Gerrit Breteler
fotografy: Gerrit Breteler

Kredyt izersterke ‘waan’ foarstelling

RYNK BOSMA – 

Wanen wenje benammen yn de holle, sa folle wurdt dúdlik geandewei de foarstelling Kredyt yn De Bûnte Bok yn Ljussens. Kastlein Haaksma heart it ratteljen fan de bussen troch de daam, syn heit mei it hynder Bruno derfoar:

In Belch mei Gelders bloed,

Net al te wreed, net al te froed

Net katolyk, net griffermeard mar ateïst.

Mar de kastlein sjocht mear as hy moarns foar de spegel de dei yn giet, in âld ronfelich antlit wêr’t de spoaren fan de tiid harren merktekens efterlitten ha. En yn de nachtlike oeren krijt hy syn wanen op besite, swarte swanen. Gelokkich wrakselt de kastlein net allinne mei it libben en de dingen dy’t feroarje. Hy hat selskip fan Japke mei it flekspostkantoar dy’t yn har dreamen in kubus sjocht fol mei formaline en dêryn driuwe heilssoldaten, boeren en ek har reade Post.nl fyts foarby. Bylden fan beroppen en minsken dy’t wei wurde yn de moderne maatskippij, dy’t gjin rjocht fan bestean mear ha.

 

It is in keunst earnstige libbensfragen te ferpakken as ‘abstracte confetti’, it dwarrelt del op de skouders fan de taskôgers, bliuwt efkes hingjen, set oan ta neitinken, mar op wei nei hûs docht de wyn syn wurk en blaast it allegearre de seedyk oer.

 

Dat giet net op foar de glêde politikus dy’t brocht en helle wurdt yn syn tige rappe Audi mei sjauffeur. Hy wurdt dreaun troch de begearte nei macht, mar mear noch nei jonge froulju. It binne in pear fan de typkes dy’t yn in foarstelling mei gong foarby komme mei as keningsnûmer fansels de fûgeltsjesman. De fingers yn it bûske geane op en del as wie it of de man sels fuort fleane woe. In moaie hommaazje oan de Ornitholoog fan Toon Hermans hast fjirtich jier lyn.

En dan is der fansels noch de Twentse Hettie, prachtich spile troch Anke Bijlsma. It fette Twentse aksint, de ambysje om in boek te skreauwen oer in bekend artyst, it foarmet it poadium foar wat sûne selsspot ornearre foar de skriuwer fan dit fjirde teaterstik, Gerrit Breteler. ‘Op in sokkel mei in mokkel’ sa fettet Anke it allegearre yn ien sin gear.

De wanen yn de hollen fan de spilers wurde ynjûn troch it libben om harren hinne. De deistige swierrichheden lykas eutanasy, de tiid dy’t net allinne foarby giet mar ek oars wurdt, de macht fan it jild dat almar grutter wurdt wêrtroch it wolwêzen fan de minske de wearde krijt fan it slyk efter de seedyk. En troch dat alles rint it goudkleurich hynder, in bist dat betrouwen nedich hat fan de mins, in bist dat is as ‘Myn moarntiidssinne’, in knypeach fan de Hear.

It makket fan dizze fjirde foarstelling dy’t wer begjint mei in K in izersterke ‘waan’ foarstelling. Haaksma spilet as in ljurk yn de maaitiid, de hân fan de nestor fan de Fryske teaterwrâld, Rients Gratama, hat him geweldich goeddien. Dat selde jildt ek foar Bijlsma, it binne de lytse dinkjes dy’t it dogge. Mei de taskôgers as de winners, ek al sille guon nachts noch wolris wekker wurde fan dy prachtige ynteraksje mei de minsken yn de seal.

It is in keunst earnstige libbensfragen te ferpakken as ‘abstracte confetti’, it dwarrelt del op de skouders fan de taskôgers, bliuwt efkes hingjen, set oan ta neitinken, mar op wei nei hûs docht de wyn syn wurk en blaast it allegearre de seedyk oer. Wat bliuwt binne de bylden fan Hettie as in reade roas, de wapperjende fingers fan de fûgeltsjeman, glimkje om de moaie jûn dy’t west hat.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.