Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma

Publisearre op 7 april 2011

Dizze bydrage is by it libben fan Trinus skreaun, doe’t noch neat op ferstjerren wiisde en boppedat in wat ôfstanlike benadering fansels spriek.

It is noch net de tiid om in biografy fan Trinus Riemersma te skriuwen. Dêr is de ôfstân noch net foar. Dat sa’n biografy der ienkear komt, hat alle kâns, want Riemersma is in sintrale figuer yn it Fryslân fan de ôfrûne fyftich jier. Hjir wurde oars net as mar inkelde dingen fêstlein. Der riist in byld út op fan in dreaune skriuwer mei in missy en tydlik ek in dreaune wittenskipper, as dy de skriuwer foar in skoft ferfangt.

Riemersma sels moat foar ’t neist net folle fan biografyske saken hawwe, want hy hat altyd útholden dat libben en wurk amper of net mei elkoar te krijen hawwe. Syn fiksje wiist lykwols wol oars út. Ek as it dêryn net om syn eigen libben giet, dan is der hast altyd noch wol syn eigen Fryslân dat him as skriuwer dwaande hâldt. Sa soe yn in biografy fan Riemersma net allinnich de fraach nei de ferhâlding tusken wurk en libben omtinken krije moatte, mar ek syn wjeraksel tsjin it lizzen fan in ferbân.

In biografyske skets te meitsjen is hjir dus net nei stribbe. It folgjende is net mear as in kronyk fan de foarnaamste dingen dy’t yn it libben fan de skriuwer plak hân hawwe, dingen dy’t fan belang lieken foar de foarming fan minske en skriuwer. Sa wurdt fansels dat út it libben neamd wat yn it wurk ferwurke wurdt. Belangryk foar it wurk lykje dêrneist ek de ynfloed  fan oaren en it ôfsetten tsjin minsken of krekt it byfallen. Wat dy minsken oangiet,  kin men neist famylje en oan freonen en generaasjegenoaten as Josse de Haan, Meindert Bylsma en Steven de Jong ek tinke oan âldere byldbepalende kopstikken as Ype Poortinga, Anne Wadman, Douwe Tamminga, Lolle Nauta, E.B. Folkertsma en Tony Feitsma.

Mei de iene út dat rychje is er oplutsen, mei de oare hat er striden, soms ek wol noris striden en dan wer oplutsen. Stride hat er letter ek altyd dien, stoffe ta argewaasje wie der altyd in soad, mar it hawwe benammen de jierren sechstich west dy’t Riemersma syn histoarysk plak yn de Fryske skiednis jûn hawwe. Hy wie it faak dy’t de kat de bel oanbûn yn konflikten tusken generaasjes, dy’t krekt doe allegearre spilen. Ferwert mei syn starre stânsferskillen en mar leafst fjouwer  tsjerkerjochtingen hie him as arbeidersjonge in goeie learskoalle west (gjin niget dat er him yn it jeugdich fermidden fan kweekskoallematen en KFJ sa thúsfield hie).

Riemersma is in man fan útsprutsen mieningen, op papier teminsten. Oars kenne de measten him trouwens ek net en soe er miskyn ek net kend wurde wolle. Hy wol kend wurde as skriuwer. Skriuwer te wêzen liket ien fan syn foarnaamste driuwfearren as minske. Neist dy oanstriid om mei útsprutsen mieningen te kommen is der de niget oan it ekspearimint. Dêr sil ek wol in persoanlike kant oan sitte, mar hjir is it dochs foaral de skriuwer dy’t de motor geande hâldt. Dy siket altyd wer nije foarmen, fariearjend wat er earder al dien hat. In skriuwer pur sang dus? Miskyn wol. Op de mulo siet  er al fol ferhalen.

1938
Trinus Riemersma wurdt as jongste yn in húshâlding fan fjouwer bern op 17 maaie te Ferwert berne. It doarp hat trije legere skoallen, in iepenbieren, in herfoarmen en in gereformearden, en trije tsjerken, in herfoarmen, in gereformearden en in frijmakken. De Riemersma’s binne ortodoks Herfoarme, lykas de oare Herfoarmen dy’t yn Ferwert nei tsjerke geane. De frijsinnigen tsjerkje yn Hegebeintum. Riemer Riemersma (1904 – 1986), de heit, is boere-arbeider, Grytsje Zijlstra (1902 – 1988), de mem, docht de húshâlding.

