fotografy: Linus Harms

‘Ik bin gjin boekefanaat’

MARITA DE JONG –

Gerben Dykstra is opgroeid tusken de boeken. Heit Sipke hie in boekhannel, antikwariaat en útjouwerij yn Ljouwert. Gerben wurket en wennet op de Weerd. Yn syn hûs in protte keunst en noch mear boeken. Yn syn antikwariaat fansels, mar ek yn de keamer, sliepkeamer en op ’e souder. Kasten fol moaie boeken. In grut part giet no de doar út want Dijkstra hâldt der mei op. Mei pine yn it hert mar: ‘Der komme gewoan gjin minsken mear’.

 

Ik fyn mysels net in boekefanaat. It komt foar dat ik twa, trije moanne neat keapje. Dochs moat ik wol boeken om my hinne ha.

 

‘Myn antikwariaat wie spesialisearre yn 17e, 18e en 19e-ieuske boeken en ik ha in soad yn Fryske boeken dien. Foar de earste drukken fan skriuwers as Du Perron en Slauerhoff ha ik in fantastysk bod krigen, dy gean yn ien kear fuort. Alle 263 katalogy dy’t ik útjûn ha, gean nei Tresoar. Fryske tydskriften, lykas de Frije Fries en de Fryske Volksalmanak, ha ik myn hiele libben bewarre mar der is nea wer wat ôf gien. Minsken ha der gjin stoer foar oer. Alles is no op ynternet te finen. Ik ferkeapje alles en wat der dan noch oerbliuwt giet de container yn. Dêr set ik de brânslange op, want gjin minske sil der mear wille fan ha. Sjoch it as in ‘statement’. Ik ha der ôfstan fan nommen mar it giet my wol oan it hert. Opfolgers ha ik net, myn bern binne in hiel oare kant út gien. Sûnt 2004 komme der hast gjin minsken mear yn de saak. Ik bin no 69 jier mar doe’t ik 65 waard sei ik tsjin de gasten op myn feestje: ‘As it sa trochgiet bliuw ik oant myn 80e aktief.’ Ik hie altyd in soad oanrin en ynienen wie dat oer. De hannel yn antike printen en kaarten giet ek poermin. Minsken kinne inoar maklik fine, alles komt no byinoar. Ik ha der lang tsjinoan skytskoarre mar der falt net tsjinop te konkurrearren.

By ús thús waard, ûnder it iten, in soad oer boeken praat. Heit en mem hiene sân bern. In jongere broer en suster sieten op ’e kweek en dy moasten skripsjes skriuwe, bygelyks oer keunstners. Nammen as Modigliani en Picasso foelen en dan siet ik mei sân pear earen te lústerjen. Doe’t ik út tsjinst kaam, ik wie in jier of 21, sei heit: ‘Ik ha in pân kocht op it Ruiterskwartier. Dêr wol ik it antikwariaat yn ûnderbringe.’ Heit hie al jierren in boekhannel en antikwariaat oan de Wirdumerdyk. Hy fûn dat wol wat foar my. Sa bin ik yn de boeken telâne kaam. Folle wist ik der noch net fan mar ik learde it fak gau, want ik woe alles witte. Twa kear yn ’e wike kaam de belesting del yn de persoan fan ynspekteur Stout, in erudite man. Ik frege him bygelyks wêrom’t er guon boeken kocht. Dan liet hy my sjen dat Veldheer de yllustraasjes makke hie en dat dy hiel bysûnder wiene. Of dat de bân makke wie troch ûntwerper Lion Cachet. Ek troch myn kontakten mei Thom Mercuur, dy’t yn de jierren sechtich in antyksaak op ’e Tunen hie, en mei Sjoerd de Vries waard ik in soad gewaar.

Heit naam my altyd mei. As we bibleteken fan partikulieren taksearje moasten sei heit: ‘Do begjinst dêr en ik yn de oare hoeke en dan wurkje we nei inoar ta. Yn it begjin siet der soms wol in ferskil fan 500 gûne tusken de taksaasjes, mar letter wie dat noch mar in gûne of tsien. Ek nei boeke- of printefeilingen naam hy my mei. Letter moch ik sels ek biede, dêr liet hy my frij yn. Ik bin fansels ek wolris te fier gien, dan woe ik in boek perfoarst ha. De bibel fan Chagall bygelyks of de Jûgendstylbannen fan Couperus. It kaam ek wol foar dat ik klanten belle en frege oft se ynteresse hiene en dan gie ik der foar harren efteroan.

De ferlieding om boeken sels te hâlden ha ik altyd wjerstien. Dêr hie heit my al foar warskôge. Hy hie kontakt mei in hanneler yn Amsterdam dy’t syn winkel ferkeapje moast omdat hy alle moaie boekjes mei nei boppen naam. Dy woe er dan net mear kwyt. It is syn ûndergong wurden.

