$20 foar in Dylan Burger
ARJAN HUT – Elizabeth Street, New York, neisimmer 1971, houwerij! It is Bob Dylan, krekt werom fan it Konsert foar Bangladesh. Hy hat it oan de stôk mei in fan, AJ Weberman. Weberman is oprjochter fan it Dylan Liberation Front en bestudearret de muzikant sa yngeand dat er sels ta syn jiskebakken sit. ‘As dy […]
Esther de Jong op toernee troch Ljouwerter hûskeamers
Yn de rin fan febrewaris sil muzikant Esther de Jong (Dokkum, 1994) acht hûskeamerkonserten jaan yn de gemeente Ljouwert. Alle kearen nimt se in Ljouwerter gastdichter of -muzikant mei. De ôfrûne jierren is de drompel om nei keunst en kultuer te gean aardich heech wurden. Dêrfandinne besiket de Jong dy wer omleech te krijen troch […]
In aldersmoarchste moard
ARJAN HUT – Op 22 novimber 1963 wurdt presidint John F. Kennedy deasketten yn Dallas, Texas. Syn dea soarget foar in skokweach dy’t de hiele wrâld oer giet. De skiednis komt yn ferskate lietteksten werom, bygelyks by Guns N’ Roses (And in my first memory they shot Kennedy, Civil War, 1991) en The Rolling Stones […]
Broeierige rock met blauwe plekken
ARJAN HUT – Het Vlaamse Blue and Broke kwam in 2013 na een pauze van tien jaar weer bij elkaar en bracht sindsdien drie albums uit. Het vorige, Edward, was een conceptalbum met de Amerikaanse schilder Hopper als inspiratiebron. Het titelnummer van het nieuwe album Night Shadows is ook weer op Hopper geïnspireerd. Het is […]
Fryske komponisten op Festival Jong Talent Skiermûntseach
Letter dit jier te lêzen yn De Moanne: ynterviews mei de jonge talinten komponist Tom Schipper en sellist en komponist Thomas Prchal. Twa jonge útblinkers yn de klassike muzyk. Takom wykein binne se te hearren op Festival Jong Talent op Skiermûntseach. Dizze tsiende edysje is online en fergees te folgjen op www.schiermonnikoogfestival.nl/festivals/festival-jong-talent-2021.
Digitale Grutte Gedichtejûn op 5 febrewaris yn premjêre
Alle jierren organisearret Frysk literêr tydskrift Ensafh de Grutte Gedichtejûn. Foargeande edysjes hawwe plakhân yn Snits, Ljouwert en Drachten. Fanwegen it koroanafirus hat de redaksje besletten om der dit jier in digitale edysje fan te meitsjen. Dichters en poëzyleafhawwers hawwe de oprop krigen om gedichten op te nimmen en as filmke yn te stjoeren. Dat […]
Nynke Laverman: dat leafde net stikken kin
TIALDA HOOGEVEEN – Mei har debút Sielesâlt sette Nynke Laverman harsels yn 2004 yn ien kear op de kaart. Yn de sechtjin jier dêrnei bleau se ferrassen troch harsels telkens opnij út te finen. Ek no wer mei har album Plant, wêr se de harker in finster biedt op ús plak op ierde wêr leafde […]
Troch it each fan de kamera oer Skier
TSJOMME DIJKSTRA – It Internationaal Kamermuziekfestival op Skiermûntseach giet oar wykein (2-4 oktober) yn oanpaste foarm troch. Neffens oprjochter Georges Mutsaerts hat de organisaasje alle war dien om de basis fan it festival, de kombinaasje fan muzyk en de natoer, oerein te hâlden foar de bysûndere kommende edysje. Sa as alle jierren komme der muzikanten […]
Whoosh: Farsk bloed tsjoch op
ARJAN HUT – Farsk bloed, dêr falt wat foar te sizzen. Deep Purple bringt in nije plaat út, en it binne de ‘nije’ bandleden dy’t foar in soad wille en ynspiraasje soargje. Gitarist Steve Morse en toetsenist Don Airey hearre wilens fansels ta it sprekwurdlike meubilêr, mar har bydragen sprankelje op dit album, dat de […]
Koele metal komt fan Poalen
ARJAN HUT – In hjitteweach, de fentilator makket in lawaai, oeral yn de buert jammerje poppen en katten, mar gelokkich bestiet der muzyk heavy genôch om dêr boppe-út te kommen. Anvision is in melodieuze progmetal-groep út Poalen. Ferline jier namen se it album Love & Hate op, de tredde plaat nei AstralPhase (2012) en New […]