Spegeltsje spegeltsje oan ‘e wân, wa binne de moaiste yn it lân?

Publisearre op 3 februari 2009

JOSSE DE HAAN – 

De nije Spegel mei Fryske poëzy is novimber 2008 oan Abram de Swaan oanbean – noch leafhawwer fan poëzy, noch fan Fryslân. As publisitêr objekt in non-objekt. Mar literatuerbefoarderer T. Oppewal seit: ‘Ik bewonder die man om zijn scherpzinnigheid, zijn humor en zijn stijl van schrijven. Zo Amsterdams ook’ (Contrabas). Dat idee-fixe oangeande dy Amsterdamske styl fan skriuwen hat neat opsmiten.

De prachtich útfierde Spegel mei moaie gedichten hie oanbean wurde moatten oan in poëzynestor as Gerrit Kouwenaar, in Simon Vinkenoog, oan in BN-er, of oan in farske minderheidstaaldichter, sadat it boek prominint yn de lannelike tv-skynwerpers ferskynd wie. Ek sûnder ynlieding is it dat wurdich. De Swaan en syn oanbidder wiene ûnbelangryk. It gong om dichters, hoewol’t der tefolle misse:

 

Blues foar de âld man

Hiel sêft

fielt er de dea op ’e hûd.

Net yn ’e bonken

of yn it bloed –

hiel sêft

fielt er de dea op ’e hûd.

Hiel sêft

fernimt er libben de dea,

fernimt er de dea

dy’t libbet op ’e hûd.

De dea dy’t libbet

op ’e hûd –

dy’t libbet.

(Joop Boomsma, fragmint út De klaai is griis novimber).

 

Net yn itselde partoer
Op woansdei 12 septimber 2007 om 9.59 oere krij ik in felisitaasjemail foar de Gysbert Japicxpriis fan literatuerbefoarderer Oppewal: ‘lokwinske, mar do witst, wy hearre net by itselde partoer wat de literatuer oangiet’.

Sûnt de earste Spegel (1994) rekke ik lykas in tal oare skriuwers on no speaking terms mei dy literatuerbefoarderer. ‘Hearre net by itselde partoer wat de literatuer oangiet’. Soa, mar keatsers sizze: wy sitte yn in partoer. De man wit fan keatsen (dus) neat. Wy sitte op gjin inkeld terrein yn inselde partoer – ek net op it gebiet fan proaza en poëzy. Dat wist ik al yn 1994, dat bewiist dizze Spegel wer, dat bewiisde de behanneling fan it moderne proaza yn it s.n. Wolkenboek.

Yn de earste Spegel besiket ynlieder T. Oppewal mei guon skriuwers te polemisearjen. Foar in ynlieding op in antology is dat not done, mar der wie alteast in ynlieding. Dizze nije Spegel hat gjin ynlieding, en (dus) kin der oer de kar en útgongspunten gjin ‘ferfelende’ diskusje ûntstean sa’t by de earste it gefal wie.

De net-Fryske lêzers kinne daalk nei de rjochtersiden gean. As se ferlet hawwe fan de Fryske tekst is der achteryn ynformaasje te finen oer de útspraak. Mar dêrmei kinne jo noch net Frysk lêze fansels.

No’t der gjin ynlieding is moat de Nederlânsktalige lêzer it dwaan mei: (Nawoord) 1. ‘de ontwikkeling van de Friese poëzie door de tijd heen past in het patroon dat alle literaturen in West-Europa laten zien; 2. er zijn echter ook karakteristieke aspecten aan te wijzen die samenhangen met het feit dat het Fries een minderheidstaal is.’

Is de poëzy fan in minderheidstaal oare poëzy as dy fan in mearderheidstaal? Dêr wurdt neat oer sein. In idioate stelling dus.

Fierder wurdt beweard dat ‘it Frysk anno 2008 yn de meartalige realiteit gjin lykweardige posysje ynnimt njonken it Nederlânsk – (mar) elke Fryske dichter kin in motifaasje jaan wêrom’t hy of sy (ek) yn it Frysk dichtet.’ De kausaliteit ûntgiet my.

Opfallend is wol dat in soad Frysktalige dichters hjoed de dei sa gau mooglik yn it Nederlânsk ferskine wolle. Ik krij wol ris de yndruk dat it Frysk brûkt wurdt om ‘hegerop’ te kommen. As soe de Fryske literatuer net folweardich wêze.

 

Geen lepel met tot scherven geslagen taal
Dan wurdt noch wat sein oer kultuertaal en folkstaal – Douwe Kalma kontra J.J. Hof – dêr’t de bûtensteander net it measte fan begripe sil, dêr’t ek foar de insider safolle dize hingjen bliuwt dat jo jin ôffreegje wat dit no krekt mei dizze Spegel hat te krijen – (Nawoord) ‘de fraach nei de karakteristike eigenskippen fan de Fryske dichtkeunst hat ús by it gearstallen fan dizze blomlêzing net dwaande hâlden’. Wat dan wol?

It redaksjepartoer wol net allinne kwaliteit sjen litte, mar ek de resepsje yn de rin fan de tiid: ‘de grens tussen wat de samenstellers zelf waardevol vinden en wat belangrijk is op grond van de receptie werd niet scherp gedefinieerd. Het selecteren van de gedichten uit het vele materiaal was vooral een kwestie van eigen smaak en van intuïtie, verankerd in een gedegen kennis van de literatuurgeschiedenis’.

Yn 1994 wie de definysje fan ‘goede’ poëzy: ‘markant taalgebrûk, kommunikatyf fermogen, suggestiviteit’. Mei oare wurden: ‘goede poëzie doet iets met een lezer’. Dit seleksjepartoer (twa deselde en ien nije spiler) hantearret deselde útgongspunten as dy fan ’94: ‘een gedicht moet naar ons inzicht een samenhangend en suggestief geheel van woorden zijn, geen lepel met tot scherven geslagen taal, die de lezer wordt voorgehouden als poëtische kost’ (Verantwoording). It liket Jappy Noordmans wol oer quatrebras yn de LC destiids.

Nettsjinsteande ‘gedegen kennis van de literatuurgeschiedenis’ sjoch ik hiaten yn it keazen materiaal. De poëtyske kost moat bestean út leppels mei geve netskeinde taal. Mar dat is net genôch.

De redaksje praat net oer it eksperimint, oer engazjearre poëzy, of oer oare fan de haadstream ôfwikende foarmen. De redaksje leit net út wat se bedoelt mei ‘markant taalgebrûk, kommunikatyf fermogen en suggestiviteit’. De útgongspunten en de definysjes fan poëzy fan dizze redaksje kinne der foar soarge hawwe dat de jierren ’60 en ’70 yn dizze Spegel ûnderwurdearre binne, dat in hele rige dichters negearre is, guon gewoane dichters en minorpoets fan nei ’94 oerwurdearre.

 

De goeie smaak
De redaksje fan dizze nije Spegel skriuwt dat sûnt it ferskinen fan de earste Spegel (1994) heel wat nij talint him oppenearre hat.  De gearstallers wolle dat sjen litte.

Yn ’94 negearre de redaksje belangrike dichters. No binne dy wol opnommen: Marten Brouwer (2), Piter Yedema (2), Bartle Laverman (3), Jelle Kaspersma (5!), Anne Feddema (3). Oaren binne op ’e nij besjoen en werskikt –  bygelyks Willem Abma fan 3 op 6, Pier Boorsma dy’t yn de ôfrûne 14 jier elk jier ien rigel poëzy skreau, no op 2,6 bondel stiet, en (dus) fan 1 op 3 gedichten sprongen is, Harmen Wind fan 3 op 8 (!), Baukje Wytsma fan 3 op 6, Tsjêbbe Hettinga fan 3 op 6, Eppie Dam fan 5 op 7, Margryt Poortstra en Cor van der Wal elk fan 2 op 5. It palet is in bytsje bûnter wurden.

Nij is ek it opnimmen fan gedichten dêr’t de ‘echo trochklinkt fan oare dichters’ – ‘ien fan de kenmerken fan in literêre tradysje’. It foarbyld seit wat oer de ‘goeie smaak’ fan dizze redaksje, oer har kwaliteitseasken.

Yn de Letterhoeke fan Tresoar waard dit fers, Karamboals fan Jo Smit, in ‘kostlike parody’ op it fers Kastanjes fan Jelle Brouwer neamd. Yn myn eagen is it in giftich seksgrapke fan Smit dy’t mei syn ‘pommerâns, de ballen en in lichte stjit’ it teare fers fan Brouwer belachlik makket.

