fotografy: Linus Harms

Harmen Wind: As skriuwer bist dyn earste lêzer

JITSKE KINGMA –  

“Doe’t ik begûn mei skriuwen, die ik dat yn it Nederlânsk. Makkest dy earst los fan dyn jeugd en fan de provinsje. Ik seach net de wearde fan it Frysk yn. Mar letter kaam it besef dat ik yn dy taal opgroeid bin en dat my dat foarme hat. Dy taal is allemachtich wichtich foar my. Doe waard it tiid dat ik ek yn it Frysk begûn te skriuwen. Ik skriuw no yn beide talen. As it oer de gefoelswrâld giet en oer alles wat mei de jeugd te meitsjen hat of bûn is oan Fryslân, dan skriuw ik yn it Frysk. Yn it Nederlânsk skriuw ik oars. Dan leit de klam op it ûndersykjende, it freegjende. By it Frysk mear op it emosjonele, dat wat my heech sit. Sa wurdt der nea in taal oerstallich, se ha beide har plak.”

Dat sei Harmen Wind (1945) yn in petear mei De Moanne oer ûnder oaren syn nije roman Om it libben, dy’t yn septimber ferskine sil. Harmen Wind is in produktive, meartalige en bekroande skriuwer dy’t sawol proaza as poëzij skriuwt. Hy is resinsint Fryske poëzy by de Ljouwerter Krante en skriuwt ek wol kritiken foar De Moanne. Hy is berne yn Ljouwert, opgroeid yn Aldeboarn en studearre Nederlânsk yn Amsterdam. Fan 1972 oant 1976 hat er learaar Nederlânsk op It Hearrenfean west en dêrnei hat er Fryslân ferlitten om yn Doesburg te wenjen en te wurkjen.

It begryp skuld is foar my net negatyf. It hat wol alles mei it gewisse, dyn ferantwurdlikens, te krijen. Ast in fout makkest, dan is it dyn fout. It feit dat dat kin, datst dat kinst, makket dy grutter.

Syn earste literêre wurk skreau er doe’t er yn Amsterdam studearre. It wiene gedichten, yn it Nederlânsk, en se waarden – doe’t er syn earste learaarsfunksje hie – pleatst yn it literêre tydskrift Spektator. Harmen Wind: “Dat foel my net ôf!” Der stiene tekeningen by fan de hân fan Pieter Krijthe, de man dy’t ek de yllustraasjes makke hat fan syn yn 2008 ferskynde fabelbondel Lek en brek.  De fersen wiene boartlik en hiene as ûnderwerp pasjinten út de klinyk fan Ermelo, dêr’t Wind earder fakânsjewurk die. Wind: “Dat wurk rekke my djip. De minsken dêr sieten mei in grut stik ellinde. Der wiene faak oarlochsslachtoffers by. Foar guon minsken wie de oarloch nea ôfrûn, dy holden net op mei har te ferbergjen en dûkten wei foar alles wat fan bûten kaam. It wie in wrâld apart, dy’t ik mei wat humor besocht te beskriuwen. Der is letter in bondel fan ferskynd, Het gesticht en dêr hat de ynrjochting sels fuort 500 fan kocht, dat de earste printinge wie gau útferkocht.”

Lykwols, de fersebondel ferskynde pas tweintich jier neidat er dêr wei wie. Wind: “Jierrenlang haw ik opsteapele wat ik makke hie. Ik redenearre sa, as it goed is, is it oer tsien jier ek noch wol goed. Dan hoecht it net daliks publisearre te wurden. Ek Het verzet, de roman oer ús heit, hat in skoft ûnderweis west.  It hat jierren duorre foardat ik oer de relaasje mei ús heit skriuwe koe. Salang’t eat my te heech sit kin ik der net oer skriuwe. Ik tink dat dat ek de reden west hat dat ik it earst yn it Nederlânsk skreaun haw. Dan sit der wat ôfstân yn.”

Ik hie net sasear it idee dat ik it makke hie mar mear dat ik der efter kaam hoe’t it ynelkoar siet.

Midden jierren tachtich begûn er yn it Frysk te dichtsjen. Lykwols, de Fryske bondels befetsje oare poëzij as de Nederlânske. Wind: “Ik set de fersen oer it algemien net oer, mar bewurkje se. By alle bondels dy’t yn beide talen ferskine komme fiif oant acht fersen yn beide bondels foar. Mar de oare 30, 35 binne ferskillend en ek wêzentlik ferskillend. Ik haw ek gjin oanstriid om se oer te setten. In útsûndering is Aardewerk/Ierdewurk. By twa tredde fan dy bondel binne deselde fersen sawol yn it Nederlânsk as it Frysk opnommen. Dat woe ik ek ris besykje, as in soarte fan eksperimint. Dat hat lykwols gjin omslach bewurke en it sil ek net wer foarkomme. In fers komt yn de taal dêr’t it yn wêze moat en trochstrings moat it dêr ek yn bliuwe.”

De earste roman dy’t er skreau wie De izers fan de frijheid, yn it Frysk dus. Wind: “Dat is in histoaryske roman, dy’t paste yn it ramt fan Fryslân 500. It gong oer de kontroversjele frijheidsstrider Jancko Douwama.”

Heit en soan
Syn earste Nederlânsktalige roman wie Het verzet, ferskynd by de Arbeiderspers yn 2002. Dat boek giet oer in soan dy’t him altyd fersetten hat tsjin it swier kristlike, rjochtlinige leauwen fan syn heit. Mar as de heit hieltyd fierder ôftakelet en dan mear en mear ôfhinklik wurdt fan syn soan, feroaret der fan alles yn harren relaasje. Foar Het verzet krige Wind de Debutantenprijs. Hy neamde it doe’t er it skreau al in Frysk boek yn it Nederlânsk en it wie dan ek in kwestje fan tiid foar’t it ek yn it Frysk ferskynde. It kaam net út in letterlike oersetting,  sa’t dat ek by de poëzij net sa is, mar wie in bewurking. En  it foel op dat it yn it Frysk dikker wie. Harmen Wind krige der yn 2006 de Rink van der Veldepriis foar. Wind: “De taal dy’t ik brûk is yn it Frysk faak frijwat argaysk. Ik soe wol lichter skriuwe wolle, mar ik fyn it ek wol moai om útdrukkingen te brûken dy’t ferdwine. As skriuwer binne je dochs ek wat taalstrider.”

Al wie it in roman, ik fûn wol dat ik ús heit rjocht dwaan moast. Hy koe net mear tsjinakselje. Ik woe it beskriuwe sa’t it west hie. It hert fan de roman moast wier wêze. De feiten wiene wat minder belangryk.

Yn 2005 kaam by De Arbeiderspers Meesterschap út. It boek giet oer in learaar Nederlânsk, dy’t it spyljen fan rollen ta in twadde natuer makke hat om him sa te wapenjen tsjin de wurklikheid. Mar as hy fereale wurdt, lit syn akteartalint him yn ’e steek. Wind: “Kwa ûnderwerp fyn ik it hiel spannend, benammen op it punt fan de seksuele relaasje dy’t de learaar mei in pear famkes hat. Soks ha ik by kollega’s in pear kear meimakke, ek as direksjelid, en ik haw sjoen dat dat in enoarme ympekt hat. Spitich dat dat boek net wat mear foar ’t ljocht kommen is.”

Yn 2007 ferskynde Het talent, in roman wêryn’t in achttjinjierrige jonge de earste tolve jier fan syn troch eangst en iensumheid fertekene wrâld beskriuwt op oantrún fan syn terapeut. In oerkoepeljend tema yn dizze roman is hoe ferskillend oft minsken de wrâld, elk út har eigen persepsje wei, belibje. Wind: “De problemen tusken minsken komme faak  fuort út dy persepsje. Minsken sjogge de dingen oars. Dat seit haadpersoan Jozef ek tsjin syn heit: ‘We kijken naar hetzelfde, maar we zien niet hetzelfde.’ Dat minsken hiel ferskillende ferbyldingskanten ha makket it soms dreech om inoar te begripen. Dat haw ik sels ek wolris. Ik hie lêsten mei immen in diskusje oer it tema skuld yn Het talent. Dêryn seit haadpersoan Jozef dat er bestiet as er seit dat er skuld hat. It begryp skuld is foar my net negatyf. It hat wol alles mei it gewisse, dyn ferantwurdlikens, te krijen. Ast in fout makkest, dan is it dyn fout. It feit datst oanspraaklik holden wurdst foar dyn hanneljen, makket dy grutter. De betsjutting fan it begryp skuld is net foar elk gelyk. Soms leit it sa gefoelich, dat minsken der net iens oer prate kinne. Dat fernaam ik doe, yn dy diskusje. Mar foar my is it in iepenbiering. Wa’t gjin skuld hat, wurdt net foar fol oansjoen. Unskuldich is allinne in bern of in geastlik ûnfolweardige. Do wurdst ôfrekkene op watst dien hast, dat is dyn ferantwurdlikheid. Earne yn de midsieuwen sleepten se yn in Frânsk doarp in bear foar de rjochter dy’t in bern opfretten hie. Mar sa’n bist hat gjin gewisse en dus gjin skuld.”

Nei dy twa Nederlânske romans sil der no wer in Fryske roman ferskine, Om it libben, in misdiedroman. Wind: “Dat is foar my in nij sjenre. It wie dan ek in eksperimint. Ik haw der mei in hiel soad plezier oan wurke.” De roman is foar it grutste part skreaun yn it skriuwersarkje fan Rink van der Velde op de Feanhoop, dêr’t Wind in tal wiken ferbleau.

Dat it Frysk in lyts taalgebiet is makket my neat út. It giet der om wat dy taal by my opropt. It Nederlânsk en it Frysk dogge net foar elkoar ûnder.

Sintraal tema is de relaasje tusken dochter en heit. De heit wurdt oan it begjin fan it boek fermoarde en de dochter rekket it paad linkendewei mear bjuster yn har syktocht nei har heit syn moardner. Wind: “Ik woe wat spannends skriuwe, in pageturner, in ferhaal dat boeit. Mar it waard ek hieltyd mear in psychologyske roman. Haadpersoan Maaike is in tige nijsgjirrich frommes. Se boeide my, mar stjitte my ek wol wat ôf. Ik ha tige myn bêst dien om my yn har te ferpleatsen.  Sy sjocht oars nei de wurklikheid as oaren. En oer it leauwen seit sy bygelyks: immen dy’t leaut is immen dy’t de wurklikheid net nimt sa’t er is mar der wat oan dwaan wol. Dat fiel ik mei har mei, sa soene je leauwe moatte. Mar fierders kin ik har net folgje yn hoe’t sy de wurklikheid út it each ferliest. Ik bin Maaike net. Miskien ha ’k wol in frou as haadpersoan nommen om der sels bûten te bliuwen. Maaike is in echte frou. Foar har heit is se ek net sasear in dochter, mar mear in frou.”

It boek hat as motto de folgjende wurden fan Friedrich Nietzsche:

Us eigen ûnderfiningen besjen

As wiene se fan in oar – dat is heilsum.

Lykwols, de ûnderfiningen fan in oar beskôgje

As wiene se fan ússels – dat soe ús ûndergong wurde.

Sûnt Harmen Wind ophâlden is fan lesjaan, in pear jier ferlyn, hat er him mear talein op proaza. Wind: “In gedicht skriuwe je yn in wykein, mar foar in ferhaal of roman moatte je fansels langer sitten gean. Dan moatte je ek langer de tiid ha om je der oan ien tried wei op te konsintrearjen. Foar it skriuwen fan De izers fan de frijheid haw ik trije moanne ûnbetelle ferlof nommen. Oars hie ik dat nea skriuwe kind.”

Mei dy histoaryske roman gong er ek hiel oars te wurk as mei Om it libben. Wind: “Foar in histoaryske roman moatst research dwaan, ynformaasje sammelje en mei dat materiaal in ferhaal meitsje op grûn fan wat yn wurklikheid al fêst leit. Mei Om it libben bin ik út it neat begûn. Ik wist allinne dat it mei in moard begjinne soe dy’t oplost wurde moast. Fan tefoaren wist ik net hoe’t it ôfrinne soe. As skriuwer bist dyn earste lezer. Dit ferhaal haw ik sels belibbe as boeiend. It hâlde my yn de besnijing. Ik hie net sasear it idee dat ik it makke hie mar mear dat ik der efter kaam hoe’t it ynelkoar siet. Dat hie ik mei Meesterschap ek. Ik wie benijd hoe’t it fierder gong. Dat wie ien fan de motivaasjes om fierder te gean. Mei gedichten haw ik dat ek wol, dat it in oare kant op giet as bedoeld. Dan wurdt it autonoom en hat it dy wat te sizzen yn plak fan oarsom. Der gebeure altyd dingen dy’t te meitsjen ha mei wat der al west hat. Dy romte moat der ek wêze.”

Yn de wiken dat er op de arke oan Om it libben wurke gong er alhiel op yn it skriuwen. Allinne yn de wykeinen wie syn frou der. Hy is altyd wat ôfwêzich as er djip yn in boek sit. Wind: “Dan libje ik mear fan binnen as fan bûten.” Syn frou lêst altyd wat er skriuwt en jout der ek kommentaar op. Ek fan oare meilêzers krijt er wol kommentaar. Mar dat binne dan net yngripende dingen.

