By Wêda, Ty en Thuner

Publisearre op 1 juli 2011

JAAP KROL –

Willem Schoorstra skreau in roman oer de Fryske kening Rêdbâd. Schoorstra is net benaud om delikate of beladen ûnderwerpen oan te snijen, wat him as skriuwer orizjineel makket. Syn earste roman Swarte Ingels (2004, Fedde Schurerpriis 2005) gie oer in ferbeane leafde tusken broer en sus. De opfolger De ôfrekken (2007) hannele oer in heit-soanrelaasje, dy’t foarinoar oer de homoleafde bekenne. Rêdbâd, kronyk fan in kening is in weachstik yn dy sin dat der net sa’n hiel soad bekend is oer dy kening (±680 – 719) en de skriuwer syn ferhaal basearje moast op net al te folle boarnen en – plat sein – in grutte fantasij. Terjochte is it dan ek gjin histoaryske roman wurden, mar in kronyk – fazen út it libben fan.

It ferhaal wurdt foaral ferteld út it perspektyf wei fan Rêdbâd syn fertrouling Hadagrim, dy’t syn master adorearret en sa eins noch fanatiker is as de kening sels. Dat bewiist er troch Rêdbâds heit, kening Aldgillis, te fergiftigjen, om’t er net wachtsje kin tegearre mei syn bloedfreon de striid oan te gean tsjin de Franken. De oarloch tusken Rêdbâd en de Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal (±645-714) wie in clash tusken de beliders fan de Germaanske natoerreligy en de hieltyd machtiger wurdende Roomske Tsjerke en kristlike keningshuzen, mei as heechste ynset de wetterrûtes om de Ryn hinne. Der stiet foar Rêdbâd dan ek hiel wat op it spul: de ear, de romte en, foaral, de saneamde frijheid fan it Fryske folk, sa’t dat libbe om 700 hinne tusken, rûch sein, de Weser en de Skelde.

Hadagrim en Rêdbâd groeie as bern foar in part tegearre op en wurde dus foar in part tegearre ynwijd yn de spesjalismen dy’t in kening him eigen meitsje moat: taktysk ynsjoch, politike tûkheid en fysike krêft. Parallel oan it libben fan dy twa fjochters rint dat fan Pepyn, dy’t as kristen oan de súdkant fan de Maas wennet en troch Schoorstra – miskien wol om’t er kristen is – foaral ôfskildere wurdt as in net sa hiel bot ferljochte despoat.

Hadagrim en Rêdbâd wurde grut, reizgje, fjochtsje en krije froulju en bern; wurde jaloersk, gleon, dronken en âld, mar witte harren freonskip symboalysk fêst te hâlden troch it dragen fan de saneamde hammer fan Thuner, in halsketting: ‘Bern wiene wy, doe’t wy de hammer krigen ta in teken fan ús freonskip. Thuner hat dy bân hoede, ek nei’t wy bloedfreonen wurden binne,’ lit Hadagrim ús witte (s. 316).

Twa sinnen dy’t eksimplarysk binne foar it boek. Wat ritme en spanning oanbelanget moat ik de skriuwer in grut komplimint jaan. Rêdbâd, kronyk fan in kening is in strak ferteld ferhaal, wêryn’t polityk gekonkel en taktyske alliânsjes fan in tiid dy’t sa fier fan uzes stiet helder en soms meislepend ferteld wurde.

Schoorstra hat eins in hagiografy oer Rêdbâd skreaun, dy’t libbe yn in tiid wêryn’t dat sjenre tige populêr wie. De nommelens en krêft fan de kening wurde sketst yn it ljocht fan de striid foar it behâld fan tradysje en kultuer, wat fansels in hiel modern tema is. Dat hat gefolgen. In hagiografy mei dan wol graach oerdriuwe, it hat binnen de hjoeddeiske taalmienskip ek wat grotesks, mei hierrige mannen dy’t inoars bloed hast drinke, muzikanten út it ‘lân fan de Ieren’ (s. 82), dy’t dêrom fantastysk muzyk meitsje kinne, en in druïde fan oersee dy’t syn foarfaars net ferjitte kin en dêrom sawol de Fryske as de Noardske goaden trou is.

Nim de goadefrou Fredou, dy’t Rêdbâd ynwijt yn de leafde. Op dat barren komt se letter werom, as se Hadagrim moetet by de Upstalbeam te Auwerk:

‘Sis tsjin Rêdbâd dat Fredou him ferwachtet foar in petear. Sadree’t wy ús ûnderkommen opset hawwe, stjoer ik ien fan de froulju om him op te heljen.’

Eins haw ik der argewaasje fan dat se my samar bestel jout, mar ik akselje net tsjin, wol it net slimmer meitsje as it is.

‘Ik sil it tsjin him sizze, frouwe, en sjen oft er gjin oanslach hat.’

‘Dat hat er net,’ antwurdet se. Sûnder op of om te sjen stekt se ôf. Folge troch oare goadefroulju ferdwine se djip yn it beammeguod, earne dêr’t noch gjin fjurren baarne.’ (s. 216)

Letter, as Rêdbâd ta kening keazen is:

‘Folk fan Fryslân! Harkje nei myn sizzen! De goaden hawwe sprutsen en de asega’s hawwe it ferstien. Bring fandinne it mied nei de fierste úthoeken fan it ryk: dat Rêdbâd, soan fan Aldgilles, troch minsken en goaden allyk útkard is om te hearskjen oer de lannen!’

Wer barst de mannichte út yn in grut jûchhei. Manlju stampe mei de fuotten, roppe en balte; froulju meitsje in heech, triljend lûd dat men oars allinne heart by in slach om de eigen ridders oan te fjurjen. (s. 228)

Dy kombinaasje fan formele oanspraak, natoermystikerige fjoerkes en folks gegalm – de dûnsjende bern ûntbrekke der noch mar oan – is in prima betinksel fan de moderne mins, mar dêrmei hat it ek wat betochts. Apokryf, sis mar, hielendal as je it ôfsette tsjin de passaazjes oer Pepyn fan Herstal, foar my de bêste dielen fan it boek. Wêrom?

De Ingelske histoarikus Tom Holland skreau mei Rubicon – Het einde van de Romeinse Republiek, in prachtich boek – prachtich yn de sin dat it foar de bûtensteander yn heldere taal in messkerp ynsjoch jout yn politike wetten en moares fan in ferfleine kultuer. Al is Pepyn foar ús Fryske helden oer in tikje karikaturaal, syn politike wrâld is betiden op syn Hollands skreaun: taastber, linich en ynformatyf. Yn dat ljocht fûn ik it spitich dat it personaazje Willibrord, de earste biskop fan de Friezen, delset wurdt as in hucheljend grifformeard lidmaat en net as in strateech of betûft misjonaris, bygelyks fergelykber mei Steve Jobs of Bill Gates, misjonarissen fan de digitale revolúsje. It folk fan Rêdbâd beropt him dan wol op de eigen kultuer, it antwurd is in wat goedkeape bespotting fan de kristlike kultuer, as hat dy fataal west foar de Friezen: ‘Wy libje yn in frij lân, dêr’t elk sizze kin wat er te sizzen hat. Sels sokken as de kristenen, dy’t nei myn betinken mei harren glêde praatsjes in gefaar foarmje.’ (dat seit Egisgar, de heit fan Hadagrim, s. 67).

It groteske oan Rêdbâds hâlden en dragen slacht dan ek op de idee dat der anno 2011 oait sa wat west hat as it Fryske paradys, mei Fryske ridders, Fryske sport en in Frysk panteon. Dat boadskip nim ik net serieus en dat bringt my ta myn kearnkrityk op dit boek: Schoorstra hat as skepper de irony net brûkt om syn hagiografy tagelyk fan lucht en krêft te foarsjen. Hadagrim en Rêdbâd binne deadlik serieuze minsken, dy’t de oansluting op de moderne lêzer misse.

It makket Rêdbâd, kronyk fan in kening fansels net mear of minder orizjineel. Sawol yn foarm as ynhâld bliuwt Schoorstra syn eigensinnichheid trou. Binnen de hjoeddeiske Fryske literatuer is er eins ien fan de moedichste skriuwers. Is dat no net hiel Rêdbâdiaansk?

 

Willem Schoorstra, Rêdbâd – Kronyk fan in kening, Friese Pers Boekerij 2011.

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 10 (2011), 6 (juny), s. 36-37.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels