Mindert Wijnstra: ‘Yn in klasse spilet it hiele libben him ôf.’

Publisearre op 1 december 2007

KAREN BIES – 

Hy is al acht jier gjin direkteur mear fan de iepenbiere basisskoalle yn Warns, mar wennet noch wol yn it âlde skoalmastershûs. De lûden fan boartsjende bern op it plein binne altyd te hearren. Loskomme fan it ûnderwiis en de bern kin er dochs al net. Mindert Wijnstra (1945) skriuwt berneboeken. Tegearre mei âldste dochter Babs, dy’t syn boeken yllustrearret, docht er lêsprojekten op basisskoallen. Hy is ferhaleferteller. En – miskien wol it alderbelangrykste – pake fan Anne, in famke fan oardel jier, dat skielk ek nei skoalle moat. It ûnderwiis giet Mindert oan it hert. Net om de prestaasjes, mar omdat er graach wol dat in bern gelokkich wurdt. ‘As in bern him feilich fielt op skoalle, kin er him yn alle frijheid ûntwikkelje. Elk bern mei der wêze. Oft it no wol of net goed is yn rekkenjen en taal.’

 

‘Het is werkelijk de bedoeling dat we ook wekelijks ’n overzicht opschrijven van wat we in de klas hebben uitgevoerd. Omdat ik zulke officiële paperassen graag goed voor elkaar heb, ben ik begonnen met een nieuw schrift te nemen en daar buiten op te zetten: ‘Overzicht, 4e klasse’, en dat schrift heb ik in m’n dikke foliant gelegd. En de eerste zaterdagochtend ben ik ’n overzicht gaan opschrijven, van elk vak afzonderlijk. Maar dat viel al dadelijk niet mee; ik kreeg het gevoel dat ik zowat niets gedaan had! Lezen… ja gut. ik had gelézen met de klas. In het leesboekje. Wat was daarvan nu op te schrijven? Ik heb ten slotte maar de naam van het leesboekje opgeschreven en de bladzijde die’k het laatst met de klas gelezen had.

Rekenen… wist ik werkelijk geen raad mee. Sommetjes gemaakt, zouden de kinderen gezegd hebben – maar zoiets kun je toch niet in een officieel overzicht schrijven?

…Maar van de wezenlijke gebeurtenissen in m’n klas staat er niets in. Bijvoorbeeld niets van het opnemen van Louis van Rijn in de klas en dat is toch in mijn oog van honderdmaal meer belang dan de hele rest.’

Ut: ‘De gelukkige klas’, Theo Thijssen (1926)

 

Oan it wurd is meester Staal yn syn deiboek. Hy fertelt op humoristyske en ûntroerende wize oer de deistige gong fan saken yn syn klasse yn Amsterdam. It boek stiet sintraal yn de kampanje ‘Nederland leest’ fan de CPNB en it leit ek op ’e tafel by Mindert Wijnstra. ‘Meester Staal krige mei deselde dingen te meitsjen as it ûnderwiis no: alles watsto as ûnderwizer dochst, moatst op papier byhâlde en ferantwurdzje. Alle foarderingen dy’t de bern meitsje yn dossiers opskriuwe. Kinst as skoalle noch sa dyn stjonkende bêst dwaan, troch de ynspeksje wurdst ôfrekkene op de papieren ferantwurding. Dêr krij ik jokte fan.

 

Kinst as skoalle noch sa dyn stjonkende bêst dwaan, troch de ynspeksje wurdst ôfrekkene op de papieren ferantwurding. Dêr krij ik jokte fan.

 

In ynspekteur komt fansels ek yn in klasse te sjen. Mar der hoecht mar wát te gebeuren, of de sfear is oars. In skieding by ien fan de bern thús… Tweintich jier lyn barde dat foar it earst by ús op skoalle. Hjoed de dei wurdt dat even meld by it stek, mar doe hie dat sa’n ympakt. As ûnderwizer witst wol: sa’n bern sit net rêstich syn somkes te meitsjen. Hoechst him net oan te fiterjen, hy hat mear oan in aai oer syn bol. Wat wit sa’n ynspekteur dêrfan? It is sa kompleks, sa omfetsjend, it is it hiele libben wat him ôfspilet yn sa’n klasse.’

