Keunstskilder Doet Boersma dûkt de grûn yn

Publisearre op 25 november 2020

WENDY KENNEDY – 

Lânskipsskilder Doet Boersma hat it skilderjen fan de boaiem ûntdutsen en dat is te sjen yn har nije wurk Fertile Soil. Kommende wiken kinne minsken har wurk bewûnderje tidens de Iepen Atelier Dagen. “Ik wol minsken fia myn wurk sjen litte dat de lytse en oannozele dingen yn de natuer grutte betsjutting hawwe.”

Nei jierren fan it skilderjen fan lânskippen, wurdt Boersma’s bewûndering foar de natuer der earder grutter as lytster op. Fan jongs ôf oan is der al grutte fasinaasje foar de bûten wrâld. As boeredochter hat se al betiid leard om oars nei de natuer te sjen. “Ik fytste froeger 21 kilometer fan Wjelsryp nei Ljouwert ta om nei skoalle te gean en hie nochal wat tiid om alles goed te besjen en te reflektearjen. Je sjogge in soad.”  Troch har achtergrûn hat se in skerpe blik ûntwikkele. Se sjocht bygelyks fuortendalik oft grûn goed draineard is of júst net of wat in knap stik gers is. De boaiem wie altyd hiel belangryk. Dochs is it no foar it earst dat de wrâld ûnder de grûn te sjen is yn har wurk.

 

“Ik wol minsken fia myn wurk sjen litte dat de lytse en oannozele dingen yn de natuer grutte betsjutting hawwe.”

 

Jierrenlang binne it lânskippen, blommen en bermen dy’t har wurk domineare. No is sawol de natuer boppe de grûn as de boaiem werom te sjen yn ien skilderij. Se brûkt by it meitsjen fan har nije skilderijen ôfdrukken fan echte planten. Dy makket se mei har plas-dras-technyk. “Ik lis planten yn wiete ferve en krekt foardat se hielendal fêstplakke, helje ik se derôf. Sa krijst hiele moaie ôfdrukken.”

Op ien fan de skilderijen jout dit in ûnferwacht bysûnder effekt. It is in grut skilderij yn swart wyt. De ôfdrukken fan de planten sitte yn it wite diel en lykje krekt kant. It is in abstrakt wurk dat pioniersbeplanting foarstelle moat. “Der sit in beweging yn it skilderij, in golf dy’t de grûn fêst hâldt.” Op in oar skilderij binne de ôfdrukken fan de faren te sjen yn in brún-oranje kleur, de kleur fan grûn. “It fossile karakter fan de plant komt yn dit wurk moai nei foaren. It docht my tinken oan de grottekeningen fan Lascaux. It mimert foar ús: wês súnich op de plant en de grûn”, aldus Boersma.

Dochs seit se hiel dúdlik dat se gjin protestskilder is. Fansels sjocht se ek de problemen dy’t der binne mei it bioferskaat, mar sjocht se tagelikertiid de wrakseling dy’t de boeren hawwe. “Ik bin bliid dat bestjoerders yn ús lân hieltyd mear omtinken hawwe foar de natuer en boaiem en ik jou der op myn wize stâl oan. It iennige dat ik oerbringe wol is de bewûndering en it respekt dat ik foar de natuer haw.”

It nije wurk fan Boersma is minder figuratyf as foarhinne. Dat komt foar in part om’t je net ûnder de grûn sjen kinne tidens it skilderjen. Mar ek om’t Boersma de ferskate sykli útbyldjze wol sa as it siedzjen of it woarteljen. By guon skilderijen wurde je de donkerte fan de grûn hast ynsogen. Boersma wol graach dat minsken de skilderijen ‘trochfiele’. Se lit in skilderij fan in felrose kamperfoelje sjen. “Ik wol dat minsken troch it sjen fan dit skilderij de swiete geur fan dizze blom rûke.” Of in skilderij fan in goudenrein. It is net letterlik in goudenrein, mar de felle kleur giel spat hast fan it doek ôf.

Kommende wiken kinne ynteressearren delkomme yn it nije atelier fan Doet Boersma om har skilderijen te besjen tidens de Iepen Atelier Dagen. De keunstner is yntusken gewoan oan it wurk. “Minsken kinne dan sjen hoe’t ik te wurk gean en se kinne fan alles freegje.” It atelier oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is sûnt juny iepen, foarhinne siet Boersma oan de Schrans. “Ik haw in see fan romte yn myn nije ûnderkommen: twa kear in romte fan tsien by tsien meter. Genôch plak dus om eltsenien feilich ûntfange te kinnen yn dizze tiden fan corona.”

 

De Iepen Atelier Dagen ‘Fertile Soil’ binne fan 26 novimber o/m 10 jannewaris: fan tongersdei o/m snein fan 11:00 oant 17:00 oere (útsein 25 en 26 desimber en 1 jannewaris).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels