Facing Nature

KAREN BIES –  ‘Om twa oere begjint de rûnlieding.’ In man triuwt my in briefke yn hannen mei ynformaasje oer de tentoanstelling Facing Nature. Ik bin einlings wer ris yn Museum Belvédère. De bern (‘Saai! Dy skilderijen ha wy al sa faak sjoen!’) haw ik omkocht mei de belofte fan wat lekkers yn it museumkafee. […]

Hoer

Achte hear Van den Berg, Dat ik mei in stel Friezen yn de kroech sit en it de heale jûn oer Grinslân giet. Dat oerkomt my net faak. En nee, it wie net om flauwe grappen te fertellen as ‘It is read en giet werom yn de tiid. De trein nei Grins.’ Nee, we praten […]

Luzen

KAREN BIES – De lêste kear dat wy mei kryst nei tsjerke giene, wie yn 2008. It moast en soe. De bern wisten amper wa’t it kindeke Jezus wie en ik bin hiel gefoelich foar krystferskes. ‘Ere Zij God’ fyn ik it moaiste. Ik hie no al in pear jier It Krystferhaal oan de bern […]

Deagewoan

Achte Giel, Coen en Paul, It is wer de moanne fan de golle goederjouskens. En dy waard prachtich ôftrape mei it oanwizen fan de paus as Persoan fan it Jier op de wrâld. Ditkear net troch syn eigen ghostwriter, mar troch de ierdske skriuwers fan Time. Terjochte, liket my sa ta. Ha jim de Kruispunt-reportage sjoen […]

Tankman

Achte hear Xiao Wang, Samar ynienen skeat it byld my wer yn ’t sin: de man dy’t yn 1989 yn syn ientsje in hiele rigele tanks tsjinhold op it Tiananmenplein yn Peking. It wite boesgroentsje, de earms slap nei ûnderen, yn beide hannen in tas, en dêr stied er. Poerlike allinnich, in michje tsjinoer al […]

Populistisch Volks-Vermaak

Achte hear Van der Galiën, Dat ha jo moai flikt. Yn de wike dat provinsjale polityk fermealle waard tusken de gemeenteriedsferkiezings en Haagse politisy dy’t hjir net wei te slaan wienen, slagge it jo om de spotlights te krijen op de steatefraksje fan de PVV. Nammerste knapper omdat de PVV gjin rol spilet yn dy […]

Slet

Achte hear Van Haersma Buma, Mei nocht en wille en sa no en dan in read earke siet ik sneon de slettenspesjal fan De Volkskrant te lêzen. It ûnderwerp ‘slet’ waard fan alderhande kanten beljochte, en dat smiet leuke, smoute mar soms ek echt ynteressante ferhalen op oer de oarsprong en funksje fan sletterich gedrach […]

Toyota

KAREN BIES –  It is smoarhyt en yn de fierte trillet de lucht boppe it asfalt. We ride op de Ofslútdyk, yn ús blauwe Toyota Corolla stationwagon, boujier 1999. De auto hat gjin airco mar arko: ‘alle raampjes kunnen open’. In âlde grap fan sunige minsken. It swit rint ús by alles del. Us auto […]

Leafdedea

Achte hear Zwezerijnen, De lêste dagen spoeket my hieltyd de titel fan in Frysk boek troch de holle. Nee, dat komt net troch al dat geskyt en gemiich yn dat lytse literêre wrâldsje. Dat is ek net fanwege dy romrofte list, dêr’t it âlde wurk fan Homme Eernstma op telâne kaam is. It sil wol […]

Buchmesse

KAREN BIES –  Utjouwer Mai Spijkers hat ris sein: ‘Schrijvers hebben niets te zoeken op de Frankfurter Buchmesse. Je gaat een koe toch ook niet eerst rondleiden in het abattoir.’ It is dus net ferwûnderlik dat de measte Fryske skriuwers leaver thúsbliuwe. Moatst sterk yn dyn skuon stean. Kinst wol in hiel moai boek skreaun […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.