fotografy: Ingspiration Photography

Applaus dêr’t stilte past

ELSKE SCHOTANUS – 

De wyn waait de taskôgers kâld yn de nekke en de Arrivatrein nei Harns dinderet foarby as yn it neiboude Achterhûs Miep Gies de typmasine fûleinich rattelje lit en inkelde spilers, yn swarte jassen, opkomme en troch in doar ferdwine. Der is de skok fan werkenning: op de jassen, heldergiel de Joadestjer. Even letter jout Peter, foar de ûnderdûkperioade skoallegenoat fan Anne, him del, de kattemand op skoat wyls syn mem har drok makket oer har bontjas en syn heit nerveus op en del panderet. De Van Daans wachtsje op de komst fan de famylje Frank, Otto en Edith en harren dochters, Margot en Anne. Inkelde moannen letter komt dêr Van Dussel by.

It ferhaal is bekend: Anne Frank hold fan 6 july 1942, de dei dat sy ûnderdûkten ôf, oant de acht begjin augustus 1944 nei ferrie oppakt waarden en, útsein Otto Frank, yn Dútslan yn de kampen omkamen. Nei de oarloch joech er it deiboek fan syn dochter út en yn tal fan talen is it rûnom yn de wrâld te lêzen, sûnt koart ek yn it Frysk. Algau kaam der in Amerikaanske toanielbewurking (1955), it waard ferfilme (1959) en yn it spesjaal foar de foarstelling boude Teater Amsterdam draait sûnt maaie foarich jier de produksje ‘Anne’, in fisueel megaspektakel, skreaun yn opdracht fan it Anne Frank Fonds yn Bazel dat de rjochten op it deiboek hat en dêr’t de Anne Frank Stichting, dat ûnder mear it behear fan it Anne Frank Hûs beheart, op har website oer opmurk: ‘Wij hebben moeite met de commerciële setting rondom het theaterstuk. Het wordt in de markt gezet als een gezellig avondje uit, met borrelboxen, met een 3D hapjesbar en hostessen. Dat past naar ons oordeel niet bij de geschiedenis van Anne Frank.’

 

Anne har heit, yndrukwekkend, mar sels ek ûnder de yndruk slút de nammerige ôf mei: “Anne Frank, febrewaris 1945, Bergen-Belsen.” It publyk klapt dêr’t stilte past.

 

Op souder stiet de lesner dêr’t Anne achter sit te skriuwen – sênes dêr’t de deiboekteksten yn te hearren binne, achter har heech yn de loft fleanende sweltsjes dy’t, as wie it sa betocht, de frijheid ferbyldzje. NHL-studinte dosint teater Eline de Vries, as Anne, die spylûnderfining op by Meeuw Jonge Theatermakers en by Jong Tryater en is oprjochter fan Boem Theater: ‘Ook is het mogelijk om een uniek kinderfeestje te boeken.’ Leuk en sinfol, al is te hoopjen dat dizze spylster in bestean op ’e planken opbouwe sil.

Mei har fine gesichtsje en swarte prúk, ís sy it famke sa’t dat op it omkaft fan it boek stiet, net allinne yn uterlik, mar benammen sa’t sy as persoanlikheid út it deiboek nei foaren komt. Boartlik en fol humor, pynter en puberaal rekalsitrant, mar ek telider slein as sy it boadskip krijt dat se har oerdeis hoasfuotlings troch it achterhûs bewege moat en net fierder komme mei as de trep of, inkelde moannen letter, as de ûnderdûkers in hiel oar boadskip oer de sitewaasje fan de Joaden yn Amsterdam krije as dat fan de helpers dy’t harren altiten ôfskerme ha foar alle nare berjochtjouwing.

As toskedokter Van Dussel har by de beide famyljes foeget en Van Daan him drok makket oer it tal bonkaarten dat út noch yn net genôch wêze sil om in ekstra mûle te fieden, wiist Van Dussel him derop dat er blykber gjin idee hat fan wat der oan de hân is en sa krijt Anne te hearren dat skoallefreondinnen fan har al ôffierd binne. It is ien fan de meast oangripende sênes yn it stik, dat minder oar de joadeferfolging giet as oer hoe’t in puber har bestean en it by elkoar op ’e lippe sitten fan acht oesa ferskillende minsken belibbet.

De sosjaal ûnhandige Peter, in jonge dy’t sy op skoalle net iens stean seach mar dêr’t sy yn it opgroeien wat fereale op rekket, de egoïstyske Van Daan dy’t nachts nei de keuken stommelet om stikem fan de itensfoarrie te slinen, syn frou dy’t har it meast drok makket om dea guod, Van Dussel dy’t dan wol seit dat hy sa goed mei bern oerwei kin, mar Anne út noch yn net ferneare kin.

Der binne dan ek de nedige strubbelingen en yrritaasjes, benammen ek tusken de puberale Anne en har mem en dan is Margot der noch, brocht troch Amarens de Vries dy’t yn har rol as de stille, bedêste en âldere sus dan wol minder opfalt as Eline de Vries, mar dy’t mei alle mimyk en gebearten, op de achtergrûn, allinne op har keammerke, moai spilet. It seit wat oer it each foar detail yn de foarstelling sa’t dat ek bliken docht út de oanklaaiing, net allinne it dekôr mei alderhande rekwisiten út de oarlochsjierren, mar ek út it plak dat de figuranten ynnimme. Sa rint in frou dy’t swier is foar it poadium del is en in pear moanne letter komt sy mei de bernewein foarby. As it Chanoeka is, is der bûten in bernekoar.

Binnendoar fiere de ûnderdûkers it Joadske feest troch oantinkens op te heljen oan bettere tiden doe’t der noch kadootsjes útwiksele waarden. De springerige Anne, de lampekap op ’e holle – juffrouw Snetterbek neamt Peter har – hat in ferrassing. As publyk libbest mei as ien foar ien de pakjes útdield en útpakt wurde. Wat soe derút komme? Twa sigretten foar Van Daan, fan tabak dat út de jasfoering pluze waard, eardoppen foar Van Dussel sa’t er gjin lêst mear fan har ha sil. Foar Peter is der in skearapperaat. Molke kin likegoed, spytgnysket immen, dan slikket de kat syn snor wol op. Sa is der in soad humor, mar dy kin samar omslaan yn panyk. En hope slacht om yn de rauwe realiteit as der koart nei it troch harren helper Kraler brochte berjocht oer de alliearde ynfaazje yn Normandië, fierd mei in foar in spesjale gelegenheid bewarre konjakje, op de doar bonke wurdt: ‘Aufmachen!’

Oars as yn it stik sa’t dat yn Amsterdam brocht wurdt, einiget ‘It Deiboek fan Anne Frank’ net yn Bergen-Belsen, mar mei Otto Frank dy’t de nammen, de stjerdata en it plak dêr’t syn húsgenoaten omkaam of ombrocht binne deklamearret, ôfwiksele troch it sjongen fan Jannet Rienks. As lêste hellet Miep it deiboek út it burolaad en langet se it him oer. Anne har heit, yndrukwekkend, mar sels ek ûnder de yndruk slút de nammerige ôf mei: “Anne Frank, febrewaris 1945, Bergen-Belsen.” It publyk klapt dêr’t stilte past.

Comments
Ien reaksje oan “Applaus dêr’t stilte past”
  1. Richard schreef:

    Gelokkich wie it bij ús nei de lêste scène mei it opneamen fan Anne har stjerdei en plak in tiidsje stil.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.