Broer Sytse (1933-1997) makket yn 1945, as er dus tolve jier is, in rymstik yn it Frysk op it weromkommen fan de klokken dy’t yn 1943 troch de Dútsers nadere wienen. It makket grutte yndruk yn it doarp.
Yn De reade bwarre hat Riemersma syn jongesjierren beskreaun. De heit krijt yn dat boek in soad omtinken.


1945
Nei de herfoarme legere skoalle. Hie oant syn sechste amper kunde oan de bern út ’e buorren. Oant dan ta hie er meast mei syn heit mei west nei de pleats fan K.D. Miedema. Dy wenne bûtenút. Hy boarte dêr mei de beide jonges fan de boer. Der is in kykje út dy tiid fan him bewarre dat er op it foarkret fan in wein sit.


1951
Nei de kristlike mulo te Ferwert. Yn ’e fakânsjes loflûke en ierappelsykje by Ferwerter gernieren.


1953
In jier of fjirtjin-fyftjin âld skriuwt er in gedicht (dat net bewarre is). Hy wie ta skriuwen kommen troch it dichtsúkses fan syn broer Sytse mei dy klokken.


1954
Slagget troch it oerslaan fan in klasse foar de mulo en giet nei de kristlike kweekskoalle yn Dokkum.


1956
Omdat er mar arbeider wie, wurdt de heit  keard út de tsjerkerie. Hy wie foardroegen troch mear as it nedige tal fan tsien gemeenteleden, mar de tsjerkerie sette him net op de foardracht.


1958
Wurdt mei oaren út de klasse lid fan de Kristlik Fryske Jongerein (by ôfkoarting: KFJ), dy’t dat jiers oprjochte waard mei klasgenoat Jaep Dykstra as foarsitter. Makket syn debút as skriuwer yn de Gouden Tiid, it blêd fan de KFJ, mei in ferhaal oer in fint yn in bus. Skriuwt fan 1958 oant 1960 in protte bewegingsartikels yn it blêd. Docht aktyf mei yn boekekampen en wykeinen mei kabaret en Fryske tsjerketsjinst op Staniastate.
Slagget foar de ûnderwizersakte. Wurdt om it burd, dat er yn ’e fakânsje stean litten hat, wegere op de kweekskoalle yn Dokkum en begjint dan oan de haadakte op de herfoarme kweekskoalle te Ljouwert.


1959
Wurdt yn maart redakteur fan de Gouden tiid. Yn it maartnûmer hat er in literêr ferhaal, Flinterstrikje.
Abonnearret him op de literêre tydskriften De Tsjerne en quatrebras. Brekt de stúdzje foar de haadakte ôf omdat er der gjin nocht mear oan hat en moat dan yn tsjinst. Desertearret oan twa kear ta, ien kear nei Dútslân en ien kear nei Heusden. Wurdt fjirtjin dagen finzen set en bedarret letter yn  Austerlitz, wêr’t allerhande soldaten sieten dy’t problemen hienen of hân hienen. Makket dêr echte maten en hat der in soad wille.


1960
Wurdt nei acht moanne tsjinst ôfkard. Skriuwt as opstel foar de LU-akte Frysk in koart ferhaal, Arkaz, oer syn tiid yn Austerlitz, dat yn de Gouden Tiid fan 1961 publisearre wurdt. Publisearret dat jiers yn de Gouden Tiid  ek trije artikels oer ûlebuorden. ’It wie de mystyk en de symbolyk dy’t my doe oanloek,’ sa ferklearre er letter.
Fjirtjin dagen nei’t er ôfkard is, hat er al in beneaming oan de kristlike skoalle yn Gau. De skoalle wie yn 1959 gearfoege út in herfoarme en in gereformearde skoalle yn it doarp. Riemersma jout les oan de klassen ien en twa. Hy komt yn Gau yn ’e kost. Omdat de juffer noch net fuort is, is er earst trije moanne op ’e Kondinsfabryk yn Ljouwert  oan ’t wurk. Syn ûnderfiningen dêr ferwurket er in pear jier letter yn Fabryk, syn earste roman.
Folget by Jehannes Boersma, it haad fan de skoalle yn Gau, de oplieding foar de LU-akte Frysk.


1961
Trout mei Antsje Swart. Se komme te wenjen yn Loaiengea, net mear as in pear huzen by in klokkestoel. Der komme tusken 1961 en 1969 fiif bern, Redmer, Friduwih, Thiadmer, Liafbern en Hrodbern. Begjint oan de Noardlike Leargongen te Ljouwert mei de stúdzje Frysk MU-A, dêr’t er yn 1964 foar slagget. De lessen literatuer fan dr. Ype Poortinga stimulearje him tige. Wurdt stiper fan de Fryske Akademy.
Betanket yn desimber 1961 as redakteur fan de Gouden Tiid, omt er it mei it bestjoer net iens is oer de ynhâld fan it blêd, mar ek omdat er him as troud man net mear yn it fermidden fan it KFJ thúsfielt.


1962
It Haadbestjoer fan it Kristlik Frysk Selskip (by ôfkoarting: KFS) giet yn july akkoard mei it útstel fan de Kommisje fan Redaksje fan de Stim fan Fryslân om him ta lid fan dy Kommisje te beneamen.
Jout yn de Gouden Tiid fan augustus 1962 yn syn stik ’Striepop fan it Wadmanisme’ in genedeleas oardiel oer Anne Wadman syn roman De oerwinning fan Bjinse Houtsma.  It is syn earste literêre besprek.
Wint in priis yn de Rely Jorritsmawedstriid mei syn ferhaal ’Minske tusken himel en ierde,’ dat syn twadde desersje beskriuwt. Wint ek Rely Jorritsmaprizen yn 1963, 1965, 1969, 1971 en 1972.


1963
Wurdt yn july troch it Haadbestjoer fan it KFS ûntslein as redakteur fan de Stim om syn artikel ’Kneedbom foar it HB,’ dat er net nei it sin fan it HB feroarje woe. Yn de redaksje sitte dan ek ds. Bernard Smilde, Jehannes Terpstra en Durk van der Ploeg.
Skriuwt Fabryk mei Frysk Wurdboek op tafel. Letter skriuwt er sa’t er it seit en thús yn Ferwert leard hat. Fabryk is yn it manuskript opdroegen oan Jo Smit, yn de publikaasje oan Anne Wadman. Der wurdt yn it boek hiel wat ôfredenearre oer God en leauwen. Riemersma neamt Prediker syn favorite bibelboek en Schuld en boete fan Dostojewsky as in boek dat ynfloed op him hân hat. Kafka hat ek spoaren neilitten.


1964
Hellet MU-A Frysk, en soe trochgean wolle foar MU-B, mar der binne net genôch kursisten. Begjint dan mei MU-A Nederlânsk oan de Noardlike Leargongen te Ljouwert. Mei de Boekewike yn oktober ferskynt Fabryk. Op oanstean fan de útjouwer, De Fryske bibleteek, wienen in stikmennich yn dy syn eagen al te realistyske eleminten, benammen oer it Kondinsfabryk, derút rekke. Lolle Nauta krijt yn novimber in eksimplaar fan Douwe Tamminga kado.


1965
Op 16 maart wurdt moarns foar skoaltiid in famke by him út ’e earste klasse foar skoalle deariden. Yn Minskrotten-Rotminsken sil er dêr it oare jiers oer skriuwe.
Wurdt tagelyk mei Lolle Nauta redakteur fan it literêre tydskrift De Tsjerne. Se komme yn it plak fan E.B. Folkertsma en Fedde Schurer. De oare redaksjeleden binne dan Sjoerd Leiker, Durk van der Ploeg en Douwe Tamminga.
Jout in negatyf oardiel (’Skriuwe sûnder risiko’) oer de roman Kûgels foar in labbekak fan Anne Wadman, dy’t him dat nochal oanlûkt. Wadman, dy’t jierrenlang suver alle nije Fryske boeken resinsearret, hat nea wurk fan Riemersma besprutsen. Yn syn autobiografyske bondel  Mei Abraham fûstkje (1969) hat er lykwols net folle goeie wurden foar Riemersma oer as er it opnimt foar Douwe Tamminga. Dy hat lykwols altyd in goeie ferhâlding mei Tamminga hân.
Begjint mei it skriuwen yn in eigen stavering.


