De suvering as dekôr foar ‘De suvering’

Publisearre op 17 juni 2016

ELSKE SCHOTANUS – 

It is in toplokaasje foar it iepenloftspul yn Wergea, de fertutearze wettersuvering fan wat earder in suvelfabryk fan de Frico wie. It betonkompleks, oergroeid mei rusken en beamkeguod dat him yn elk gatsje, elke kier ôfset hat, foarmet in yntrigearjende achtergrûn foar it stik. Der hinget de rook fan flearblossem, der groeie ferwyldere roazen. It stik, nei de film O Brother, Where Art Thou?, bewurke troch Theo Smedes dy’t mei Bianca de Jong foar de rezjy tekene, hjit De suvering. It giet, hiel yn it koart, oer trije finzenen dy’t útbrekke om op syk nei in skat. Se moatte gau wêze, want oer in pear dagen sil de daam trochbrutsen wurde om it terrein ûnder wetter te setten. De titel ferwiist nei de lokaasje fansels, mar ek nei de suvering troch doop en bekearing.

 

Ik ha komselden in stik sjoen dêr’t sa fraai gebrûk makke wurdt fan de natuerlik oanwêzige achtergrûn.

 

Dat klinkt serieus, mar it stik is dolkomysk. Earst wat oer de lokaasje. Ik ha komselden in stik sjoen dêr’t sa fraai gebrûk makke wurdt fan de natuerlik oanwêzige achtergrûn. Op it heechste punt fan it betonnen kompleks, oan de linkerkant is it poadium foar de band dy’t Amerikaanske muzyk spilet, blues, bluegrass. De muzyk is ynset as soundtrack, dêrmei slute songs en spel perfekt op elkoar oan. Moaie sang, benammen dy fan de fjouwer jonge froulju. Under it poadium it rustige izerwurk as de útlaat fan de boppeste bassins (dy’tst net sjochst) nei in leger lizzend bassin dat it dekôr foarmet foar de suvering yn de sin fan in doop troch Baptisten. Der binne betontreppen, der stiet in opmitsele skuorke, it wurdt allegearre ynset as wie it der foar makke.

It stik spilet yn it Missisippi fan de jierren tritich. In groep finzenen yn streepte pakken, mei kettingen oan de ankels oan elkoar fêstset, dogge twangarbeid. Mei skeppen en houwielen wurdt de grûn bewurke, wat de iene opskept, smyt de oare wer fuort. It slagget Everett Ulysses (Sicco de Ree), Pete (Jitze Grijpstra) en Delmar (Dennis Pijl) los te brekken en út te naaien. Fansels rint de ien hurder as de oare, dat se stroffelje en falle oer de grûn, humor dy’t it altyd goed docht. Is Everett Ulysses it baaske – hy is dejinge dy’t de oaren meinimt op syn queeste nei de 1,2 miljoen stellene dollars dy’t er fuortstoppe foar’t er finzen set waard – Delmar is de wat achterlike dy’t der komysk bykomme kin. It past by de rol, mar soms moatst muoite dwaan him te ferstean.

De namme, Everett Ulysses, seit it al: yn it ferhaal sitte alderhande ferwizings nei de klassiker. Sa binne der de sirenen dy’t it trijetal yn sliep sjonge. As Everett Ulysses en Delmar bykomme, blykt Pete fuort. Delmar sjocht in grouwe podde oan foar harren maat. Dy giet mei yn in doaze. Hilarysk is de sêne wêryn’t de bibelferkeaper mei, as de Sykloop, in lapke foar it iene each mei harren mei yt en bepaald net smaaklik: it iten fljocht alle kanten op. It rint derop út dat er de podde ut de doaze hellet. De bringst falt ôf, dat hy knypt it fize bist fyn, sa dat de klodden him yn it gesicht spatte. Sa falt der in soad te laitsjen.

De suvering en earder de film (dy’t ik sels net sjoen ha) ferwize dan wol nei Ulysses, it stik is hartstikke Amerikaansk. Net allinne de soundtrack is dêr mandelich oan, der falt geregeld in skot, der is de bankrôver, der binne ferkiezings op kommendewei, der is de sheriff en de trije wurde ferneamd troch yn ‘in blikje’ te sjongen. Der is ek de skaadkant fan The American Way of Life. Sa is der sprake fan rassediskriminaasje en yn in yndrukwekkende sêne komt de Ku Klux Klan op. Op dat momint riist fanút de achtergrûn wei in enoarm baarnend krús op. Prachtich.

Der is fansels gjin skat. Everett wol werom nei hûs om tefoaren te kommen dat syn frou mei in oar trouwe sil. It stik einiget dermei dat de trije ophong wurde sille, de galge stiet al klear. Yn wanhoop begjinne de mannen te bidden, yn al syn oerdreaunens geweldich spile. Op dat momint komt it wetter op, bandleden, sjongers, in soad minsken komme om. Mei tank oan de suvering troch gebed, oerlibje de trije de ramp.

Kompliminten, net allinne foar de rezjy, de haadrolspilers en de muzyk, mar foar de lange list oan meiwurkers, oft dy no meardere byrollen op har nimme of, bygelyks, de kostúms naaid ha.

 

De suvering is noch te sjen op 17, 18, 22, 24 en 25 juny.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]