Measte erkenning
Fan de boeken dy’t er skreaun hat leit It ferset him it meast nei oan it hert. Wind: “Dat ferhaal moast skreaun wurde. Ik hie safolle konfrontaasjes mei ús heit hân. Dat haw ik besocht te oerbrêgjen yn de tiid dat er minder waard en ik him twa of trije kear yn de wike opsocht. Mar ik wit net oft dat slagge is want oan de ein koe er net mear prate. Foar dit ferhaal, dat it tichtste by my stiet, haw ik ek de measte erkenning krigen. Ik haw der wol ôfgryslik mei wraksele. En it is net foar neat in roman wurden. Ik haw der wol fan wekker lein. Want, al wie it in roman, ik fûn wol dat ik ús heit rjocht dwaan moast. Hy koe net mear tsjinakselje. Ik woe it beskriuwe sa’t it west hie. It hert fan de roman moast wier wêze. De feiten wiene wat minder belangryk. Ik haw in broer en in suster, mar yn de roman moast ik iennichst bern wêze. Oars late dat ôf fan it tema. Myn broer en suster wiene it dêr úteinlik mei iens, mar se wiene der net bliid mei. Sy hiene fansels ek in ferhâlding mei ús heit, dat in boek oer ús heit, dêr moasten sy ek yn.”

Lykwicht
Op de fraach oft er fan doel is om yn de takomst mear Frysk te skriuwen seit Wind: “Dat wit ik net, mar yn alle gefallen net minder. Dat it in lyts taalgebiet is makket my neat út. It giet der om wat dy taal by my opropt. Ik skriuw wol faak om en om yn it Nederlânsk en it Frysk. Ik wol it in bytsje gelyk hâlde. Dy talen dogge net foar elkoar ûnder. Ik hâld de behoefte om yn beide talen te skriuwen en wol dat in bytsje yn lykwicht hâlde.”

Wind kriget wolris krityk op syn boeken dêr’t er neat mei kin. Sa fûn in resinsint haadpersoan Jozef út Het talent in ûnsympatike jonge. Wind: “It wurdt sa lêzen as dat it lêzen wurdt. Mar ik haw wolris oanstriid om te sizzen: lês in bytsje better. En ik soe soms ek wol yn de bocht springe wolle foar myn boeken. Mar, it boek moat himsels ferdigenje, ik kin dat net dwaan. It is ek altyd gefaarlik as in skriuwer sels foar syn boek opkomt. Dan liket it as kinne je net tsjin je ferlies. Miskien is dat ek wol sa. As immen mei redenen fertelt wat net doocht, dan kin ik dat wol akseptearje. Mar dat gebeurt net sa faak. By de besprekken dy’t ik sels meitsje bin ik my der altyd fan bewust dat minsken har siel yn har wurk lein hawwe. Guon skriuwers wurde razend as se krityk krije. Se sizze dan dat ik it net begrepen haw. Dan sis ik: ik sjoch wat mear as de trochsnee lêzer, as ik it net begrepen haw dan sil it oaren faaks ek sa gean. Mar ik hâld der wol rekken mei. Krityk moat dan ek mei belied en soms wat foarsichtich jûn wurde. Joust dyn oardiel net as in objektive wierheid, mar nimst der as kritikus de ferantwurdlikheid foar.”

Wurk fan Harmen Wind

Ut ein (1985, dichtwurk)

Het gesticht (1989, poëzie)

In wjirm mei in izeren rêchbonke (1989, dichtwurk)

Het scheermes van Ockham (1992, poëzie)

Boppe wetter (1992, dichtwurk)

Waterstaat (1994, poëzie)

Op alle dagen (1995, dichtwurk)

Plak (1996, dichtwurk)

Plaatselijke tijd (1997, poëzie)

Wei (1998, dichtwurk)

De izers fan de frijheid (1998, histoaryske roman)

Op sân (2000, dichtwurk)

Buiten adem (2001, poëzie)

Kikkerjaren (2001, oersetting fan Piksjitten op Snyp, Josse de Haan)

Het verzet (2002, roman)

By heech en by leech (2002, dichtwurk)

In dynamyske diskusje (2003, dichtwurk)

It ferset (2004, roman)

Meesterschap (2005, roman)

Ierdewurk (2005, dichtwurk)

Ta swijen – in hymne / Tot zwijgen – een hymne (2005, dichtwurk)

Aardewerk (2006, poëzie)

Het talent (2007, roman)

Lek en brek. Fjirtich fabels (2008)

Om it libben (2008, misdiedroman)

Prizen:

1987: Fedde Schurerpriis foar Ut ein

2003: Debutantenprijs foar Het verzet

2006: Rink van der Veldepriis foar It ferset

 

Earder publiseard yn de Moanne, 7 (2008),  6 (july) s. 60-63.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.