1966
Op suggestje in pear jier earder fan Ype Poortinga begjint er mei in rige fan seisentweintich besprekken fan koarte ferhalen fan ûnderskate Fryske skriuwers út de tweintichste ieu. It earste, oer Hessel Miedema, komt yn 1966 yn De Tsjerne, de oaren yn it ûnderwiistydskrift De Pompeblêdden (1967-1970). Fjouwer stikken sille yn 1974 noch folgje. Se wurde yn 1977 bondele en yn breder ramt set yn It koarte forhael yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu.
Yn maart ferskynt Nader tot U fan Gerard Kornelis van het Reve, dy’t dan yn Greonterp wennet. It boek makket op Riemersma grutte yndruk, al wie it allinnich mar om it gedicht ’Graf te Blauwhuis’ mei de bekende rigel: ’Dat Koninkrijk van U, weet U wel,/ wordt dat nog wat?’ Dêr docht in ferneamde passaazje oer de dea fan it famke út syn klasse yn syn eigen Minskrotten-Rotminsken fan datselde jier sterk oan tinken. Lykas Van het Reve yn Nader tot U nimt hy yn De hite simmer achteryn ek gedichten op. Der binne ek oerienkomsten mei De pest fan Camus. Mear yn it algemien is der yn dit net mear psychologisearjende boek ynfloed fan Jo Smit syn essay ’Modern proaza.’
Der ûntstiet in fûleinige diskusje oer Bauke de Jong syn essay oer anti-semitisme yn stikken fan E.B. Folkertsma, dy’t liedt ta twa kampen yn de literêre wrâld yn Fryslân. Der komme plannen ta in fúzje tusken de trije Fryske literêre tydskriften, De Tsjerne, Asyl en Quatrebras. Mei-oprjochter fan De Tsjerne, Douwe Tamminga, lûkt him mei yngong fan 1967 werom as redakteur. De plannnen geane lykwols net troch omdat de stichting Je Maintiendrai, de útjouwer fan De Tsjerne, dertsjin is. Lolle Nauta, dy’t foar Bauke de Jong opkomt en op de fúzje oanstjoerd hat,  stapt dêrom út De Tsjerne. Riemersma bliuwt likegoed redakteur, wat him letter ferwiten wurdt troch Bauke de Jong en wat him noch wer letter der sels ta bringt om mei yngong fan oktober 1968 syn redakteurskip dochs noch op te sizzen. Hy ferklearret dan dat syn arguminten om lid te bliuwen net opweagje tsjin syn wurdbrek.
Wie yn jannewaris nei Gau ferhuze.Giet net folle nei tsjerke, wat tegearre mei de argewaasje dy’t ûntstien is oer it ferhaal fan de dea fan it famke yn Minskrotten-Rotminsken. Op âldjiersjûn wurde de glêzen mei kowestront bekûgele.


1967
It skoalbestjoer ropt Riemersma by him. It petear makket it earder minder as better en it rint derop út dat it bestjoer him ûntslacht. Riemersma giet yn berop by de Provinsjale Fryske kommisje fan berop foar bysûndere skoallen en wurdt yn it gelyk steld. Hy bliuwt oan skoalle, ek al sollisitearret er wol om in plak by it iepenbier ûnderwiis.
Hâldt op mei syn stúdzje MU-A Nederlânsk.
Wint foar syn roman Fabryk (1964) de Gysbert Japicxpriis. De jury wie ferdield. It minderheidsstanpunt, ynnommen troch prof. E.G.A. Galama, sleat oan by de wjersin fan kristlike kant yn it boek. Galama keas foar De fûke fan Rink van der Velde, in fersetsnovelle fan klassike alluere, de beide oaren foar Fabryk, in skokkend modern boek dêr’t in neurotyske haadfiguer yn ôfrekkenet mei âlde sekerheden. Fan Fabryk ferskynt yn novimber de fyfte druk. Der wienen doe al 5500 eksimplaren fan it boek ferkocht.
Hy wurket twa moanne stûf oan in nije roman, De reade bwarre, dêr’t er lykwols yn hingjen bliuwt. Neffens de opset soe it boek bestean út de libbensskiednis fan Harmen Bosma en de skiednis fan de Bwarristen, mei dêrtuskentroch krityske, nostalgyske en sentimentele teksten. Sa is it jierren letter úteinlik ek wurden. It wie ynspirearre op de ‘smjunteromans’ fan Günter Grass. Skriuwt dan de roman De hite simmer. Hy leit foar dit boek de omfang fan de ûnderdielen fantefoaren fêst en sil dat tenei altyd dwaan. De foarm is ynspirearre op Menuet fan Louis Paul Boon.


1968
Krijt addisjoneel honorarium fan it Fonds voor de Letteren foar syn publikaasjes yn 1967.
Mingt him yn de staveringsdiskusje, mar is noch net foar in offisjele feroaring. Wol pleitet er mei oaren foar ynfiering fan in ienfâldiger stavering op twatalige skoallen.
Stapt ein 1968 út de redaksje fan De Tsjerne. Wurdt dan lid fan de redaksje fan it nije tydskrift Trotwaer. It earste nûmer wurdt útbrocht as it lêste fan De Tsjerne.De redaksje bestiet fierder út Bauke de Jong, Steven de Jong, Leo Popma en Geart van der Zwaag. Riemersma lûkt him mei yngong fan 1 jannnewaris 1970 út it blêd werom, lykas ek Bauke de Jong.


