Dizze tiid trillet

Publisearre op 31 juli 2014

TAMARA SCHOPPERT – 

‘As ús regear gjin romte frijmakket foar de keunsten yn it ûnderwiis, dan is dat toch dúdlik net ús opdracht?’

It fraachteken kin ik eins better fuortlitte, de toan is dy fan ‘dat-begrypst-toch-seker-sels-wol’.

Fyftjin leararen yn spee yn petear mei twa teatermakkers: wat fynsto dat de keunsten foar plak ha moatte binnen it ûnderwiis? De oankommende dosinten sitte yn it earste jier fan de oplieding Nederlânsk, Maatskippijlear of Skiednis. Fansels, dan bist noch jong. Dan bist tusken de achttjin en de fjouwerentweintich. Dan is it hawwen fan in fyzje en it kennen fan dyn eigen wearden sa no en dan noch knap wankel.

De tiid trillet. We fiele spanningen. We prate oer hoe ûnwis alles is.

Nei trije kear werom te kommen op syn opmerking oer De Haach en de eintermen dêr’t oan foldien wurde moat, lit er fûl witte dat ûnderwiis boppedat fansels gewoan kennisoerdracht is.

Net daliks it sterkste argumint om de keunsten links lizze te litten, seit de teatermakker, mar watst ûnder kennis ferstiest, is wer in oare fraach.

Leerdoelen en de polityk okee, mar wat sjochsto no séls as de funksje of it belang fan de keunsten, freget de teatermakker oan dizze skiednisstudint.

Hy besiket nóchris gjin persoanlik stânpunt yn te nimmen: as der gjin draachflak foar de keunsten is, sjocht er gjin reden om dêr tiid oan te besteegjen.

De teatermakker hat har nocht. Prima, it wurd keunst neame, is by wet ferbean. Lit ús oannimme dat der yn de klasse hoe dan ek net mear ynhâldlik diskusjearre wurde mei. Dan giet der gjin effisjinte lestiid ferlern en de skoalle kin garandearje dat de learlingen yn alle gefallen gjin miening of opfetting oplein wurdt. Dat is dúdlik, dat is safe. Oft de learling dy miening sels foarmet en toetst, by leeftydsgenoaten of by in folwoeksen soartgenoat mei mear libbensjierren, is net oan de skoalle, mar de ferantwurdlikheid fan de learling sels of fan syn of har opfieders.

Jongehear skiednisdosint, nimst dat ek oan sûnder dy ôf te freegjen watst dêr fan fynst?

It liket as meitsje ik my drok oer hoe treurich it steld is mei de idealen fan jonge leararen. Dat ik skrokken bin fan de ûnferskilligens, de folchsumens. Miskien komt it oer as bin ‘k bang dat de keunsten gjin wurdearring krije en ferdwine sille.

Nee. Dêr bin ik no hielendal net benaud foar. Ik fernuverje my oer de ferskillende wrâlden en oer hoe’t we tusken twa tiden lykje te skipperjen.

De tiid trillet. We fiele spanningen. We prate oer hoe ûnwis alles is.

Tagelyk skriuwe kultuerfilosofen sûnt 2010 oer it achter ús litten fan it postmodernisme: dêr’t we earder konvinsjes ôfbrekke en dekonstruearje woenen, wolle we no bouwe oan nije foarmen. Sy konstatearje dat der yn de keunsten wer romte is foar entûsjasme en idealisme. Der is in sensibiliteit te fernimmen. Irony en synisme bûge om nei optimisme en langstme nei de grutte ferhalen.

Ik leau dat de keunsten ús fertelle yn watfoar tiid we libje. De keunsten rinne foarop.

Us jonge skiednisdosint sil fertelle oer hoe’t it is en west hat, de jonge keunstners litte sjen wêr’t we stean en hinne gean kinne.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 60.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]