It wiene goede jierren oan de skoalle yn Warns. Mindert en syn frou Anneke binne thús yn it doarp, ûnder de minsken. Se hâlde fan it lânskip: ‘De hichten, it wetter.’ Mar mooglik sille se dochs wer werom nei it plak/de streek dêr’t se weikomme: de Wâlden. ‘Ik wie mei Babs yn Opsterlân foar in projekt op de skoallen, groep 6. We rieden troch De Sweach, Lippenhuzen. Dy hjerstkleuren! Ik seach dy beamwâlen en tocht: Ja, sa heart it eigentlik.’

Syn âlders hiene in pleats yn Lippenhuzen. ‘In âlderwetske buorkerij mei hynders. In trekker ha wy noait hân. Leardest melken, mei de bisten it lân yn, it haaien. Mar ik hie net folle nocht oan it wurk op de buorkerij. Krige ik de kâns, dan knypte ik derút. Ik hie it gefoel dat oare bern noait wat hoegden te dwaan. As ik jonges mei nei hûs naam, moasten wy earst kij ophelje of sturtswylje, dan pas koene wy boartsje.’

Mindert wie in neikommerke en is eins allinnich opgroeid. ‘Ik wie in swalker, mocht graach oer de Liphúster heide strune. As bern die ik fan alles dat net mocht. Einaaien úthelje en stikkensmite. Bisten opjeie. Mei oare jonges nei it âlde tsjerkhôf op ’e heide. Oft it echt in tsjerkhôf wie wit ik no noch net, it wie wat in hichte. Dy heide wie fan de Sweachster adel en wy mochten der net heal komme. Allegeduerigen hiene wy de boskwachter mei de fierrekiker achter ús oan. Dy hie in gewear dus it wie in saak fan libben en dea. Hy hie noait op ús sketten, dat witst no, mar as bern belibbest dat sa. Wy leine achter de heidepôlen en it hert kloppe ús yn ’e hals.

Ik hie in fassinaasje foar wat der libbe op ’e heide. Hagedissen. Njirren wist ik ek te sitten. By it Alddjip, ûnder dy bulten rûchte hiene se har briedplakken. Der groeide ek in fleisitend plantsje. It moaiste wie om in michje te fangen en dan sjen hoe’t dat plantsje it, hiel stadich, ynsleat. In hiel lyts, leaf plantsje, mar ik makke der in rôfdier fan. Yn myn fantasy waard dat hiel grut. Yn Afrika, wist ik, wiene gefaarlike planten dy’t grutte bisten opslokten. Wat wy yn it lyts belibben, bestie yn de grutte wrâld echt. Dêr koe ik my fan alles by foarstelle.’

As ûnderwizer hat Mindert der altyd foar soarge dat de bern wat belibben. ‘Aaisykje iere betiid, moarns om seis oere troch it fjild nei Bakhuzen rinne. De skoalkampen, fral nachts der op út. Wy hiene de meast wûnderlike grappen. Op Skylge lei in bom yn de dunen, sels goud fan De Lutine ha wy fûn. Alders en oare ûnderwizers diene graach mei, elk wie yn tou, want dy bern moasten wat meimeitsje.

Twa jier lyn ha ’k yn Gaasterlân mei edukatyf sintrum ‘Mar en Klif’ in aventoeretocht makke, fan in âld folksferhaal dat spilet yn de bosken fan Elfbergen. De bern lêze earst it ferhaal en gean dan de bosk yn. Underweis fine se allegear eleminten út it boek. Bygelyks in bile dy’t fêstslein is yn in beam. Of letters dy’t yn stien útbikke binne, oanwizings om fierder te sykjen. Bern fine dat machtich. ‘Wauw, it is wier, it is echt gebeurd!’ Ik ha der in soad niget oan om soks te betinken. Om my yn de bern te ferpleatsen en de fantasy wat te kiteljen.’