1969
Wurdt keazen as lid fan de Maatschappij voor Nederlandse letterkunde.
Komt yn Trotwaer mei in ’Plan stúdzje Fryske literatuer 1900-1940.’ Tony Feitsma, wittenskiplik meiwurker Frysk oan de VU, iveret yn universitêr YSF-ferbân foar de oanstelling fan in reizgjend dosint foar literatuer oan de ûnderskate universiteiten dêr’t Frysk jûn wurdt. Sy hat Riemersma op it each. Letter wurdt Klaas Dykstra yn Grins beneamd.
Riemersma nimt it yn Trotwaer foar har op as se nei de dea fan Klaas Fokkema bûten it bestjoer fan it Taalkundich wurkferbân fan de Fryske Akademy keard wurdt. Ek, as se yn de staveringsdiskusje oer it Frysk opkomt foar in nije, sterk ôfwikende stavering.
Sollisitearret as konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum. Freark Dam wurdt beneamd. Riemersma keart him yn Trotwaer tsjin de yn syn eagen al fantefoaren beklonken saak.
Nimt mei Teije Brattinga en Geart van der Zwaag it initiatyf ta it oprjochtsjen fan in koöperative útjouwerij, bedoeld om it útjaan fan Fryske literatuer te befoarderjen. Oanlieding wie it ferset fan de Fryske útjouwers tsjin in staveringsferoaring, betingst is dat de besteande útjouwerijen har aktiviteiten op Frysk literêr gebiet stil sette. Dy útjouwerijen fiele der lykwols net foar, dat sa komt der begjin 1970 noch in útjouwerij by. Ta de earste leden heart ek Tony Feitsma. De KU, sa’t de útjouwerij by ôfkoarting komt te hjitten, sil ek wittenskiplik wurk útjaan. Dêrmei wurdt er in alternatyf foar de Fryske Akademy.


1970
Wurdt nei trije jier sollisitearjen by it iepenbier ûnderwiis ûnderwizer oan de iepenbiere twamansskoalle yn Hjelbeam. Hy jout les oan de trije leechste klassen. Haad is Josse de Haan. Riemersma ferhuzet mei de húshâlding nei Frjentsjer. It houlik rint op in skieding út. De bern bliuwe by de mem.
De kampen yn de Fryske skriuwerswrâld ferhurdzje: de Koperative Utjouwerij wurdt oprjochte, it Skriuwersboun ferieniget in oare groep as dy wêr’t Riemersma by heart, en der komt as alternatyf foar Trotwaer it tydskrift Alternatyf. Riemersma publisearret syn wurk tenei yn in eigen stavering.
Begjint oan de Noardlike Leargongen mei de kursus MU-B Frysk, dêr’t no wol genôch dielnimmers foar binne.


1971
Keapet in hûs op de Godsacker te Frjentsjer. Yn de hjerst rekket Riemersma in skoft mei sykteferlof. Hy hat trouplannen, mar sy ferbrekt krekt foar it trouwen de ferhâlding.
Hat literêre beswieren tsjin it takennen fan de Gysbert Japicxpriis oan Paulus Akkerman.


1973
Wurdt wer lid fan de redaksje fan Trotwaer. De oare redaksjeleden binne dan Willem Abma, Eppie Dam, Geart van der Meer en Alex Riemersma.
Nimt in hûn, earst in herdershûn en letter in labrador. Hat noch altyd in hûn.
Freget en krijt in stipendium fan CRM om him in healjier frij te meitsjen foar skriuwen. Skriuwt yn dy tiid twa boeken, Mon sûnder gesicht en Jest yn ’e Ardinnen.


1974
Stiet op de list fan de FNP foar de gemeenteriedsferkiezingen yn Frjentsjer.
Publisearret oer struktueranalize yn literatuer, en besprekt ûnder de neat oan dúdlikheid te winskjen oerlittende titel ’Retoer ôstjoerder’ Anne Wadman syn roman As in lyts baeske.
Publisearret syn romans Jest yn ’e Ardinnen en Myksomatoze, dy’t er sels mislearre achtet omdat er syn figueren opskipet mei syn eigen problemen en dêr as skriuwer net los fan komme kin.


1976
Poortinga makket dat Riemersma yn syn lessen oer folksferhalen op de MU-B oplieding yn ’e kunde komt mei it strukturalisme fan Propp. Hy publisearret yn artikelfoarm dan in stúdzje oer de morfology fon it mearke op grûn fan de mearkes yn Poortinga syn bondel folksferhalen De ring fan it ljocht. ’Einliken fûn myn timmermansgeast wat yn ’e literatuerwittenskip dêr’t ik hâldfêst oan hie. Wa’t myn dissertaasje lêzen hat, kin murken hawwe hoe’t it tinken fan Propp dêr yn trochwurke hat.’
Hellet de akte MU-B Frysk. Wurdt doktoraal studint Frysk oan de VU (wat dat jier mei in MU-B-diploma foar it earst koe).


1977
Literatuerwittenskipper Ko Pop jout ûnder de titel ’Een vlotte pen is soms gevaarlijk’ in negatyf oardoel oer It koarte forhael: it hat gjin teoretysk ramt, der is gjin each foar fertelperspektyf en it jout net ûnderboude (wearde-)oardielen.
Lûkt him as redakteur út Trotwaer werom. Wurdt lid fan it bestjoer fan it Literêrhistoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. De oare bestjoersleden binne Philippus Breuker, Jacobus Knol, Klaas Dykstra en Tineke Steenmeijer-Wielenga.


1979
Docht cum laude eksamen foar doktoraal Frysk. Syn skripsje foar taalkunde, dy’t fonologysk fan aard is, ferskynt yn boekfoarm ûnder de titel Sylabysjerring, nazzeljerring, assymyljerring, dy foar letterkunde as Type en talees, in stúdzje oer it fertelsperspektyf yn literatuer.
Wurdt wittenskiplik meiwurker foar letterkunde oan de VU. Krijt in oanstelling foar 4 jier om in dissertaasje te skriuwen. Kin yn Frjentsjer wenjen bliuwe.


1980
Trout mei Dineke Bos. Se krije twa bern, Welmoed yn 1981 en Sander yn 1983.
Yn Trotwaer wurde in pear fragminten publisearre fan De reade bwarre út it manuskript dat er al yn 1968-1969 skreaun hat. Hy skriuwt yn de ynlieding dat er foar’t neist it boek net ôfmeitsje sil. It giet oer problemen fan in eardere maatskippij en hy soe skriuwe wolle oer dy fan no.


1981
Yn syn roman De skjintme vurt ferbwólgwódde eksperimentearret er mei de frije yndirekte rede. Dat is yn syn eigen wurden de stylsoarte dy’t it mooglik makket dat de ferteller efter syn skepping ferdwynt en it hiele tink-, formulear- en fertelwurk oan syn personaazje oerlit. It is it boek mei de measte literatuer-teoretyske ynslach.
Literatuer – sa skriuwt er yn in skôging oer De Hoara’s fan Hastings fan Simke Kloosterman – moat kritysk meitsje oer de werklikheid en ta selskrityk oansette. As neo-marksist, dy’t oanslút by de ideeën fan de Frankfurter skoalle, hat er grut beswier tsjin it boek, omdat dêryn de maatskiplike en strukturele ferhâldingen fierhinne ûntkend wurde en de personale betrekkingen derfoar yn it plak skood wurde.
Sûnt 1 augustus 1981 is er as dosint letterkunde yn tsjinst by de oplieding Frysk fan de Noardlike Leargongen, earst foar inkelde oeren, letter ek foar oare fakken en dan as haaddosint foar trije dagen wyks. De Leargongen binne dan al lang opgongen yn de Noordelijke Hogeschool Nederland (by ôfkoarting: NHL).


1983
Hat syn nocht fan Trotwaer en seit syn meiwurking op. It blêd is him te blomlêzend wurden, hy mist in dúdlike redaksjekoers. Begjint yn eigen behear in ienmanstydskrift, De kul, dêrmei yn it literêre oanslutend by eardere ienmânsblêden fan Wadman en Tjitte Piebenga. Tony Feitsma jout mei oaren yn deselde tiid yn eigen behear it foaral taalpolitike Fryx út, dat bestien hat fan 1980 oant 1992. Neffens plan ferskine der tusken febrewaris 1983 en desimber 1985 trije jiergongen fan De kul, elk fan fjouwer nûmers. It blêd bestiet út in ferskaat oan genres. Der binne skôgingen, wêrûnder ien oer syn eigen wurk en skriuwerskip, polemyk, boekbeprekken en ek inkelde ferhalen, wêrûnder in oantal oersettingen fan ûnderskate genres fan saneamde folksliteratuer. Dêrmei makket er in ein oan wat er de meast opfallende eigenskip fan de Fryske literatuer neamt, it ûntbrekken fan schund en kitsch.
Broer Willem ferstjert, 51 jier âld.
De promoasje-oanstelling fan fjouwer jier rint ôf. Riemersma wurdt foar in part fan de tiid dosint foar literatuer oan de oplieding Frysk oan de VU. Under syn lieding wurde yn de rin fan de jierren troch studinten in oantal ûndersiken dien, dy’t in pear kear ta publikaasjes liede. Dat binne It Frysk folkstoaniel 1881-1890 (1987) en De KFFB yn literêr Fryslân I (yn 1992 útkommen, mar de ’Ferantwurding’ is datearre op novimber 1989).


1984
Promovearret op 6 desimber 1984 op syn stúdzje Proza van het platteland: een onderzoek naar normen en waarden in het grote Friese proza van 1855-1945. Promotor is Tony Feitsma, ko-promotor Elrud Ibsch.


1985
As ynterne publikaasjes fan de NHL begjint er foar syn lessen letterkunde mei de útjefte fan in oantal readers mei sekundêre literatuer op it gebiet fan de Fryske literatuer fan 1600 oant 1985. Ek jout er mei itselde doel de koarte ynhâlden fan de romans út dy’t er yn syn dissertaasje behannele hat.
Sweager Jan Sijens ferstjert, 57 jier âld.


1986
De heit ferstjert.


1987
Soan Liafbern einiget heech yn it Nederlânsk Kampioenskip skaken. Riemersma ûndersiket as dosint oan de VU neffens de metoade-Propp de struktuer fan in oantal folksferhalen út de sân bondels folksferhalen fan Poortinga. Hy dielt se yn trije typen yn, dy’t er it kontraktferhaal, it ûntsnappingsferhaal en it fersoeningsferhaal neamt. It ûndersyk liedt yn 1989 (op it titelblêd stiet 1988) ta it boek Morfology fan in trijetal folksferhaaltypen yn ’e samling folksferhalen fan Ype Poortinga.
Hy jout Ton Anbeek gelyk as dy (al yn 1972) fynt dat de struktueranalize allinnich relevant is by tapassing op teksten mei in standertplot en standertpersonaazjes en dus net gaadlik is foar ’hege’ of  ’avant-gardistyske’ literatuer.


1988
De mem ferstjert.
Lêst yn manuskript de autobiografyske roman De Wuttelhaven del fan Steven de Jong en pakt De reade bwarre wer op.


1991
De oplieding Frysk oan de VU wurdt opheven. Riemersma komt op wachtjild. Hy nimt ôfskie as bestjoerslid fan it Literêr-histoarysk Wurkferbân, dêr’t er de lêste jierren foarsitter fan west hat. Op dat stuit binne de oare bestjoersleden: Piter Boersma, Liesbeth Brouwer, Jelma Knol en Jelle Krol. Wurdt yn maart beneamd ta lid fan de provinsjale Advyskommisje Fryske literatuer.
Under syn lieding wurde dit jier de teksten foar it Frjentsjerter Strjitkabaret skreaun troch in skriuwerskollektyf. Oant dan ta skreau Tjitte Piebenga se meast.


1992
De KU giet op yn de AFUK. Mei Josse de Haan, Meindert Bylsma en Piter Boersma giet hy troch mei de KU as selsstannige útjouwerij.
Wurdt lid fan de redaksje fan de Literêre rigen fan de Fryske Akademy: Minsken en Boeken, Magnus, Iduna en Holder. Betanket yn 2004. Wurdt mei Tineke Steenmeijer-Wielenga en Philippus Breuker lid fan de redaksje fan de rige Fryske Klassiken, in projekt fan it Nederlands literair productie en vertalingenfonds op initiatyf fan de Stichting It Fryske boek. De rige bestiet út de werútjefte fan bekende romans en inkeld ek ferhalen dy’t ta de kearn fan de Fryske literatuer rekkene wurde. Yn 2000 wurdt it projekt ôfsletten. Der binne dan  seisentweintich boeken útkommen. Riemersma fersoarget der njoggen fan.
Yn septimber ferskynt yn in oplage fan 500 eksimplaren de roman De reade bwarre.
Begjint, ek yn septimber, mei in moannelikse kollum yn it wykblêd Frysk en Frij. As dat blêd ein 1997 ophâldt te bestean, giet er fierder yn Trotwaer en dêrnei yn de Leeuwarder Courant. De earste kollum dêryn is fan april 2002.  Syn kollums binne krityske reaksjes op aktuele kwestjes. Se hawwe lykas al syn wurk in provosearjend karakter. De lêzer moat wekker skodde wurde en los komme fan syn foaroardielen. Nei de foarm sitte se fol gekke foarbylden en fergelikingen.


1993
Stelt foar syn lessen literatuer oan de oplieding Frysk fan de Halbertsma-Akademy (in mienskiplike oplieding oan de Christelijke Hogeschool Noord-Nederland (by ôfkoarting CHN) en NHL te Ljouwert) in reader gear, Module-boek. De oplieding bestiet út in propedeuse, in twadde jier en in boppebou. Yn it tredde diel, dat foar de boppebou is en yn 1994 útkomt, stiet in omfangrike hantlieding foar de analyse fan de struktuer fan poëzy, proaza en toaniel. As reaksje op syn ferdjipjen yn it toaniel skriuwt er by wize fan tapassing it toanielstik Try-out.
Krijt longkanker. De dokters jouwe him nei in skoft net lang mear.


1994
De bestrieling is goed oanslein en de kanker jout him del, en nei’t mei de tiid bliken docht, ek foargoed. Kin as gefolch fan de sykte, mei it iene each net goed mear sjen. Is sels de iennichste dy’t syn eigen stavering noch korrigearje kin en giet dêrom oer op de offisjele stavering. It mankemint oan it each blykte efterôf mar tydlik.


1995
Betanket foar de provinsjale Advyskommisje Fryske literatuer, omdat der jild út brûkt waard foar wat oars sûnder dat der oerlein wie mei de kommisje.
Wint foar de twadde kear de Gysbert Japicxpriis, no mei De reade bwarre, in bysûnderheid dy’t ek foar Anne Wadman en Jan Wybenga jildt.


1996
De Fakulteit Underwiis fan de NHL moat besunigje en beëiniget de oplieding Frysk. Riemersma komt mei yngong fan septimber ek hjir op wachtjild en kin him sûnt alhiel oan skriuwen wije.
Begjint mei it bondeljen fan earder publisearre gedichten, Argewaasje fûn argewaasje jûn, en ferhalen, In fearn hûndert ferhalen.


1997
Broer Sytse (1933-1997) ferstjert.
Skriuwt in min tagonklike novelle yn pidgin-Frysk en ferteld yn rapportfoarm troch in romtereizger, Toate-los.


1999
Yn syn novelle Nei de klap ferpleatst de hanneling yn it wurk fan Riemersma him fan Fryslân nei it wrâldtoaniel.


2000
Begjint as mei Simmer 2000 de Slachtemaraton holden wurdt, mei einen rinnen. Reedriidt ek noch altyd.
Lit Jelke, syn hûn, as dy hast fersûpt is, in novelle skriuwe, Tinzen oer it libben en oer de dea. Dy ferskynt it oare jier en is foarlopich it lêste oarspronklik wurk dat fan him útkomt.


2002
Begjint mei kollums yn de Leeuwarder Courant. Earst giet it om in bydrage ien kear yn de fjirtjin dagen yn it fanâlds frij Fryske freedskatern, sûnt  2005 lykwols om guodden gewoan yn de krante sels en dan alle wiken. Hy giet by foarkar tsjin de communis opinio yn, bewust risiko’s nimmend. Sa wurdt him troch syn oardiel oer it Palestynske fraachstik anti-semitisme ferwiten. Gongen de kollums yn Frysk en Frij en Trotwaer faak oer Fryske kwestjes en persoanen, yn de Leeuwarder Courant geane se eins altyd oer aktuele politike en maatskiplike saken. Riemersma nimt wat ôfstân fan it Fryske wrâldsje, ek op oare terreinen. Op syn webstee Myn eigen eker ferklearret er in kear net mear oan literêre diskusjes mei dwaan te wollen.
Betanket foar de KU, dêr’t er troch de jierren hinne mei opmeitsjen en setten bergen wurk foar ferset hat. Wol tenei syn wurk yn eigen behear útjaan.


2003 en letter
As Josse de Haan ek út de KU stapt, rjochtsje se yn maart tegearre útjouwerij Venus op. Begjint op fersyk fan de redaksje fan Minsken en boeken mei it tarieden fan in útjefte fan syn literêr-krityske stikken. Oare bondelingen oer literêre kwestjes út de jierren sechstich sille folgje, ek ien mei in kar út syn kollums fan 1992 oant 2002..
Riemersma wurdt sekretaris fan de ’Vereniging Vrienden van de stad Franeker’, dy’t him ynset foar it behâld fan (it karakter fan) de âlde stêd. As er santich wurdt, moat er út it bestjoer.


2008
Hat in nije roman klear, De acht foar achten trein ,dy’t ûnderwilens ferskynd is.
Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels