Sop-a-dom

Achte túnkers en boeren,

Even tocht ik dat Cambuur in nije spits út Súd-Korea oanlutsen hie. Sop-a-thon. Mar it wie noch folle slimmer.

Wylst der hûnderten kilo’s tomaten fan in wrede sinleaze dea rêden waarden troch in strûs nommele Flora Nightengales, ried ik oer de Gernierswei. De lytse pleatskes en ekerkes hawwe allang plak makke foar grutte loadsen en kassen. It liket hiel wat. Flinke bedriuwen. Tsientallen bunders tomaten, komkommers, paprika’s. Sneu dat dy net smeitsje yn it sop. Of soe der nochris in paprika bucket challenge komme?

Ik mei hoopje fan net. Want ik fyn jim dom.

Moat de oerheid, de maatskippij, no ynienen wer byspringe mei miljoenenfergoedings en sop-a-thons?

Ien produkt leverje, en foar de ferkeap dêrfan folslein oerlevere wêze oan krêften dêr’t jo nul ynfloed op hawwe, wat foar ûndernimmer wol dat no? Yn gjin inkelde sektor ken ik se, útsein by jim. In oannimmer dy’t ien type hûs bout en duldsum ôfwachtet oft immen dêr wat in knap pryske foar betelje wol? Bestiet net. In autofabrikant? In software-ûntwikkelder? Ferjit it mar.

Jim dogge it wol. Alles op de tomaat, alles op de tulp, alles op de molke. Produsearje, produsearje. Kosten leech hâlde, en mar hoopje. Hoopje dat der fraach nei is, hoopje dat de priis oerein bliuwt. Slaven fan de merk. In merk dêr’t jim sels net iens mear op stean meie om jim eigen guod oan te priizgjen. Jim meie it anonym oanfiere en hearre letter wol wat it dien hat.

Jim hawwe it sels gebeure litten. Yn hûndert jier tiid, fan alsidige gernierkes mei de eigen streek as ôfsetgebiet, nei monotoan yndustrieel produsearjende bedriuwen mei de wrâld as ôfsetgebiet. Ruslân, Sina. Klinkt stoer. Kâns op fette winsten, da’s baas ûndernimmen.

Mar jim sizzenskip oer jim eigen produkt is mei sawat hûndert prosint ôfnaam. Dan kin it samar ynienen goed misgean. Dat wit ommers elkenien, dat jo noait op ien hynder wedzje moatte, mar it risiko spriede. Dus no’t dy Russyske merk yndondert net fuort huilie-huilie dwaan, asjeblyft. Moat de oerheid, de maatskippij, no ynienen wer byspringe mei miljoenenfergoedings en sop-a-thons? Dan is ûntwikkelingshelp oan earme lannen of it ferheegjen fan de bystân better, dat betellet him tenminsten werom oan de maatskippij.

De meast logyske stap soe fansels wêze om wer baas oer eigen bedriuw te wurden. Goeie relaasjes mei fêste, stabile ôfnimmers op te bouwen, dy’t jo kenne en begripe. Soargje dat jo net fan ien partij ôfhinklik wurde, soargje dat jo libben net ôfhinget fan ien produkt. Soargje dat jo duorsum yn balâns bliuwe mei jo natuerlike omjouwing. Alles sa goed mooglik yn de macht hâlde.

Mar ik bin bang dat jim allinnich mar noch mear en noch effisjenter produsearje wolle. Flechtsje nei foaren. Molke ferkeapje oan Fonterra en A-Ware omdat dy noch wol oan Ruslân leverje kinne en dus in sint mear betelje de liter. Dan mar de sweltsjenêsten fuortreagje omdat dat foarskrift is, fjildblommen en greidfûgels ferbalje omdat dy de opbringst yn it paad sitte. En mar hoopje dat in pear sleaukerts yn Sina net per ûngelok in Nij-Seelânsk fleantúch delsjitte ofsa. Of dat der in diktator of enge macht opstiet dy’t jim tomaten of blommen haram ferklearret.

En sa wurdt ús lânskip geandewei kealer, ús kwetsberens grutter, ús ynfloed op de eigen omjouwing minder en ús beurs leger. En moatte wy ús gewisse suverje mei, godbettere, sop-a-thons. En is de Gernierswei ús lêste herinnering oan hoe’t it ek kinnen hie.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.