Wrakseljende Jan Arendz tige oertsjûgend

RYNK BOSMA – 

Dûmny Bas van Gelder stie op in twasprong, soe hy yn Seelân it berop oannimme of foar it Fryske Jorwert kieze. Sa fertelde de hoeder yn oarlochstiid yn Jorwert de minsken yn Het Wapen van Baarderadeel. Yn Jorwert wie God doe noch rûnom tusken de minsken, Geert Mak soe pas in heale iuw letter beskriuwe hoe’t de Almachtige út Jorwert ferdwûn. Dûmny Van Gelder hie dan wol Seelân links lizze litten, de wapenspreuk fan de provinsje naam hy wol mei nei Fryslân, Luctor et Emergo, Ik worstel en kom boven. En dat lêste hie der wol oan by Van Gelder.

De foarstelling Skûlje yn Jorwert fan J&M Teaterwurk stie as in hûs, lykas de pastory neist de Redbadtsjerke soenen je hast sizze. Mei in izersterke opbou, in moaie fariaasje tusken fertelle en hanneljen en boppe-al in libbensechte Van Gelder dy’t troch Jan Arendz as in twifeljend en wrakseljend, ûnhandich mins prachtich delsetten waard.

 

In tige oertsjûgjende foarstelling Skûlje yn Jorwert, dy’t net allinnich it doarp yn de lak set, mar ek in boppeslach is fan J&M Teaterwurk mei Bruun Kuijt as behindige stjoerman efter de skermen.

 

De opbou begjint oan de Battenserreed mei in prachtich kuierke troch it doarp Jorwert. Yn de fierten lizze de boerenspultsjes, bewenners fan doe lykas Foppe en Jitske Gregorius wurde troch ferteller Van Gelder noch ien kear ta libben roppen. Foppe dy’t tsjin de beneaming fan Van Gelder wie mei de wurden “Dizze is sa fyn as meallen poppestront.” It ‘lytse paradys’ fan Fûns komt foarby, de prachtige teologyske one liner dat ‘leauwen gjin ranje is, mar mear de smaak hat fan konjak’.

Fansels krijt de wrakseljende en twifeljende Van Gelder pas echt stâl troch de doarpsminsken om him hinne. De tsjinstelling mei de yn gewoane dingen ûnhandige Van Gelder wurdt moai útfergrutte troch de doarpsminsken dy’t mei faasje troch it libben fan de dûmny en de foarstelling rinne. Je soenen sizze kinne dat swart pas echt útkomt tsjin in wite eftergrûn en dy wite eftergrûn wurdt oertsjûgend ynkleure troch Wybe Koldyk en Marijke Geertsma dy’t mar leafst santjin ferskillende jassen en jurken oanlûke.

Nim Nolke’s Jikke, ien en al praktyk, dy’t as de dûmny ‘sawathinne’ net ferstiet flot de oersetting levert mei ‘ja zo wat verder’. Mar de minsken fan it doarp leverje mear, molke, tsiis en skieppewol foar it deistich libben. Mar in adreske foar de nikotine hat dûmny net, syn selsmakke spul is net te smoken, sa kleit hy. En just dat hat de sielenhoeder nedich foar de sneinske preken.

Ungemurken makket it praat oer in alvestêdentocht plak foar oare, wichtiger saken lykas bonnen foar ûnderdûkers. Van Gelder wurdt hiel stadich mei toga en al meilutsen yn it ‘ferset’ en moat ûnderdûke yn eigen tsjerke. De oarloch yn de grize kleuren fan it echte libben dus, de bibelske Amalekieten út Genesis meitsje plak foar it heakenkrús as de dûmny oppakt wurdt en yn sel 17 terjochte komt. De driigjende lûden fan de fleantugen earder yn Jorwert krije hannen en fuotten as hy ferheard wurdt troch de besetter.

Mar Van Gelder hat de ‘Statenbijbel’ by him, earst lêst hy bygelyks út Mattheüs 26: ‘De geest is gewillig, maar het vlees is zwak’ om dêrnei de bledside der út te skuorren en te brûken as floeipapier. Hy kin mei 1462 siden wol efkes foarút. It is in byld fan de twastriid, sis mar oarloch, dy’t Van Gelder yn syn eigen holle fiert. De deistige need fret it fûnemint fan it leauwen fuort.

En dat alles bart yn in tige oertsjûgjende foarstelling Skûlje yn Jorwert, dy’t net allinnich it doarp yn de lak set, mar ek in boppeslach is fan J&M Teaterwurk mei Bruun Kuijt as behindige stjoerman efter de skermen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.