In sânflakte as strafkamp

Publisearre op 22 juni 2015

ELSKE SCHOTANUS – 

In trije kertier foar’t de foarstelling begjint wurdt der, foar ‘Holes’, in koproduksje fan Tryater en De Jonge Republiek, noch repetearre. Benijd klim ik it dún op om te harkjen nei de sjongstim fan Sjaan Duinhoven dy’t mearke-eftich opklinkt as ik oer it boskpaad nei de sânflakte rin dêr’t it barren him ôfspylje sil. Dit, harkje sûnder dat der al publyk is en de akoestyk net better útkomt as fanôf dizze hichte, is alfêst in kadootsje. Silvia Andringa, dy’t foar Tryater ûnder mear ‘Thúsfront’ regisearre en dêrneist aktyf is yn Dútslân en op Curaçao lies fyftjin jier ferlyn it jeugdboek fan Louis Sacher, dêr’t sy de foarstelling op basearre. Se woe der altiten alris wat mei dwaan, mar der moast in passende entûraazje fûn en dy gelegenheid kaam pas jierren letter, op it Oerolfestival.

De lokaasje – oars net as sân – is poergeskikt om it strafkamp te ferbyldzjen dêr’t Stanley Yelnats (Tim Linde) nei it stellen fan in pear skuon hinne rekket om dêr, dei yn dei út, gatten te graven, mei de lodde, oardel meter breed, oardel meter djip. It is in, foar him en syn meifinzenen, allegear klaaid yn blauwe overall, folslein sinleaze aktiviteit. Karakterfoarming, dêr giet om, neffens “Mister Sir”, sa’t de bewarder (Eelco Venema) him oansprekke lit. Dat Stanley op dit plak telâne kaam is, komt, sa mient er, trochdat syn famylje ferflokt is. Syn east-europeeske oeroerpake emigrearre nei Amerika noch foar’t er him oan in belofte hâlde soe en it ferbrekken fan dy tasizzing soe net allinne him mar ek syn neiteam ûngelok bringe. Oft wat dy oerkomt foarbestimd is of ofst dyn eigen kar meitsje kinst is dêrmei it tema fan dizze produksje. Stanley lit him liede troch it ferline oant krekt in stim út dat ferline – dy fan de geast fan Kissing Kate Barlow, sjongstim en fertelster tagelyk – him oantrúnet syn gefoel te folgjen.

 

“Wat ik wil, zijn persoonlijkheden op de vloer,” seit regisseur en artistyk lieder fan it foarich jier oprjochte teaterbedriuw De Jonge Republyk Silvia Andringa nei ôfrin. En dát is har slagge.

 

Geandewei de foarstelling wurdt dúdlik hokker rol in ferhaal dat yn it ferline fan it ûnderwilens ferdwûne Green Lake spilet ynnimt en fan ynfloed is op it hjoed-de-deiske oer it strafkamp. De mar, dêr’t de finzenen út en troch fiskefossilen opdolle, is ferdroege. It plak mei deselde namme, Green Lake, wie ea in wolfarrend doarp dêr’t skoaljuffer Kate Barlow fereale rekke op Sem, in neger, in skiednis dy’t ynventyf ferfrissele wurdt mei dy fan de finzenis, syn direkteur en de finzenen. It sinleas lykjende dollen fan gatten mei de finzenen dan as karakterfoarmjend foarspegele wurde, it tsjinnet wol deeglik in doel, nammentlik it eigenbelang fan de wreedaardige direkteur mrs. Walker, in neikommeling fan Charles ‘Stinking Fish’ Walker dy’t ferantwurdlik wie foar de moard op Sem út rasistyske motiven wei. Kissing Kate Barlow naam net allinne wraak, sy waard dêrtoch ek ryk en sy moat earne yn it sân in skat begroeven ha.

Hoe yngenieus it ferhaal ek yn elkoar stekt, in foarstelling boeit noait troch in ferhaal allinne. Dat ferhaal hat, mei’t it om de bewurking fan in jeugdboek giet en ek as skoallefoarstelling foar it fuortset ûnderwiis te boeken wêze sil, wat puberaals. Stanley lit him op in stuit net langer liede troch omstannichheden en achtergrûn, mar makket in kar, en dat wurdt beleanne mei de fynst fan de skat fan Kissing Kate Barlow waans geast net langer om hoecht te waren mar lang om let rêst fine kin. Eind goed, al goed.

Mar it giet net allinne om it ferhaal, stof tot nadenken foar opgroeiende jongeren, it giet benammen om it spul, de beweging, de muzyk. Hoe’t de fiif finzenen by in konflikt bakkeleiend oer de grûn rôlje of dûnsjend de lodde ynsette, de enoarme fiskeskeletten dy’t rûnom opdûke, sokke eleminten meitsje de foarstelling fisueel oantreklik. ‘You gotta keep on digging and you never give up.’ De muzyk is fan Laurens Joensen, country en bluegrass, passend by de setting, mar ek opswypkjende perkusje as in sêne spannend wurdt. Ek bysûnder is it ynsetten fan de achtergrûn fan de ferskillende spilers.

Wie it Amerikaanske Green Lake mei negers en emigranten in melting pot, itselde jildt ek foar de cast. Eelco Venema, as bewarder praat mei syn direkteur (Marjolein Lei) en mei ien fan de finzenen Frysk, in oare finzene praat, as er emosjoneel wurdt, Papiamento en ek it Aramees wurdt ynset mei’t de man dy’t X-Ray spilet, Rabbi Jallo, út Syrië komt. Ek is der in miks makke fan spilers mei mear of minder spylûnderfining. Is Eelco Venema, bekend troch bygelyks ‘Heimwee nei Hurdergaryp’, ûnderwilens in yn ’e wol ferve akteur, inkelde oaren binne noch yn oplieding. “Wat ik wil, zijn persoonlijkheden op de vloer,” seit regisseur en artistyk lieder fan it foarich jier oprjochte teaterbedriuw De Jonge Republyk Silvia Andringa nei ôfrin. En dát is har slagge.

 

‘Holes’, is fan 4 oant en mei 13 septimber ek te sjen yn Techum – De Zuidlanden.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]