Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: “Ambysjes”
Wat binne eins ús ambysjes, noch wichtiger, wat binne de ambysjes fan ús gasten? We prate mei Gurbe en Peter fan Stoflik Omskot. Fierder prate we oer ESNS, De Fryske God Mika, en bestiet Jorwert no wol of net?

Hetfield yn de Wâlden. Foto: Bart Dooijes
Ek oer de films Banshees of Inisherin en it einleas lange Babylon yn it filmhûs, oer Metalkafee Winterfest. Metallica yn de Westereen, wa wie derby? Omdat it foarlêswike is, en poëziewike (tema Freonskip) lêze we in stikje foar út De Jacht Op Het Snoekje (Juhani Karila). We krigen in mysterieuze kaart, mei in tillefoannûmer. Poëzij fan Carla van der Zwaag en Elmar Kuiper.