 

Joachem
Op skoalle is it skoft  en we hearre de bern bûten op it plein. Ik pak Mindert syn lêste boek derby: De stilte fan Joachem, dat giet oer in jonkje dat stammeret, pleage wurdt en op in dei beslút om hielendal mar net mear te praten. It ferhaal rekke my, fertel ik. It like sa tichtby, de beskriuwing fan Joachem en wat der yn him omgiet, dat ik betocht hie dat it hast wol gean moatte soe oer in jonkje dat Mindert sels ken. Ien fan syn skoalle? Of, miskien wie er it sels wol.

 

Sa’n bern as Joachem, der giet myn hert nei út.

 

‘Nee ik ken him net. It is in folslein fiktyf personaazje. Hy liket wol wat op my, yn dy sin dat ik my yn selskip ek leaver stilhâld. Joachem makket fan syn swakte syn krêft: hy hat gjin ferlet om mei oaren te kommunisearjen en dy hâlding makket him sterk.

Sa’n bern as Joachem, dêr giet myn hert nei út.  Ik hâld ek fan de roudouwer en it stoere mantsje hear. Mar bern dy’t wat swierder libje, by wa’t net alles oanwaait, dêr haw ik kompassy mei. Myn doel by it skriuwen is om sa’n jonkje dertroch te heljen, sjen hoe’t dy him rêdt en hoe’t er syn beheining oerwint.’

Tsien jier lyn hat er De stilte fan Joachem skreaun as filmsenario. Om finansjele redenen is dat doe neat wurden, mar Mindert hopet dat it der noch fan komt. ‘It soe in poëtyske film wêze kinne, dêr’t in protte yn bart mar mei in bytsje dialooch. It filmjen fan bern is dreech as se teksten útsprekke moatte. Mar Joachem seit dus net folle, kinst him hiel naturel filmje yn al syn dwaan en litten. Yn Fryslân is sa’n soarte fan bernefilm noch net makke. In aventoerefilm à la ‘De Kameleon’ sjoch ik net sitten. Mei alle respekt, de films fan Steven de Jong sprekke my net oan. Hy makket der in hiel spektakel fan, it sit technysk goed yninoar, mar it is fierder neat as in rige plaatsjes en it platte ferhaal. De aksje yn ‘myn’ film soest helje moatte út it bern dat fan alles belibbet. As sjogger moatst dat gefoel ûndergean kinne. In ekstra laach dy’t de filmer deryn bringt, de inerlike wrâld fan sa’n jonkje. De Kameleonmantsjes belibje de gekste aventoeren, op libben en dea bytiden, mar se wurde der kâld noch hyt fan. En do as sjogger ek net.’

It boek De stilte fan Joachem is bedoeld foar bern út ’e boppebou fan de basisskoalle. Mindert hat mei bern fan dy jierren de measte affiniteit. ‘Doe’t ik hjir yn Warns begûn, hiene wy mar tsien bern op de hiele skoalle. Allegear yn ien lokaal. Letter joech ik benammen les oan de groepen 6, 7 en 8. It kommunisearjen mei dy bern leit my goed. Ik besef dat de rol fan de ûnderwizer, dy’t in bern trije jier achterinoar yn ’e klasse hat, hiel grut is. It is in gefoelige perioade foar bern. Dy jierren binne sa beskiedend foar hoest as minske wurdst. Dan hearst letter wolris fan bern wat it foar har betsjut hat. De sfear by ús wie goed, op ús lytse skoalle telde elkenien mei. It die der net ta út watfoar húshâlding ast kaamst, ast wol of net leare koest, ast der wol of net útseachst. Bern hiene it gefoel: ik hear derby. Dêr woe ik foar soargje. En dat krij ik no wer werom.

In skoalle moat in feilige mienskip wêze, dêr’t elkenien meitelt. As in bern him feilich fielt, kin er him yn alle frijheid ûntwikkelje. Elk bern mei der wêze. Oft er no wol of net lêze en rekkenje kin. Sa’nen is miskien wol goed yn fuotbaljen, tekenjen of toanielspyljen. As ûnderwizer moatst soargje dat alle bern wol wat ha dêr’t se mei foar it ljocht komme kinne. Dan fielt in bern him lokkich en wurdearre.’

 

Ynspeksje
‘Doe’t ik direkteur wie, hiene wy noch net fan dy ferkrampte ynspeksjes. Wat ik doe die, hiene se no net goed fûn. Myn systeem paste net yn dizze tiid. No moatst net allinnich de resultaten fan de bern yn dossiers opskriuwe, mar ek ferslaggen fan petearen mei âlders, ‘hannelingsplannen’, alles byhâlde foar it ‘periodiek kwaliteitsonderzoek’. Wurdst der net goed fan! It twingt dy yn beheinende bepalingen. In skoalle wurdt op it produkt ôfrekkene, de ‘meetbare opbrengsten’ fan sa’n bern. De ópbringsten! Dat wurd allinnich al, dat is dochs ferskriklik. It giet dus net om de ûntwikkeling of it gelok fan sa’n bern. Der is noait ien dy’t freget: is dat bern gelokkich, sit it goed yn syn fel. Mar wol: wat hat it as resultaat op syn toets, wat hast der ýnstoppe en wat hat it óplevere. En dan giet it hieltyd om lêzen, taal en rekkenjen, in beheind gebiet. Doe’t ik as direkteur it stokje oerjaan koe, seach ik it oankommen. Achter de kompjûter sitte, rapporten skriuwe. Kollega’s krimmenearje: ‘De helte fan de tiid binne wy ús wurk oan it ferantwurdzjen. Men skriuwt mear as dat men docht.’ Al dy enerzjy dy’t dêryn stutsen wurdt, koe ik noch yn ’e bern stekke.

 

As in bern him feilich fielt, kin er him yn alle frijheid ûntwikkelje.

 

Fansels moat in bern taal en rekkenjen leare. Mar it belangrykste datst meijaan moatst, is selsfertrouwen. Dat kinst in bern ek ûntnimme, ast him ôfrekkenest op resultaten. Citotoetsen: no moatte jim sjen litte wat jim wurdich binne. Utslaggen dy’t yn de klasse bekendmakke wurde: dit bin de goeien, dat bin de minkukels. Ast ûnderoan bongelest by de toets, bist al ôfskreaun. Dyn selsfertrouwen krijt in knau, dyn prestaasjes wurde noch minder. In bern hieltyd ynwriuwe dat hy net kin wat in oar wol kin, dan lit er de moedfearren wol hingje!

Wat is der mis mei it VMBO? In hiele protte, seit elkenien. Dêr moatst net hinne, dan hast de striid al ferlern. It stribjen is HAVO/VWO, ûnder druk fan âlders en de ynspeksje. In VMBO-advys betsjut: in hopeleas gefal. Wy ha alles besocht, mar nee, it wurdt VMBO. Dy sfear deromhinne, ik fyn dat al in foarm fan ôfskriuwen. Ik sjoch nóch dat stripke fan Pieter Geenen yn Trouw. Bern stean op ’e dyk, by twa hânwizers. De iene kant wiist HAVO/VWO, en dêrby Albert Heijn, de oare wiist VMBO, en dêrby Aldi, ensafuorthinne. Sa’n advys makket alles al út, gelok of ûngelok. Jo drukke bern yn al dy foarmen in stimpel op fan mindere kwaliteit. Ik wit fan mysels dat ik earder posityf advisearre, as dat ik te foarsichtich wie. Omdat ik de ûnderfining hie dat bern it wol oppakten. Se wiene wend om op ’e teannen te rinnen, dus se soene it wol rêde. En oars koene se altyd noch in stapke nei ûnderen. Sjoch, der praatst alwer yn termen fan boppe en ûnder. Dêr kin ik eins min oer.’

 

Lêze
‘Der wurdt no klage dat bern dy’t op it VMBO komme, net goed lêze kinne. Ik kin dêr net goed de finger achter krije. Lêze is net allinnich it ferwurdzjen fan wurdsjes. Wy wiene altyd dwaande mei ferhalen en boeken. Jo kinne bern op ’e smaak bringe troch foar te lêzen. Ik hear no wolris dat men yn groep 8 net mear foarlêst! Dat kin ik my net begripe. It nimt in soad tiid, mar de bern fine it yn groep 8 ek noch prachtich! As bern út harsels net graach lêze, kinst se troch foar te lêzen dochs in hiel stik berneliteratuer meijaan. Soms lies ik in boek mar oant de helte en sei: ‘As jim witte wolle hoe’t it ôfrint, lêze jim sels mar fierder.’ Sa kinst fan bern dochs lêzers meitsje. No wurde se ôfrekkene op it technysk lêzen. Hoe fluch, hoefolle wurdsjes kinst, watfoar tekst kinst oan. Mar asto bern bybringst dat lêzen de muoite wurdich is, is it net in skoalfak dat moát.

 

It belangrykste dat in ûnderwizer in bern meijaan moat, is selsfertrouwen.

 

Soms ha ’k myn twivels oft jonge kollega’s noch wol nijsgjirrich binne nei berneliteratuer. Hoefolle entûsjasme ha se der sels foar? Ast dat net hast, hoe silst dat dan mei hertstocht oerbringe op dy bern? In ûnderwizer moat besieling ha. It einresultaat fan bern is foar in part de besieling fan dyjinge foar de klasse. As ik op de PABO soms minsken achteroer hingjen sjoch, freegje ik my ôf: is dat no ‘de bloem der natie…’

It is de tiidgeast tink ik. Jonge minsken binne opgroeid mei maklik oppakken, ynternet, se ferdjipje har net mear, lêze gjin kranten. Dat kin ik my net foarstelle, mar dat moatst akseptearje. Fan ’e moarn lies ik yn de Volkskrant in ûndersykje ûnder bern op de basisskoalle. Wat fine se it alderbelangrykste, no’t de kompjûter hieltyd mear brûkt wurdt yn de klasse en bern yn groepkes selsstannich wurkje moatte. No, sawat alle bern antwurden: de juf of master. It ferhaal, de oanwêzichheid, de lieding by it sosjale gebeuren, de yntervinsje as der wat is… Sa wêzentlik foar bern.’

‘Fertelle ferdwynt ek út it ûnderwiis, fernim ik. Bern groeie op yn in byldkultuer. Mar ferbylding moat ek ûntwikkele wurde. Myn eigen ûnderfining is dat bern ûnûntkomber boeid binne as ik in ferhaal fertel. Faak wurdt tocht dat film en byld wat ekstra’s jout oan in ferhaal. Mar nee, watsto opropst mei in ferhaal yn de binnenwrâld fan in bern, dat is it ekstra. Dy ferbylding moatst oansprekke. As persoan foar de klasse bist net ûnbelangryk, dat elemint moatst dus noait út it ûnderwiis weihelje. Dan wurdt skoalle in ynformaasjeromte mei ynstrukteurs dy’t bern dingen leare. Mar it giet om de totaliteit, as ûnderwizer bist oan it foarmjen. Dat idealisme ha ’k altyd holden.

Op de PABO ha ’k koartlyn workshops jûn yn fertellen. Dan krijst studinten wol mei, se snappe dat it goed is. Mar yn it hjoeddeistige ûnderwiis is hieltyd minder tiid foar it frontale klassikale gebeuren. Wylst dat sa belangryk is foar de sosjale gearhing yn de groep as gehiel. Bern wurkje faak yn nivogroepkes, mar moatst bern ek leare dat se elkoar wurdearje, dat elkenien meitelt, los fan al dy nivo’s. Dat wurd is trouwens al beskiedend, it hat yn him dat it wat útmakket. Ferhalen fertelle, spultsjes dwaan mei syn allen, wille meitsje. Dan docht it der net mear ta hoe goed ast leare kinst, dat is it betreklike, it mei der net ta dwaan. Om dy lekker te fielen, om frij te wêzen. Wêr giet it om, dat wy gelokkich binne.’

Yn in hoeke fan de wenkeamer is in taffeltsje mei boartersguod reservearre foar lytse Anne. Deeglik, houten boartersguod. ‘Ik bin dêr wat konservatyf yn. Gjin blingbling yn ’e hûs, fan dy dingen dêr’t se mar op in knopke hoecht te drukken en it is in krystbeam gelyk. Sa’n bern wurdt hartstikke gek. Mei sokke blokken kin se einleas boartsje.’

Mindert mei graach fytse mei syn pakesizzer foarop. ‘Wy sjogge de skiep en de hynders, hearre de fûgels en de kikkerts. It lytse famke hat my der nochris bewust fan makke wat belangryk is foar in bern.’

 

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 10, 2007.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels