Literatuerkrityk mist autoriteit

Publisearre op 1 maart 2008

ERNST BRUINSMA –

 

Yn it radioprogramma Buro de Vries waard in pear wiken werom troch in libben kwartet fan lêzers it boek Echt Moai fan Wieke de Haan en Elske Riemersma besprutsen. Twa froulju wienen op in fleurige wize oan it lekskoaien en makken lûdroftich dúdlik dat se it boek fan De Haan mar neat fûnen. Ien fan de manlju, Hylke Tromp, wie eins ferneatigjender want hy fertelde op in kalme, ik soe hast sizze oertsjûgjende wize, yn gewoane taal, dat der hast neat doogde oan it boek. De útstjoering wie by wize fan sprekken noch net dien, of in duvelske Wieke de Haan reagearre furieus op har weblog op ’e útstjoering. Dy reaksje fûn ik om ferskillende redenen opmerklik. Yn it foarste plak dat se überhaupt yn it iepenbier reagearre op it krityske besprek, ik bin nammentlik noch altyd fan betinken dat in skriuwer soks net yn it iepenbier dwaan moat. Twads omdat it net de gesach útstrieljende Hylke Tromp wie dy’t se it waar op sei, mar de beide froulju. Treds omdat De Haan der op oanstie dat se de mooglikheid krije soe om op de radio mei de besprekkers yn debat te gean. En se liet it der net by sitte, sei se noch driigjend.

Ik hie hjir graach sitearje wollen út har weblog, mar ûnderwilens is De Haan opholden mei har blog en de bewuste pagina’s koe ik net mear fine. Dat hinderet ek neat. It giet my net om it boek, net om de krityk fan Tromp en it oare trio, mar om it feit dat yn de blogosfear in skriuwer de yntegriteit en de dêroan ferbûne autoriteit fan sa’n programma net akseptearret. Soks is typearjend foar de wize dêr’t literatuerkrityk tsjintwurdich op funksjonearret en ik moast oan dizze farske episoade út de Fryske literatuerskiednis tinke doe’t ik it boek The Death of the Critic fan Rónan McDonald lies. ‘If anyone can be a critic, then there is hardly any need for specialized and devoted professionals’, seit McDonald yn dat boek. Syn boek is fansels foar in grut part rjochte op de situaasje yn Ingelân en Amearika, mar der binne tal fan parallellen mei it Nederlânske en it Fryske literêre fjild dêr’t wol deeglik in grutte behoefte is oan spesjalisearre lêzers mei gesach.

‘There was a time when intelligent people used literature to think. That time is coming to an end.’ Dat skriuwt Philip Roth yn syn ferline jier ferskynde roman, Exit Ghost. Hy ferset him tsjin it type literêre sjoernalistyk dat it plak fan de serieuze romankrityk ynnaam hat. ‘Your cultural journalism is tabloid gossip disguised as an interest in “the arts”, and everything that it touches is contracted into what it is not.’

De amusemintswearde stiet mear en mear foarop yn de dei- en wykblêdkrityk, yn de besprekken fan boeken yn de blogosfeer. Elts easket it rjocht op heard te wurden en nimmen moat tinke dat hy of sy boppe in oar útstige kin. Lêzers hearre – alteast neffens guon haadredakteuren – leaver oanrekommandaasjes fan immen dy’t se kenne, immen mei deselde smaak en ferwachtingen. Se wolle lêze wat se ferwachtsje ‘leuk’ te finen, net wat neffens kenners harren oandacht wurdich is.

It boek fan McDonals – in pleidoai foar de weromkear fan sterke opinionleaders yn de literatuerkrityk – befettet in sekuer en beknopt oersjoch fan opkomst en delgong fan de literatuerkrityk, likegoed binnen de universiteiten as derbûten. McDonald ûntkent no net drekt dat der gjin goeie kritisy mear wêze soenen, it ûntbrekt harren foaral oan autoriteit. Dat komt neffens him yn wat langer wat mear troch de kloof dy’t der no al desennia lang gappet tusken literatuerkrityk en literatuerwittenskip.

