Don Juan: op syn hûntsjes yn de iepen loft

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn de santjinde iuw wie toanielskriuwer Molière syn stik Don Juan kontroversjeel, om syn frijsinnigens en om’t mei de godstsjinst de spot dreaun wurde soe. Mei’t der oer de needsaak fan it skearen fan de bikinilijn of in skamlipkorreksje praat wurdt en de ferneamde frouljusferlieder Don Juan fan in Marokkaan syn frou graach in foto wol, mar dan net ûnder sa’n tinte, is it stik yn de bewurking fan de Flaming Nathan Vecht nei de tiid fan no brocht. Kontroversjeel is it net, it publyk is wol wat wend as it giet om ferlieding en alles wat dêrút fuort komt. In jûn op de tribune fan de doarpstún fan Snakkerbuorren om nei de ferfryske ferzje te sjen, is ál sa’n jûn dat it publyk amper ophâlde kin fan laitsjen.

 

Froujlu sykje fêstichheid en dat is wat Don Juan perfoarst net fan doel is te bieden, want, sa seit syn biedwurd: ‘Trou is foar malloaten’.

 

Moaie rollen binne dy fan Don Juan (Pieter Dirk Sikkema) as in dandy yn felread maatpak, in flotte prater en krekt troud mei Elvira (Marleen de Boer) dy’t goed per en fertrietlik tagelyk is om’t hy, daliks op harren houliksreis al de stewardess neukte. Foar Elvira har twa bruorren reden om harren sweager op te sykjen. Koos, syn bodyguard, lykwols wegeret harren yn de lounge te litten.

Broer Ed sil der ûnberoaid op los en Maurice moat him geregeld yn de stringen hâlde. No hoege der gjin deaden te fallen, mar it spul fan, resp. Wytse de Vries en Sytse Keekstra kin, fysyk sjoen, al wat fûler. Sawiesa moat it stik op gong komme, seker yn it begjin liket it in praatstik te wurden en is it wat nuet.

Nei de earste dekôrwikseling – fersoarge troch de spilers – feroaret dat. Don Juan en Koos ha in ûngemak hân en reitsje yn it sikehûs. De ferpleechster smelt al as sy te hearren krijt wa’t sy yn soarch hat. Hearlik hilarysk is de sêne wêryn’t Don har oerhellet him ôf te sûgjen. De holle ûnder de tekkens docht sy tige har bêst as de froulike dokter deryn komt, in kâldenien, rasjoneel en strang. Koarn op de mûne fan Don Juan om har ûntteie te litten mei opmerkingen as: Moat dy sopsintrifuuzje net ris oan de praat holpen wurde? Dokter en ferpleechster sitte elkoar yn it hier, einigjend mei in potpourri fan (playbackte) popsongs. Sjongt de iene ‘Do you love me forever’ fan Meatloaf, dan nimt de oare it oer mei ‘Ne me quitte pas’ fan Brel. Froujlu sykje fêstichheid en dat is wat Don Juan perfoarst net fan doel is te bieden, want, sa seit syn biedwurd: ‘Trou is foar malloaten’. (Dêrnei in moai songen liet fan Elvira.)

Keamerfamkes, de kommunikaasjeadviseur en sels de kâlde dokter, Don Juan krijt se allegearre safier en dûk mei him de koffer yn. Of steand of yn de Jacuzzi … Mei ien fan har ferdwynt er troch de doar en oan it bonkjen is wol te fernimmen wat der geande is. Underwilens hâldt Koos stoïsynsk de wacht en as in read slipke oanfleanen komt is er net te beroerd om de betreffende dame nei de died te helpen it oan te lûken. Hy hat mar ien probleem: Don Juan mei dan in rikeljusjonge wêze, hy is net flot fan beteljen.

Serieuzer wurdt it as Theo van der Molen as it waaksen byld fan de Prins, nei’t er as living statue al skoften oanwêzich is, ynienen begjint te praten. Hy jout in warskôging ôf: Don Juan hat twa dagen om berou te toanen oer syn wize fan libjen. Ek de heit komt del om de soan te fermoanjen en Elvira op har bar freget him ien geunst: himsels te rêden. Foar de heit oer docht Don Juan as is it him, nei in kuier, hielendal helder en sil er syn libben betterje. Hiel oandwaanlik en Koos is oesa bliid as de beide har fermoedsoenje. It komt him op in reprimande te stean: ‘Appelflap’.

It stik einiget dermei dat Elvira har bruorren ekskúses besykje ôf te twingen. De panielen dy’t it dekôr foarmje gean ien foar ien iepen, dêrachter dûke de figueren út Don Juan syn libben op. In prachtich byld en dêrmei wurdt it ienfâldige dekôr effektyf ynset. De notoire ferlieder is konsekwint: spyt en berou binne net oan de oarder, dat se slaan him dea. Der is mar ien dy’t dêr in probleem mei hat en dat is de bodyguard dy’t syn lean al moannen net krigen hat.

Gnyskjend ferlit it publyk de tribune om de jûn ôf te sluten by it kampfjoer yn de doarpstún.

 

‘Don Juan’ troch Iepenloftspul Snakkerbuorren, premjêre 7 july. Noch te sjen 12, 14 en 15 july.

Comments
4 reaksjes oan “Don Juan: op syn hûntsjes yn de iepen loft”
  1. albert bosma schreef:

    graag wil ik u er wijzen dat de liedje aan het eind van de ziekenhuis act live worden gezongen

    m vr gr
    albert bosma
    techniek snakkerbuorren

  2. Rudi stuve schreef:

    Alle liedjes zijn live gezongen! En het genoemde nummer is niet van Queen, maar van Meatloaf, check your resources!

  3. Marleen schreef:

    Goedendag,

    Ik wil u er op wijzen dat het nummer “do you love me forever” eigenlijk “paradise by the dashboard light” heet en dat nummer is van Meatloaf niet van Queen.

    Groetjes,
    Marleen

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.