Drachtster toaniel op film (sa. 1955)

Publisearre op 1 september 2015

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –  

Doe’t Roel Oostra (Easthim, 1921) yn 1962 frege waard om direkteur fan de Drachtster skouboarch De Lawei te wurden, wie er banketbakker. Hy siet yn de saak fan skoanheit Engbert (Emmy) van der Meulen, neffens de ferhalen de bêste banketbakker fan Drachten en omkriten. Mar eins wie Roel in toanielman. Yn de jierren fyftich hie er it kabaretselskip ‘De Spinnekop’ oprjochte en hie er sukses mei talinten as Akke Radsma en Jan de Vrieze. Roel skreau de teksten en regisearre.

 

Hawwe jo mear ynformaasje oer de minsken dy’t yn byld komme, dan sjogge wy jo reaksje graach temjitte.

 

Emmy van de Meulen filme in soad, mar seach dêrnei eins net mear nei de bylden om. Oostra hat de filmkes letter monteard. It materiaal leit sûnt 2014 by it Fries Film Archief. Emmy hat yn de jierren fyftich û.o. filmbylden makke fan optredens yn De Lawei, bygelyks fan toanieljûnen fan de Fryske Krite. Rik Klaver fan it filmargyf hat fan dy bylden boppesteande kompilaasje makke.

Ferskate bekende Drachtsters komme foar de kamera: Lammert Popma, ferneamd regisseur fan Frysk amateurtoaniel en lieder fan selskip ‘De Jûnpraters’ en soan Jentsje Popma, de byldzjend keunstner. Fierders: Jan Oreel, Rienk Otter, Dirk van der Wielen, Rikus Sterk, Sip van der Meulen-Jonker, Jaap de Boer, Jaap Klasema, Annie Bosma-Bannink (mei dochterke Rixt), Wiebe Kindermans (ferneamd toanielkapper út Frjentsjer), Teake Sudema, Jan de Vrieze, Hil Bulthuis. Oan it ein binne Roel en Corrie Oostra tegearre noch even yn byld.

Oer Jan de Vrieze fertelt Oostra dat er drogist oan de Noordkade wie en ‘in fenomenaal akteur dy’t alles spylje koe’. Annie Bosma-Bannink wie Frysk aktiviste; se joech ek Fryske taalkursusen mei help fan grammofoanplaten. Hawwe jo mear ynformaasje oer de minsken dy’t yn byld komme, dan sjogge wy jo reaksje graach temjitte.

Wolle jo mear witte oer de filmkolleksje fan Roel Oostra? Sjoch dan it artikel dat Syds Wiersma dêr yn 2014 oer publisearre yn it Friesch Dagblad.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]