Akademisy skriuwe fanselssprekkend noch wol foar kranten en wykblêden mar binne – oars as tweintich, tritich jier ferlyn – dochs op grutte ôfstân fan it publyk kaam te stean. Se rjochtsje har foar in grut part ta harren eigen kringen op de kampus. Literatuerwittenskip ken ek gjin grutte popularisten lykas de natuerkunde dy hat yn de figuer fan Stephen Hawking, of de histoarisy mei Simon Schama en Geert Mak. En yn de literatuerkrityk binne der allikemin opfallende nammen te finen: der binne op dit stuit gjin skerprjochters fan de hjoeddeistige smaak dy’t de literêre ambysjes fan jonge skriuwers mei foarmje en begeliede, lykas dat yn Fryslân bygelyks yn de tiid fan Lolle Nauta, Jo Smit en Anne Wadman wol barde. Net yn de LC, net yn Hjir, net by de Omrop, net by it Friesch Dagblad, net by www.farsk.nl en spitigernôch ek net by de Moanne.

De redenen foar dat grutte gebrek oan autoriteit yn akademyske en krityske rûnten binne divers en kompleks, mar de demokratisearringsgolven sûnt de jierren sechstich en it ûntstean fan de stúdzje Cultural Studies op de universiteiten foarmje neffens McDonald wol de twa wichtichste faktoaren dy’t foar de problemen fan dit momint soarge hawwe. Sûnt de jierren sechstich krige de elite gjin gehoar mear by de rumoerige studinten omdat elke miening demokratysk besjoen like swier telt. En Cultural Studies hat – troch gjin ûnderskie te meitsjen yn uteringen fan kultuer en literatuer te sjen as mar ien fan de tekensystemen yn ús maatskippij – der op har beurt ek alles oan dien om de bysûndere betsjutting fan literatuer te bagatellisearjen. Foar Fryslân komt der fansels noch by dat der net in soad studinten Frysk binne. Dy streame boppedat ek net maklik troch yn nijsgjirrige ûndersykprojekten, gewoan omdat se der hast net binne foar de tweintichste-ieuske literatuer. En dêrneist skriuwe se, op in inkelde útsûndering nei, net in soad foar de kranten, wykblêden en oare (literêre) tydskriften. Alteast net op in wize dy’t autoriteit ôftwinge kin.

De tanimmende respons op literatuer, út alle hoeken fan de moderne media wei, hat paradoksaal sjoen de mooglikheden om skerp ûnderskied te meitsjen yn kwaliteit earder beheind. It hat de romte jûn oan kommersjele bewegingen fan boekhannelketens om yn harren marketing swier yn te setten op minder en minder titels. Minder bekende skriuwers – dy’t miskien wol fris, fernijend wurk skreaun hawwe – strûpe ûnder yn de floed oan ynformaasje by gebrek oan rjochtingjaande kritisy. It ûntbrekt de krityk oan autoriteit en it serieuze poadium wurdt stadichoan lytser.

McDonald makket, nettsjinsteande dy somber meitsjende foarskiednis, fan syn boek gjin klaachsang. Hy pleitet foar fernijde oandacht foar it partikuliere literêre wurk. Fansels is it sa dat literêre kwaliteit mei bepaald wurdt troch tiid en romte, mar dat makket it beoardielen derfan noch net ta in strikt persoanlike kwestje. As wearden net troch God jûn binne, noch universeel of tiidleas, dan binne se noch net daalk strikt persoanlik of sels willekeurich. Der is behoefte oan refleksje op de útsûnderlike merites fan de literatuer en oan kritisy dy’t dy mei gesach foar it fuotljocht bringe kinne. Akademisy (dus ek frisisten) dy’t wer in grutte bydrage leverje sille op it poadium fan de maatskippij, soe dat net moai wêze?

 

Rónan Mc Donald, The Death of the Critic. Continuüm, London 2007.

 

 

Dizze bydrage ferskynde earder yn de Moanne 2008, 4, s. 20-21.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels