat der ek gebeurt as David foar syn ûndersyk de hiele wrâld oer reizget. ‘Dan sit ik ek by ien oan de keukentafel en tink ik: wau.’ Dat gefoel wol hy mei syn foarstellingen losmeitsje yn Fryslân, oft dat no op lokaasje is, yn it doarpshûs of yn de grutte seal: ‘Wêr’tst ek mar sitst it gefoel datst by ien oan de keukentafel sitst en hielendal meigiest.’

De oarloch spilet foar David in grutte rol yn syn libben en wurk. En dat is net sa gek ast sjochst hokker ferhalen der yn de libbens om him hinne lizze. ‘De foarstelling Feteranen gong oer it betinken fan in oarloch, fan Friezen dy’t nei Yndië ta gongen. Myn opa – wy seinen gjin pake – wie in KNIL-soldaat. Myn oma siet yn in jappekamp mei myn tante. Har broerke focht mei de Dútsers tsjin de Russen. Myn freondin – har mem komt út Hamburg – har opa hat ek as Dútske soldaat fochten. En dan hearst dus ek de ynhâld fan de Twadde Wrâldoarloch, hoe’t dat dus wie. Hoe gongen minsken dêrmei om? Hoe kinne wy dêrfan leare, om net wer yn sa’n situaasje te kommen?’

Ferhalen út de hiele wrâld

Heleen Haijtema

De minsken om him hinne binne ryk oan ferhalen, ferhalen dêr’t David graach nei harket. En, wat faaks ek syn grutste krêft is: hy wol deroer prate. Ferhalen moatte ferteld wurde, fynt hy. Wat begjint by in idee yn syn holle, groeit stadichoan út troch dêroer yn gesprek te gean. Dat wat yn syn holle buorrelet, bringt er earst nei syn kreatyf team, dêr’t regisseur Jos Thie, skriuwer Bouke Oldenhof en Karin Netten (direkteur KASKO Huis voor muziektheater) yn sitte. Dêrwei begjint syn ûndersyk. It praten start. En dat praten bringt him nei alderhande úthoeken fan de wrâld. ‘Ik ha ferskate Dútske soldaten sprutsen. Dan hearst dus ek hoe’t sa’n oarloch foar harren wie.’ Mar syn syktochten laten him ek nei Israel, en nei Straatsburg, nei it grêf fan in Dútske soldaat dy’t yn Fryslân ûnderdûkte en him as frou ferklaaide om oan razzia’s en syktochten nei him te ûntkommen. Foar De Emigrant gong er nei Kanada, en foar Kanoet, in foarstelling oer in waadfûgel, hat er kontakten yn Sibearië en Mauritanië.

It is in greep út de reizen fan in man dy’t foar syn ûndersyk ferhalen út de hiele wrâld wei ophellet en mei werom nei Fryslân bringt. ‘Wy ha it grutte byld fan de Twadde Wrâldoarloch, mar hoe wie it by ús yn Tytsjerk? En dan giest op syk en dan komst by de buorman, en de buorman wie derby doe’t de Kanadezen kamen, en der siet in Dútske soldaat yn in pleats fierderop.’ It is mar in foarbyld fan hoe’t David troch de ferhalen fan minsken fierder en fierder telâne komt. ‘Trochdat ik in soad reizgje, hear ik allegearre ynfalshoeken. Dan krigest dus ek ferstân fan watst fertelst.’ Dy kennis krije fynt hy nijsgjirrich. ‘En it is echt net in straf hear, om te learen. Do wurdst ûntsettend ryk fan dy minsken.’

Mar dan is dêr it idee. Der is it konsept. Der is it ûndersyk. En dan moat it in foarstelling wurde. Dat wat by himsels begjint, dêr gean skriuwers, regisseurs en akteurs mei oan ’e slach. Eangst om de grip op syn idee te ferliezen hat er net. ‘Ik ha oait leard: kinst wol in goed idee ha, mar it sil fêst better wurde.’ Hy hat dêrom alle fertrouwen yn de kunde fan de minsken om him hinne. ‘De makkers, net allinnich ik mar allegearre, ha dêr ek wat mei te krijen. En dat is ek fan belang. It is net in opdracht.’ Ek dêryn skûlet wer de minske dy’t nei oaren harkje kin, dy’t in oar romte jaan kin. David wol fanút in grutter draachflak wurkje om de foarstelling te meitsjen, allinnich dan komst fierder en kinst wat berikke. Yn alle meiwurkers sit neffens him dan ek in drive ‘om it ferhaal fertelle te wollen’.

Pine

Wichtich is dêryn ek dat it him giet om it fertellen fan in ferhaal en net it ferhaal. De sprekwurdlike keukentafel hat alderhande siden, elke side is in kant fan it ferhaal en is wichtich om it ferhaal sjen te litten yn al syn fasetten. It spanningsfjild fan de ûnderwerpen dêr’t David en syn team har mei dwaande hâlde, komt ek by de produksje fan de nije foarstelling Skaad nei foarren. It wiere ferhaal fan twa manlju yn de Twadde Wrâldoarloch – twa geweldleaze fersetsminsken dêr’t úteinlik ien fan stjert – makket noch oant de dei fan hjoed de tongen los. It stjerren fan ien fan de manlju bart twa wiken neidat yn in rûzje de ien in skot lost en de kûgel de oar yn ’e holle rekket. De fraach is oft de man werklik oan de gefolgen fan dat pistoalskot stoarn is, of dat it dochs in longûntstekking wie. En nei al dy jierren is der oan beide kanten fan it ferhaal noch altyd in soad pine. Want de iene fersetsheld stjert en de oare fersetsheld falt fan syn fuotstik en moat fjouwer jier de finzenis yn. De pine sit oan beide kanten, en krekt dat is wat David sjen litte wol. Want hoewol’t David wjerstân ûnderfynt, sawol yn syn ûndersyk as by it útkommen fan de foarstelling, motivearret dat him ekstra om it ta in slagge projekt te meitsjen. It giet him ommers net om de wierheid fan de ien of de oar, it giet him om it toanen fan in ferhaal en de minsken efter in ferhaal.

‘Wat is in tsjinslach?’ freget David my. Wy binne oan ’e ein fan ús petear as ik him freegje hoe’t hy omgiet mei drege situaasjes. Syn antwurd leit yn it hiele petear dat wy sakrekt hân ha. Yn myn holle harkje ik opnij nei syn wurden. In tsjinslach is foar David net in ein, hy draait it om. It is in mooglikheid om opnij meielkoar yn petear te gean, of noch better: opnij te harkjen, bygelyks nei wêrom’t de oar net wol, wat ien tsjinhâldt, wêrom’t ien eangst hat. Yn it harkjen nei elkoar leit de krêft fan David syn wurk; hy is hjir net om te fertellen, hy is hjir om te praten. En hoe grut in tema ek is, hoe ferskillend de erfaringen fan de personaazjes ek binne, hy wol dat wy meielkoar prate, as sieten wy allegearre meielkoar oan de keukentafel.

 

Raymond Muller is akteur, makker en skriuwer

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

PROGRAMMA PIER21

 

SKAAD foarstelling op lokaasje oer it ferset yn WOII

WAT SOESTO! foarstelling yn doarpshûzen fan Freark Smink oer it boerelibben

WAT ’n WAD foarstelling op basisskoallen oer it mystearje fan de iel

KNEPPELFREED foarstelling yn it gerjochtshôf fan Ljouwert oer frijheid en de Fryske taal

VERHALENAVOND oeral yn Fryslân, oer de taal fan myn hert

www.pier21.nl

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels