• 1 september 2015

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –   Doe’t Roel Oostra (Easthim, 1921) yn 1962 frege waard om direkteur fan de Drachtster skouboarch De Lawei te wurden, wie er banketbakker. Hy siet yn de saak fan skoanheit Engbert (Emmy) van der Meulen, neffens de ferhalen de bêste banketbakker fan Drachten en omkriten. Mar eins wie Roel in toanielman. Yn de jierren fyftich hie er it kabaretselskip [...]

  • 28 augustus 2015

    INEKE RIENKS -  Hy is dosint en projektcoach op de Popacademie yn Ljouwert, spilet yn bands, makket syn eigen muzyk ûnder de artystennamme Hilbrandt, foarmet ûnderdiel fan it kollektyf Heksenhamer en is wurksum by Tryater. In drok bestean, mar foaral hiel leuk om allegearre te dwaan, sa fertelt Laurens van der Meulen. By Tryater is er foaral in komponist, sa seit Laurens sels. Hy is [...]

  • 27 augustus 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Is it iepenloftspul fan Jorwert by definysje in feestje en as it waar meiwierret is it dat noch folle mear. It is op in moaie simmerjûn dat de foarstelling fan 2015, ‘Augustus’ yn premjêre giet. Under in strakblauwe loft tûmelje de sweltsjes boppe de notaristún dêr’t it barren foar de 62e kear plak fynt. It spyljen fan de Harmonie fan Weidum hjit [...]

  • 5 augustus 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut. Inisjatyf ta fernijing is der binnen de rûnten fan kulturele ynstellingen, mar likegoed dêrbûten. Der [...]

  • 3 augustus 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Jeugdteaterskoalle Meeuw yn Ljouwert fiert dit jier syn 25-jierrich bestean. Der wurdt dêrom ûnder oaren grut útpakt mei de bysûndere foarstelling ‘De Dansavond’, yn gearwurking mei twa oare jeugdferienings. ‘Meeuw is net mear fuort te tinken út Fryslân’, seit regisseur Hilde Mulder grutsk. Yn 1990 rjochte se tegearre mei Goaitsen Eenling de teaterskoalle op. Meeuw is de lytste jeugdteaterskoalle fan Nederlân, mar [...]

  • 17 juli 2015

    MARRIT DE SCHIFFART -  It toverwurd foar berneteater yn Ljouwert? Lef. Teminsten, dat fynt Quinten Faust Rijnja. Yn septimber sette hy útein mei Faust Kindertheaterschool Leeuwarden. Mei hert en siel bringt er bern fan 5 oant 12 jier yn oanrekking mei toaniel, sang en dûns. Wêrby’t er it leafst op of bûten de kaders wurket. It nije gebou fan de NHL Hegeskoalle – iepene yn [...]

  • 24 juni 2015

    TRYATER -  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Tineke Fopma in fraach fan Rixt Bottema. Sy frege: 'Tryater hat yn de 50 jier fan har bestean in hiele protte foarstellingen makke. Do wurkest al 33 jier by Tryater en hast dus al in hiele protte foarstellingen meimakke. Hokker foarstelling springt der foar dy út en wêrom?' It is dreech [...]

  • 22 juni 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  In trije kertier foar’t de foarstelling begjint wurdt der, foar 'Holes', in koproduksje fan Tryater en De Jonge Republiek, noch repetearre. Benijd klim ik it dún op om te harkjen nei de sjongstim fan Sjaan Duinhoven dy’t mearke-eftich opklinkt as ik oer it boskpaad nei de sânflakte rin dêr’t it barren him ôfspylje sil. Dit, harkje sûnder dat der al publyk is [...]

  • 15 juni 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  De wyn waait de taskôgers kâld yn de nekke en de Arrivatrein nei Harns dinderet foarby as yn it neiboude Achterhûs Miep Gies de typmasine fûleinich rattelje lit en inkelde spilers, yn swarte jassen, opkomme en troch in doar ferdwine. Der is de skok fan werkenning: op de jassen, heldergiel de Joadestjer. Even letter jout Peter, foar de ûnderdûkperioade skoallegenoat fan Anne, [...]