Smit wie in master yn datsoarte geintsjes. Yn in Spegel heart soks net thús. Smit hat it earder fertoand mei de earste roman fan Piter Boersma, De reis fan Labot, 1977. Boersma wurdt ôfslachte, omdat syn haadpersoan tefolle oan selsbeflekking docht. Smit neamt dy persoan Oebele Naneur, of de hear O. Naneur (seksgrapke, skoart altyd). Trinus Riemersma brûkte letter foar syn trotwaerkollums de namme Oebele Naneur. Hy fynt de útdrukking fan Smit ‘in Fries fan it minne soart’ (de selsbeflekker) kostlik.

 

De oersetfarianten
Yn de Verantwoording wurdt ek noch wat sein oer de ‘Vertalingen’. Yn de earste edysje fan ’94 stiene soms swakke oersettings. No komme de gearstallers mei in pear wûnderlike stellings dy’t de kwaliteit garandearje moatte:

1). ‘Het enthousiasme en vakmanschap waarmee ze (de vertalers Veenbaas, Wind en Popkema) steeds weer het commentaar op hun proefversies verwerkten was voor de redactie een van de inspirerende ervaringen bij het maken van deze bloemlezing;

2). de lezer zal zich altijd moeten realiseren dat bij elke lastig te vertalen regel allerlei varianten zijn overwogen;

3). de afwegingen van een vertaler worden niet expliciet gemaakt, waardoor het antwoord op de vraag ‘waarom zou deze regel zo vertaald zijn?’ minstens zo belangrijk is als de vraag ‘waarom is deze regel niet zó vertaald?’

Alles is (dus) perfekt! Der wurdt neat sein oer de metodyk fan oersetten. De oersetters sette fan har memmetaal oer nei in oare taal. Dat kin in letterlike oersetting wurde, men kin ticht by de grûntekst bliuwe, in omskriuwing fan it orizjineel is mooglik, in wertaling bart ek of de oersetter kreëarret in eigen ferzje fan it gedicht. Yedema sei yn syn besprek (FD): ‘de oersetter wol it orizjinele gedicht nei de kroan stekke, men soe hast tinke dat sy de keunstners wiene en de Fryske tekst de fertaling’.

Hat elke oersetter op deselde wize wurke? Foar de aardichheid haw ik de lêste trije oersettings besjoen:

Hidde Boersma: De rop om Doede, 3e rigel: sûnder bearen of begrutsjen is oersetten mei zonder gevoel of gedoe (oersetting slacht op neat) // om’t it har neat skele kin, 6e rigel wurdt omdat het ze niets schelen kan (it Nederlânsk easket kan schelen).

De fraach is noch oft rjochttroch (R5) itselde is as rechtdoor. Allinne it Fryske wurd is figuerlik brûkt.

Sytse Jansma: Biologyske klok, 2e rigel: út ’e plestik ekers is oersetten mei uit de plastic emmers. Yn de 3e rigel stiet: slacht de bongel yn de lege búk, wurdt oersetten yn slaat de klepel in de lege buik. Yn de 5e rigel: in klute hynders yn waarm bertewetter wurdt een kluit paarden in warm moederwater (vruchtwater?). R7: tsjin de spegel lâns skammel slym wurdt tegen de spiegel langs schemel slijm. Hjir is skammel oersetten yn schemel (laag bankje), wylst faaks bedoeld is schamel (in bytsje) – de oersetter is op ’e rin slein.

Grytsje Schaaf: Unbidich bêd, 1e rigel: Strutsen lekkens slute meagere skonken wurdt gestreken lakens sluiten magere benen. Moat wêze omsluiten. Fierder: lânskom-oeren is net langskom-uren, mar bezoek-uren; úttard is uitgeteerd en net verteerd. Tusken muorren fan floers is tussen omfloerste muren (net muren van velours).

R9: tuiketuike is voorzichtig (net niet-te-hard). R10: bist hast kwyt moat wêze raak je bijna verloren en net ben je bijna kwijt.

R12: makkest lûd om ’t leven is net levensbaarlijk lawaai mar heel gewoan oorverdovend lawaai. R13: makkest minne nachten is net draai je slechte nachten mar stomwei slaap je slecht. Lêste rigel: yn it lûd fan is met het geluid van en net op het geluid van, want der wurdt hjir útsoarte net dûnse.

 

De spegel as Kanon?
In Fryske poëzy-antology soe in represintative seleksje jaan moatte fan wat skreaun is – de Kanon. It lit de diversiteit fan de literatuer troch de ieuwen hinne sjen.

De measte Fryske skriuwers binne fia it Nederlânsk mei literatuer yn ’e kunde kommen, hawwe dêr har earste foarbylden sjoen. It kin ynteressant wêze en ûntdek hoe’t dy rûte Nederlânsk-Frysk ferrûn is.

Dat is net de taak fan in Spegelredaksje, mar it hie wol nijsgjirrich west en sjoch wat better nei de neioarlochse generaasje, dêr’t bygelyks it fenomeen Operaesje Fers in wichtige rol spile hat. De begripen praat- en fretpoëzy binne doe ûntstien. It foarlêzen yn heel Nederlân, it perfoarmjen, sette ek út ein. Foar it poer estetysk-klassike kaam wat oars yn ’t plak. Der groeiden ferbiningen mei it bûtenlân – mei Dial a Poem (û.o. Alan Ginsburg, Anne Waldman, Gregory Corso, John Giorno en John Perrault) yn Amearika waard poëzy útwiksele. It klimaat waard iepener – sa’t de 60-er jierren bekend steane. De literêre stannemaatskippij waard oantaast. Operaesje Fers spile in eigen rol.

Paul Rodenko hat wat de poëzy oanbelanget mei syn Nieuwe griffels schone leien, Tussen de regels en Met twee maten ek foar de Fryske dichters wichtich west. Der ûntstie in kreative eksploazje – popart, op-art, Nij Realisme, Nul-beweging, minimal-art, conceptual-art, fluxus (heppenings, teater), nouveau roman etc. It hie wol wat fan de earste jierren fan dada en surrealisme. It wie in revolúsje fan it sjen ( û. o.  ready mades en kollaazjes) – yn Fryske literêre tiidskriften, yn publikaasjes by de KU, mar ek troch OF sels. Ik neam it de OperaesjeFersgeneraasje – dat teater fan boartlikens, wredens, erotyk, irony, absurdens, gekkichheid en fantasy komt hast net foar yn dizze Spegel. Ik mis datsoarte fersen fan Laverman, Van der Leest, Doele, Bylsma (M), Popma (L), mijsels, mar foaral fersen fan dichters dy’t likwidearre binne – Joop Boomsma, Benny Holtrop, Roel Slofstra, Hesssel van der Wal, Benne Lutger Boarnstra, Tine Bethlehem, Beart Oosterhaven, Goaitsen van der Vliet, Anne Hellinga, Bennie Huisman, Jaep de Jong, Wybren Veeman, Geart van der Zwaag, Frâns Holwerda, Lieuwe Hornstra, Anny de Jong, Cees Jongsma, Boukje Tsjerkje de Jong en fan lettere skriuwers dy’t besibbe binne oan dy tiid: Henk van der Veer, Tsjisse Hettema, Eric Hoekstra, Hein Jaap Hilarides, mar ek in Simon Oosting (Fedde Schurerdebuutpriis 2008), in Eeltsje Hettinga en in Yva Hokwerda (alle trije fan formaat) hearre yn sa’n Spegel. Ek al binne jo net on speaking terms lykas iksels (Bert Looper fan Tresoar hat it mei my regele).

In heel soad fan dizze 25 outcasts hawwe in apart lûd bydroegen oan de Fryske poëzy. Jo kinne slim folhâlde dat Pier Boorsma, Jabik Veenbaas, Jelle Bangma, Klaske Hiemstra, Tsjits Peanstra, Janneke Spoelstra, Nyk de Vries, Lida Dykstra, Matty de Vries en Willem Schoorstra safolle better binne as de blacklist-fan-25. De lûden dy’t no smoard binne hearre by de rûzige, grillige, surrealistyske ûnderstream fan de poëzy út de jierren ’60, ’70 en letter.

Ik mis bygelyks de teare rykdom fan Bethlehem, de sinyske wredens fan Holtrop, de boartlike ferbazing fan de kloon fan Van der Veer, it kritysk engazjearre absurde fan Boomsma. Mei oare wurden, dizze Spegel negearret in wichtich autentyk tiidperk dêr’t de Fryske poëzy nasjonaal en ynternasjonaal yn meispile.

