• 3 februari 2009

    JOSSE DE HAAN -  De nije Spegel mei Fryske poëzy is novimber 2008 oan Abram de Swaan oanbean - noch leafhawwer fan poëzy, noch fan Fryslân. As publisitêr objekt in non-objekt. Mar literatuerbefoarderer T. Oppewal seit: ‘Ik bewonder die man om zijn scherpzinnigheid, zijn humor en zijn stijl van schrijven. Zo Amsterdams ook’ (Contrabas). Dat idee-fixe oangeande dy Amsterdamske styl fan skriuwen hat neat opsmiten. [...]

  • 12 december 2008

    MARITA DE JONG - Gerben Dykstra is opgroeid tusken de boeken. Heit Sipke hie in boekhannel, antikwariaat en útjouwerij yn Ljouwert. Gerben wurket en wennet op de Weerd. Yn syn hûs in protte keunst en noch mear boeken. Yn syn antikwariaat fansels, mar ek yn de keamer, sliepkeamer en op ’e souder. Kasten fol moaie boeken. In grut part giet no de doar út want [...]

  • 1 september 2008

    ELSKE SCHOTANUS -     Us eigen ûnderfiningen besjen as wienen se fan in oar – dat is heilsum. Lykwols, de ûnderfiningen fan in oar beskôgje as wienen se fan ússels – dat soe ús ûndergong wurde. Harmen Wind jout syn roman Om it libben boppesteande útspraak fan Friedrich Nietzsche as motto mei. It is in pleit foar objektiviteit en in warskôging foar tefolle belutsenens. [...]

  • 1 juli 2008

    JITSKE KINGMA -   “Doe’t ik begûn mei skriuwen, die ik dat yn it Nederlânsk. Makkest dy earst los fan dyn jeugd en fan de provinsje. Ik seach net de wearde fan it Frysk yn. Mar letter kaam it besef dat ik yn dy taal opgroeid bin en dat my dat foarme hat. Dy taal is allemachtich wichtich foar my. Doe waard it tiid dat [...]

  • 1 juni 2008

    ERNST BRUINSMA - Op het moment dat wij met elkaar praten over zijn boeken, zijn bibliotheek, ligt het jongste boek van Huub Mous (1947) net bij de drukker. ‘Dat is een vervelend gevoel, je kunt er niets meer aan doen’. Mous voelt zich enigszins kwetsbaar, De kleur van Friesland, over de beeldende kunst in deze provincie na 1945, is een belangrijk boek en de vraag [...]

  • 1 juni 2008

    HARMEN WIND -  1. Earste proazabondel Albertina Soepboer (1969) is ien fan de bekendste Fryske dichters. Ek as toanielskriuwster hat se namme makke. Ferskillende fan har  bondels binn’ yn it Hollânsk ferskynd, bgl. De hengstenvrouw (1997), De dieptering (2001) en Het nachtland/De knotwilg (2003). De krityk wie trochstrings loovjend. De lêste tiid hat har gearwurking mei de Fryske fado-sjongeres Nynke Laverman de oandacht lutsen  De [...]

  • 16 april 2008

    MARITA DE JONG -  De skriuwer Dolf Verroen (Delft 1928) wennet en wurket sûnt 1983 yn Sint Nicolaasga. Foar Slaaf kindje slaaf krige hy yn 2006 de Deutsche Jugendliteraturpreis en de Gustav Heineman Vredespijs. Earder wûn hy al Zilveren Griffels foar De kat in de gordijnen (1979), Hoe weet hij dat nou? (1981) en Een leeuw met lange tanden (1987). De skriuwer is troud mei [...]

  • 1 maart 2008

    ERNST BRUINSMA -   Yn it radioprogramma Buro de Vries waard in pear wiken werom troch in libben kwartet fan lêzers it boek Echt Moai fan Wieke de Haan en Elske Riemersma besprutsen. Twa froulju wienen op in fleurige wize oan it lekskoaien en makken lûdroftich dúdlik dat se it boek fan De Haan mar neat fûnen. Ien fan de manlju, Hylke Tromp, wie eins [...]

  • 1 december 2007

    KAREN BIES -  Hy is al acht jier gjin direkteur mear fan de iepenbiere basisskoalle yn Warns, mar wennet noch wol yn it âlde skoalmastershûs. De lûden fan boartsjende bern op it plein binne altyd te hearren. Loskomme fan it ûnderwiis en de bern kin er dochs al net. Mindert Wijnstra (1945) skriuwt berneboeken. Tegearre mei âldste dochter Babs, dy’t syn boeken yllustrearret, docht er [...]