Kettingreaksje: Tineke Fopma

TRYATER – 

Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Tineke Fopma in fraach fan Rixt Bottema. Sy frege: ‘Tryater hat yn de 50 jier fan har bestean in hiele protte foarstellingen makke. Do wurkest al 33 jier by Tryater en hast dus al in hiele protte foarstellingen meimakke. Hokker foarstelling springt der foar dy út en wêrom?’

It is dreech om ien foarstelling te neamen dy’t der út springt, want der binne eins meardere, en om ferskillende redenen. In stik dat my bot rekke wie De Kontrabas, in solofoarstelling fan de dit jier ferstoarne Rense Westra. Ik ha it sjoen yn in gebou oan de Haniasteech yn Ljouwert. It publyk siet deun op it spylflak en je giene hielendal mei yn it ferhaal fan de kontrabassist dy’t him soargen makket oer de takomst. In fantastyske rol fan Rense, yn regy fan Romke Toering. De foarstelling duorre sawat twa oeren.

Fierder fûn ik hiel bysûnder de produksje ABE!; it earste grutte lokaasjeprojekt fan Tryater. It waard spile yn it nije fuotbalstadion fan SC Heerenveen yn 1990. Net ien hie echt ûnderfining op it mêd fan it meitsjen fan sa’n grut projekt, dat it wie konstant sykje nei hoe it te dwaan. En dat jilde net allinne foar ús as makkers, mar ek foar de meiwurkers fan SC Heerenveen en foar it publyk. Want wat moast dat wurde: teater meitsje yn in fuotbalstadion. Ynearsten rûn it mei de kaartferkeap dan ek net sa hurd, mar nei de earste try-out gong it los. Elkenien woe kaarten ha. Op in bepaald stuit krigen wy sels minsken út Limburch oan de telefoan dy’t deselde jûns komme woene te sjen; wy koene lykwols net garandearje dat se in plakje krije koene, mar se kamen dochs.

Ek Gust fûn ik prachtich. Romke de Leeuw rôp yn de hast twa oeren duorjende monolooch de âlde tersker Gust ta libben. Piter de Groot skreau hjir oer yn syn resinsje yn de Leeuwarder Courant ‘It moat grif ien fan ‘e moaiste kreaasjes wêze, dy’t Romke de Leeuw yn syn karriêre op ‘e planken set hat’.

Fan lettere tiid moat ik neame Orfeo Aqua, yn it ramt fan Simmer 2000. It waard spile midden yn it lân op it wetter, moarns hiel betiid. It publyk kaam mei de trein, dy’t stoppe op in spesjaal foar dizze gelegenheid makke stasjontsje. Ik sil nea ferjitte de earste try-out. De trein stoppet. Der komme in hiel soad minsken út dy’t yn in lang lint nei de lokaasje rinne. Ik krij de triennen noch yn de eagen as ik der oan tink.

Soe ik hast Peer Gynt op Oerol ferjitte. In prachtige foarstelling (yn it sân dat noch jierren op de gekste plakken yn it Tryatergebou tefoarskyn kaam). It wie fantastysk om oer it eilân te fytsen en elkenien entûsjast te hearren oer dit stik.

Ik sei al; der binne meardere foarstellingen. En hoe mear ik typ, hoe mear foarstellingen der by my op komme. Lykas de foarstelling toernee fan Rolling Home yn Kanada. Ik die dêrfan de produksje yn Kanada. Dat wie in hiele ûnderfining. Wy spilen yn teaters en fersoargingstehuzen, meast foar Fryske emigranten. En dy fûnen it prachtich dat wy der wiene. Wy wiene mei in lyts groepke; fansels Freark en Klaasje, fierder Klaas Ploegh foar de technyk, syn frou en de frijwilligers Berend Lania en Cor Pot foar it sopsieden foar yn it skoft en ik sei de gek.

No moat ik fansels de ôfrûne jierren net ferjitte, want doe wie der ek hiel wat moais te sjen. Alwer in grutte produksje: de 11Stêdetocht. It publyk waard mei bussen troch Fryslân ferfierd en krige op ferskate lokaasjes, binnen en bûten, foarstellingen te sjen. In foarstelling fan moarns 6 oant jûns 6. En de minsken fûnen it prachtich (en ik ek).

Ik wie der faak om 6 oere by by de start foar de kaartkontrôle en kaam dan wolris oan ‘e ein fan de dei werom om te sjen hoe’t de minsken wurch mar entûsjast weromkamen yn Ljouwert. Guon makken dan gebrûk fan de hottubs dy’t by de finish stiene.

En Stamppot Schmidt: in famyljefoarstelling makke fan de gedichten fan Annie MG Schmidt. Geweldich hoe’n enerzjy der fan dy foarstelling ôfspatte. It ferfeelt nea om dêr nei te sjen. Mei fan my wol wer ris spile wurde.

De IIsfoarstin fan foarich jier kin ik fansels net om hinne. In hiele ûnderfining. En it publyk dat troch de stêd giet, achter de spilers oan. Geweldich. En hiel bysûnder om op ’t lêst op in ponton troch de grêft nei De Harmonie te farren dêr’t de lêste sêne wie. Skitterjende bylden en moai spile en songen.

Oei, De Grutte Stoarm net ferjitte. Dy wie earst yn it teater te sjen, en letter noch op Oerol en yn in tinte by de Potten by Snits. Yn Snits wie de tinte achter it spylflak iepen; dat as je nei it spyljen seagen, dan seagen je ek út oer it prachtige Fryske lân.

En last but not least Brekber. Dit waard dit jier spile yn Keramiekmuseum Princessehof. In prachtige produksje yn de regy fan Jos van Kan. Hiel oandwaanlik en prachtich spile, mei it publyk om it spylflak hinne. Mei in prachtige rol fan Aly Bruinsma.

 

Yn de folgjende kettingreaksje beantwurdet Klaas Scheffer dizze fraach fan Tineke Fopma: ‘Klaas, do hast aardich wat jierren fêst yn tsjinst west by Tryater as financial controller (it falt my op dat de measte meiwurkers hjir net wei te krijen binne). In tal jierren ferlyn hasto der foar keazen om dyn eigen bedriuw te begjinnen, ûntslach te nimmen by Tryater en dy by ús ynhiere te litten as financial controller. De lêste tiid bist minder op Tryater om’t it hartstikke goed giet mei dyn bedriuw. Wat mist it meast no’st net mear alle dagen by Tryater bist?’

 Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jier. de Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.