Myn leafde leit by de Fryske skiednis, Nederlânske letterkunde en topografy. Nederlân wie, mei Dútslân, ien fan de earste lannen, dêr’t grutte atlassen útbrocht waard. It hie dermei te krijen dat keaplju witte moasten wêr harren hannel te bringen. In keapman yn Ljouwert dy’t in skipslading tsiis nei Alkmaar bringe moast, moast witte kinne hoe’t er dêr foar de wâl komme koe. Nederlan stûn oan de top wat dy atlassen oanbelanget en ek ús printers wiene ferneamd. Der binnen de prachtichste dingen útjûn. Fan Schotanus-Halma bygelyks: Uitbeelding der Heerlijkheid Friesland, 2e druk, 1718. Op de siden de wapens en symbolyk fan de gritenij. Op de kaart fan Smellingerlân is goed te sjen wat der ôfgroeven waard yn ’e turf. De atlas fan Eekhoff kaam 150 jier letter. Dy wie al strakker en saakliker. En wat ik ek in hiel moai boek fyn is De Gechiedenissen Kerckelyk en de wereldlyck van Friesland Oost en de West út 1645. Je steane der fersteld fan wat se doe al wisten. As jo dy wetten van Fryslân kritysk lêze, wurde jo in soad gewaar oer de skiednis fan ús provinsje. De Slach by Warns, dêr komme je mar in bytsje fan tsjin. Dat libbe doe hielendal net.

Dy leafde foar de skiednis waard oanwakkere op skoalle. Der wie ien master dy’t prachtich fertelle koe. Oer de seefarder Maurits de Braziliaan, dat wie in soan fan ien fan de steedhâlders. Hy reizge de seeën oer. Master frege in skoft letter wolris wa’t it ferhaal noch wist. Ik koe it altyd reprodusearje. Us beppe lies foar út in jongensboek oer Michiel de Ruyter. It is spitich dat der hjoed de dei sa’n bytsje ynteresse is foar skiednis. Ik ha wolris it idee dat de moderne minsken harren eigen ferline fuortstopje en allinnich ynteresearre binne yn elektroanika.

Heit liet oan tafel faak bysûndere boeken sjen dy’t hy kocht hie. ‘Dit is in antyk boek, moatst ris sjen hoe moai dat makke is.’ Hy naam ús mei nei tentoanstellings fan Jentsje en Bauke van der Sloot en yn syn antikwariaat hie er soms ek eksposysjes, bygelyks fan Lykele Prins út Kollum dy’t Grinzer doarpsgesichten skildere. Fansels ha ik my ek wol ôfset tsjin ús heit foaral op teologysk gebiet. Yn de jierren fyftich kaam de nije Fryske psalmberiming út. Fjouwer fan de sân bern koene sjonge. We moasten fan heit op de foarste rige yn de Eastertsjerke sitte en dan yn it Frysk sjonge, dwers tsjin alles yn. We skammen ús dea fansels. Dûmny van der Woude hearde it wol, mar dy koe it wol ha. Mar ús heit hat der in kommentaar op hân! Hy kuiere wolris mei de organist, in Grinslanner, en dan prate er mar troch yn it Frysk. Dy man sei dan: ‘U ook altijd met uw Fries’. Us heit wie ferskriklik fanatyk.

Ien fan myn fêste klanten wie dûmny Zelle. Hy kaam ien kear yn de moanne del en socht dan altyd boekjes út. We hiene in portyk. Oan de iene kant stie in bak mei boekjes foar fyftich sint, oan de oare kant fan in gûne. Dat wie krekt wat foar him fansels, sunich as er wie. Altyd skode er dan ien boekje fan in gûne nei foarren en frege: ‘Kan ik dit voor 50 cent krijgen?’ Dat die ik dan mar. ‘Volgende week betaal ik, dan ben ik weer te preken geweest,’ sei er dan. Yn syn hier smarde hy swarte skuonpoets en levertraan. Dy levertraan wie oerbleaun út syn studintetiid. Hy sutele mei dat guod om wat by te fertsjinjen. Der wie noch al wat fan oerbleaun en dat brûkte er foar syn hier. In wûnderlike figuer. Fansels bin ik ek nei de foarstelling fan Tryater west. Dy Freark Smink, dy kin der wat fan.

In wike nei syn ferstjerren krigen we in tillefoantsje fan de notaris. We moasten nei de boeken komme te sjen. Se stiene opstapele yn de sliepkeamer. It wie rotsoai, ús eigen rotsoai. Heit die in greep yn de stapel en doe ’t er syn hân werom luts, siet der allegear drek oan. It wie ien grutte troep, alles wie trochwiet. Us heit hat 500 gûne jûn foar it hiele spul, want hy woe grut man bliuwe. Ik tink dat we der sa’n 100 gûne winst oan hân ha.

Heechlearaar Garmt Stuiveling kaam ek wol yn de winkel. Syn suster wenne yn Bûtenpost, dêr gie hy in pear kear yn it jier hinne en dan kaam hy ek by my. Stuiveling kocht meters boeken. En de dichter Jacques van Hattum kaam ek del, in aardige, frjemde man, dy’t yn syn eigen lytse wrâld libbe. Dichter Sjoerd Spanninga kaam twa kear yn ’e moanne en sette dan mei pûden fol boeken fan twa kwartsjes wer ôf.

Myn allegrutste klant hat Reinder Zwolsman west. Hy kaam foarriden yn in grutte Wolsley mei in partikulier sjauffeur. Hy woe alle boeken ha dêr’t Grutte Pier yn foarkaam. Ds. Kalma hie de stamboom fan Grutte Pier út Kimswerd útsocht en it die bliken dat Swolsman in ôfstammeling fan him wie. Dat hat hy witten. Auto’s fol boeken binne rjochting Villa Rust en Vreugd yn Wassenaar gien. Sa stiene we dêr in kear ûnoankundige foar it stek. Je moasten belje en de befeiliger sei tsjin ús dat it eins net paste. Op de eftergrûn hearden we de stimme van Zwolsman. Wa’t dat wienen? ‘De boekhandelaren uit Leeuwarden.’ Doe wiene we wolkom. Zwolsman siet yn in keamerjas oan de tafel. Hy hie de hiele nacht yn de viver sitten. Hy wie deryn fallen en koe der doe net mear útkomme. Om seis oere kaam syn konsjerzje en dy hie him derút helle.

In pear moanne letter kamen we der wer. Doe ha we syn skilderije- kolleksje sjoen. Se stiene yn grutte rekken yn in kelder. Der wie ek in Ruysdael by. Der wiene mar inkelen dy’t se sjen mochten en hy drukte ús op it hert om der mei gjinien oer te praten.

We hiene ek in protte ynternasjonale kontakten. Der binne in soad Fryske en Nederlânske boeken ferkocht oan Amerikaanse universiteiten. Heit gie regelmjittich nei Amearika. Dan siet hy yn de Library of Congres yn Washington en frege de boeken op dy’t hy sels útjûn hie. Dêr wie er hiel grutsk op. Heit hat mei in Amsterdamse kollega ek it Frysk wurdboek fan Waling Dijkstra útjûn, twa tsjokke dielen. Op in bepaald stuit wie der in kongres yn Ljouwert. Doe kaam in heechlearaar germanistyk út New York yn ’e saak dy’t it wurdboek keapje woe mar gjin jild by him hie. Hy sei dat er it noch wol bringe soe en dat Ype Poortinga him wol koe. Heit weage it der op mar sei der by dat as er it jild net krige, hy it persoanlik ophelje soe. Trije jier letter wie der in kongres yn New York dêr’t heit mei mem hinne gong. Hy liet in taksy komme, liet him foar it hûs fan de heechlearaar ôfsette en belle oan. Hy sei: ‘Ik bin Sipke Dykstra út Ljouwert. Jo ha my nea betelle en ik gean hjir net wei foar’t ik de boeken wer mei weromkrij. En dat barde. Ja, ús heit wie in mantsje. In echte ûndernimmer mar ek in idealist wat it Frysk oanbelanget. Ik bin lang sa fanatyk net, mar it Frysk sprekt my bot oan. Ik fiel my ferbûn mei de gewoane man, mei it skipperslaach. Ik ha der ek alles oer samle. Ik sjoch pake noch rinnen, mei syn stive skonken, fan it bealgjen op it skûtsje. Ik fiel my ek polityk mei dy minsken ferbûn. Us oare pake wie bot leauwich. Ik stie in kear by boatsjesferhierder Taconis yn Snits. Dy frege oft ik efkes in pear minsken mei in roeiboat nei de oare kant bringe woe. Doe ’t ik werom kaam stie der in lilke pake op de wâl. Dat wie in sûnde, it wie snein, dat hie ik net dwaan moatten! Ik ha der in behoarlike tik fan krigen, ik wie in jier of tolve, dat kaam hurd oan.

Ik fyn mysels net in boekefanaat. It komt foar dat ik twa, trije moanne neat keapje. Dochs moat ik wol boeken om my hinne ha. Sa woe ik noch altyd wat oer de skilder Théo van Rysselberghe witte. As ik dan in boek oer dy skilder tsjinkom, dan keapje ik it. Ik moat fansels selektyf wêze, oars soe ik deryn fersûpe. Ik bin kritysk mar gjin esteet. Wêr’t ik in protte wille oan belibbe ha, is it boek oer de emigranten fan Hylke Speerstra. En dat boek oer It Heidenskip, De Oerpolder, fantastysk. En net te ferjitten it debuut fan dit jier, Arjen Terpstra: De Hearen fan Fryslân. Ik bin der moarns yn begûn en ha it pas oan ’e kant lein doe’t ik it út hie. De ûnderwerpen dêr’t Speerstra en Terpstra oer skriuwe, dêr ha ik wat mei. Dêrneist ha ik soad boeken oer keunst. Se steane hjir yn de wenkeamer en dy geane net fuort.’

We rinne noch in kear by al dy kasten fol mei boeken lâns. De measten binne al útsocht en steane klear om ferkocht te wurden. ‘Ik kin de knop gelokkich wol omdraaie. Selekteare is in twadde natoer. Heit sei altyd: ‘selekteare, selekteare, oars moatte we in pân ha sa grut as V&D. Dy wize rie komt my no goed fan pas.’

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 7 (2008), 10 (desimber), s. 18-21.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.