De klam yn dizze Spegel leit op it geastlik foer fan Wind, Abma, Dam (E), Poortstra, Veenbaas, Schurer en sels Troelstra hat in godfruchtich fers bydroegen ynstee fan syn keatsleafdesfers.

 

Nij soart poëzy
Yn 2004 ferskynde Dream yn blauwe reinjas, in samling Fryske poëzy dy’t sûnt ’94 (earste Spegel) publisearre wie. Der waard sprutsen fan in renêssanse. Ik wie net oertsjûge. Feddema, Soepboer en Van der Wal hiene har al bewiisd. Oaren ferfolgen de tradysje, in pear sprongen der út – Elmar Kuiper, Arjan Hut en Tsead Bruinja. Abe de Vries krige de GJ-priis. Dy generaasje lêst wer in soad foar (performings) lykas yn de OpereasjeFers-tiid. Dochs is it oars.

As ik de ‘nije’ poëzy lês en fral hear en sjoch – Kuiper, Hut, Bruinja, Boersma, Schaaf, Hokwerda en Oosting – freegje ik my ôf oft it Frysk of it Nederlânsk dominearret. Tinke se yn it Frysk, yn it Nederlânsk, yn in miks, of binne se konstant oan it oersetten (yn ’e holle)? Mei oare wurden, by guon oerhearsket it Frysk (de fakto, direkt), by oaren it Nederlânsk (de fakto, yndirekt). De meast aparte ‘nije’ skriuwers binne nei myn betinken Schaaf, Kuiper, Hut en Bruinja.

Pieter de Groot sei yn de LC dat de nije Spegel topswier is. Piter Yedema skreau yn it FD dat 5 gedichten fan ien skriuwer genôch west hie. Ik haw krekt oantoand dat der foar in Kanon tefolle nijsgjirrige dichters ûntbrekke, dat it oerladen mei tefolle middelmatich talint fan de lêste 15 jier in fersin west hat. It foarbyld fan Jabik Veenbaas sprekt boekdielen – dizze matige, faak klisjeemjittige dichter is mei 4 fersen opnommen. Op syn 42e (2001) begûn er te dichtsjen, en nei trije bondels is er neffens de Spegel yn 6 jier tiid útgroeid ta in dichter dy’t grutter is as Tjitte Piebenga, Steven de Jong, Anne Wadman, Jelle de Jong, Jan Dotinga, Durk van der Ploeg, Ella Wassenaer, Meindert Bylsma, Bartle Laverman en Anne Feddema, en like grut as Abe de Vries, Tsead Bruinja, Wilco Berga en Jacq Smink, dichters dy’t spoaren lutsen hawwe. In goeie analyse fan de jierren ’60, ’70 en de ôfrûne 15 jier – dêr’t no ryp en grien stiet – hie der mei foar soargje kinnen dat dizze Spegel evenwichtiger west hie. De krityske lêzer fan it wurk nei 1950 sjocht gjin delslach fan de represintative ûntwikkeling.

Dizze antalogy hie registrearje moatten hoe’t de Fryske poëzy fral nei ’50 reagearre hat op de tiid, ynfloeden ûndergie, en eventueel spesifyk eigen kenmerken sjen litten hat, hoe’t de ferbiningen mei it Nederlânsk bestiene. Dat easket in oar en divers korpus.

No’t safolle dichters (yn bondels en tiidskriften, Operaesje Fers is ek in publikaasje) ûntbrekke, moat fêststeld wurde dat de smaak en de seleksje fan dit redaksjepartoer diskutabel binne. De konservative kar fan dizze kommisje hat de ‘revolúsje’ lizze litten. Nei it ûnwittenskiplik behanneljen fan it moderne proaza yn it Wolkenboek is ek hjir net profesjoneel wurke. Der ûntbrekt tefolle:

 

Petticoatmeiskes

sundachmiddachs

stonnen wij op Leeuwenburg

– snòtbongels met ’e hannen

in ’e buse –

keken oans de ogen út

hoe’t petatnoasems

de rôze gele pearse

petticoatmeiskes

fersierden

ferdwenen op

klaarlichte dach

in ut dústere gat

fan Amicitia

(Henk van der Veer, fragmint út Kajapoetoaly, 2000)

 

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2009

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels