Musical Ruth jout hoop foar de takomst
NYNKE VAN DER ZEE – Sneon 16 en snein 17 maaie spilet en sjongt it Kwartettekoar de musical Ruth yn de grutte seal fan De Lawei yn Drachten. It is in grut selskip dat de fernijde skouboarch ûntfange mei. Njonken it Kwartettekoar befolkje der solisten, in bernekoar, dûnsers en in grutte groep muzikanten it poadium. […]
Kettingreaksje: Rixt Bottema
RIXT BOTTEMA – Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Rixt Bottema in fraach fan Jan Ros. Jan Ros stelde de folgjende fraach oan Rixt Bottema: ‘By in protte dingen dy’t by in teaterbedriuw as Tryater barre stiest net stil, mar se binne wol hiel belangryk. Kinsto my útlizze […]
De sirkel is rûn
NYNKE VAN DER ZEE – Ein novimber stie se foar it earst yn it Tryatergebou op de planken mei it stik It famke en de twiveler fan Tatiana Pratley. Ali Zijlstra (22) spile yn de stêd dêr’t se hikke en tein is har debútstik foar Tryater. Dêrmei is de sirkel rûn, want yn Ljouwert rekke […]
Soldaten op missy en âlden dy’t noedzje
ELSKE SCHOTANUS – Maaie 2013 yn it Tryatergebou, by de preview fan Thúsfront, doe yn de foarm fan in ‘teatrale lêzing’ wie ik tige ûnder de yndruk fan de tekst fan Romke Toering dy’t troch de spilers, skriuwblokken yn de hân en foar it meastepart sittend, foar it fuotljocht brocht waard. “Dêrby steurt it blêdzjen […]
Frijwilliger yn ’t ljocht
FINNY ANDRINGA-VAN DER PAL – It wie yn it Princessehof yn Ljouwert by Brekber, dat ik efkes noflik siet te praten mei ‘ús’ Hilly (koördinator fan de frijwilligers). Wy hiene it oer de fraach fan Tryater om in stikje oer it frijwilligerswurk by Tryater te skriuwen. Ik murk dêrby op, dat dat neat foar my […]
Many as ynspriaasjeboarne foar in jeugdfoarstelling
ELSKE SCHOTANUS – Yn de gong fan in hûs, ik mien it wie yn Reduzum, trof teatermakker Tamara Schoppert ris twa pear opfallende skuon oan: reade, ynlein mei diamantsjes en griene mei goudene glitters. ‘De schoenen van mijn moeder’, sa skeat it troch har hinne. It soe samar de titel fan in boek wêze kinne […]
Kettingreaksje: Jan Ros
TRYATER – Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Jan Ros in fraach fan An de Wrede. Sy frege: ‘Jan, do hast De IIsfoarstin foarmjûn, no bouwe wy oan dyn ûntwerp foar Brekber yn Keramiekmuseum Princessehof. It binne yn myn eagen twa útersten kwa foarmjouwing. Is dêr in parallel […]
Mearsidich byld jaan fan de wrâld
INEKE RIENKS – Al as jong famke wie Tatiana Pratley ûnder de yndruk fan Tryater. Foarstellings lykas Ronja de Rôversdochter en Kening Lear ferwûnderen har. “Ik wie ûnder de betovering fan de mooglikheid om sa’n oare wrâld te kreëarjen.” Se gie nei de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert en studearre Keunst, Kultuer en Media yn Grins. Yn […]
Festival van de Toneelsolo
ELSKE SCHOTANUS – Op it spylflak in man dy’t op en del panderet, op bleate fuotten, as it publyk nei binnen ta streamt. Mar is ‘streame’ wol it goede wurd? In soad folk blykt it Festival van de Toneelsolo, fiif foarstellings ôfrûne wykein yn de Harmonie, net te lûken. En dat is spitich want de […]
Een trein later
ARJAN HUT – Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan ‘Een trein later’. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it […]