Muzyk as fersterking fan spul en dekor

INEKE RIENKS – 

Hy is dosint en projektcoach op de Popacademie yn Ljouwert, spilet yn bands, makket syn eigen muzyk ûnder de artystennamme Hilbrandt, foarmet ûnderdiel fan it kollektyf Heksenhamer en is wurksum by Tryater. In drok bestean, mar foaral hiel leuk om allegearre te dwaan, sa fertelt Laurens van der Meulen.

By Tryater is er foaral in komponist, sa seit Laurens sels. Hy is ferantwurdlik foar de muzyk en it lûd yn in foarstelling. Yn gearwurking mei de regisseur, de akteurs en de foarmjouwers komt er ta dy muzyk. “It is in kreatyf proses, mei-inoar moat it spul, it dekor en de muzyk ien gehiel meitsje.”

 

“Ik moat it by Tryater oan de akteurs oerlitte, wylst ik by myn eigen muzyk sels op it poadium stean en de muzyk mei myn stim of performance noch wat meijaan kin.”

 

Dit wurdt dien troch in soad mei elkoar yn petear te gean, te harkjen nei besteande muzyk en te sykjen nei muzyk dy’t past by de sfear fan de foarstelling. “Ik wurkje hiel yntuïtyf. It moat passe by de emoasje yn it stik.” Thús wurket er oan de muzyk en lûden en set dat op bân. Dêrnei folget in proses fan muzyk en fragminten yn de tekst sette. “De muzyk moat it ritme fan de dialogen folgje, mar somtiden wurket it ek oarsom, dat de dialogen oars wurde troch de muzyk.” Ek sounddesign foarmet in wichtich ûnderdiel, lykas it kreakjen fan in stoel of it beltsje fan in ûne. “Ik bin my hiel bewust fan de materialiteit fan dingen, wat goed klinket en wat net.”

Mei regisseuse Tatiana Pratley wurket hy oan de foarstelling ‘It famke en de twiveler’. De wurkstyl en fisy fan Tatiana en ek fan Tryater as selskip passe by Laurens. “Ynhâld stiet by my foarop, dat is ek sa yn myn muzyk. Ik wol ferskillende lagen oanbringe en de taskôger op dizze wize útdage.” Ek hopet er yn syn muzyk bepaalde emoasjes fan taskôgers oan te sprekken. “Ik hâld wol fan in stikje dramatyk en wol graach mominten útljochtsje. Emoasjes meie om my yn in stik ek wol oerweldigjend wêze.”

Earder wurke er mei Tatiana oan de foarstelling ‘Heimwee nei Hurdegaryp’. Oare foarstellings fan Tryater dêr’t Laurens de muzyk foar die wiene In moaie jûn en Discopigs.

Grut ferskil mei it meitsjen fan syn eigen muzyk is ek dat er no sels net op it poadium stiet. “Ik moat it by Tryater oan de akteurs oerlitte, wylst ik by myn eigen muzyk sels op it poadium stean en de muzyk mei myn stim of performance noch wat meijaan kin.” It hat ek wol wer syn foardielen, sa fertelt Laurens. “Sa gau’t de premjêre west hat, is it foar my eins dien. It wurk is dêryn hiel dúdlik.”

Yn de takomst soe Laurens by Tryater graach ferantwurdlik wêze wolle foar de muzyk fan in hiele grutte produksje, tink oan produksjes út it ferline lykas ‘Kening Lear’. Yn it earstoan hat Laurens yn alle gefallen noch genôch om hannen, want neist de premjêre fan ‘It famke en de twiveler’ yn novimber sil yn dy moanne ek syn debuutalbum útkomme.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.